Springe nei ynhâld

Daniël (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Daniël
Daniël mei de liuwen.
Daniël mei de liuwen.
Persoanlike gegevens
alternative nammenDaniel, Danyal, Beltesjassar (Babyloanyske namme)
berneom-ende-by 620 f.Kr.
berteplakwaarskynlik Jeruzalim
ferstoarnûnwis, om-ende-by 530 f.Kr.
stjerplakûnbekend, mooglik Susa of Babylon
leeftydnet neamd, mar op jierren
folkJoadsk
Famylje
heitnet neamd (fan keninklik bloed)
memnet neamd yn de Bibel
Bibelske rol
rolryksbestjoerder; profeet, riedjouwer fan keningen, sjenner
perioade7e en 6e iuw f.Kr.
bekend fande liuwekoai; it útlizzen fan dreamen; it skrift op 'e muorre
neamd ynDaniël
religieuze tradysjejoadedom; kristendom; islam

Daniël (Hebriuwsk: דָּנִיֵּאל, Daniyyel, betsjutting: "God is myn rjochter") is de haadpersoan fan it âld-testamintyske boek Daniël. Hy wie in joadske jongfeint fan aadlik komôf dy't yn 'e tiid fan 'e Babyloanyske Ballingskip yn 'e sechsde iuw f.Kr. mei de earste ballingen fan syn folk deportearre waard nei Babylon. Troch syn wiisheid en it fermogen om dreamen út te lizzen, brocht hy it ta ien fan 'e machtichste amtners oan it hôf fan 'e Babyloanyske en letter de Medoperzyske keningen.

It libben fan Daniël

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bibelboek Daniël beskriuwt hoe't in jonge balling troch syn trou oan God en syn bûtengewoane yntelliginsje oerein bliuwt yn in frjemde, heidenske wrâld.

Daniël oan it hôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Daniël leit de dream oan kening Nebûkadnessar út.

Nei de oermastering fan Jeruzalim troch kening Nebûkadnessar II waard Daniël tegearre mei syn freonen Chananja, Misjaël en Azarja nei Babylon brocht. Hja krigen in oplieding oan it hôf en nije nammen; Daniël waard Beltsassar neamd, Chananja Sadrak, Misjaël Mesjak en Azarja Abednego. Nettsjinsteande de druk om de Babyloanyske gewoanten oer te nimmen, bleau Daniël trou oan 'e joadske spiiswetten en hy wegere it iten fan 'e kening. God joech him yn it ferstân fan alle soarten geskriften en wiisheid, mar ek it fermogen om fizioenen en dreamen te ferklearjen.

Yn it twadde jier fan syn regear krige kening Nebûkadnessar in dream dy't er net begrypte. It pleage him bot en hy easke fan syn wizen dat hja him net allinnich de útlis joegen, mar ek de ynhâld fan 'e dream fertelden sûnder dat er dy sels útlei. Doe't nimmen dat koe, drige de kening alle wizen fan Babylon om te bringen. Daniël krige lykwols troch in fizioen fan God de dream en de betsjutting te sjen. Hy beskreau de dream fan 'e kening en ferhelle oer in reuseftich byld mei in gouden holle, in sulveren boarst, in brûnzen búk, de skonken fan izer en de fuotten fan izer en klaai. In stien dy't sûnder minskehannen fan it byld loskaam foel op 'e fuotten en fergruzele it byld. Daniël lei út dat it goud stie foar it ryk fan Nebûkadnessar en de oare metalen foar de riken dy't dêrnei komme soene. De stien symbolisearre in ivich ryk dat troch God sels oprjochte wurde soe. De kening wie sa ûnder de yndruk dat hy Daniël ta lânfâd fan de provinsje Babylon beneamde.

It skrift op de muorre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It feest fan Belsassar mei de skrift op de muorre, troch Rembrandt van Rijn.

Tsientallen jierren letter, oan 'e ein fan it Babyloanyske Ryk, krige Daniël op 'e nij in grutte rol ûnder it bewâld fan kening Belsjassar, de opfolger fan kening Nebûkadnessar. By in grut feest fan 'e kening ferskynde der ynienen in hân dy't in mysterieus skrift op de muorre skreau: Mené, mené, tekel, ûfarsin. Nimmen koe it lêze, oant Daniël helle waard. Hy lei út dat it in oardiel fan God wie: it ryk fan 'e Babyloaniërs soe ophâlde te bestean en ferdield wurde ûnder de Meden en Perzen. Dy nachts noch waard de stêd ynnommen en waard Belsjassar.

Daniël yn 'e liuwekoai, skildere troch Briton Rivière (1890).

Under de nije Perzyske kening Darius bleau Daniël in hege funksje hâlden, mar oergeunstige kollega-bestjoerders besochten him yn diskredyt te bringen. Hja wisten dat Daniël trou wie oan God en betochten in wet dy't it ferbea om ta in oare god of minske te bidden as Darius. De kening waard oerhelle om de wet te tekenjen. Neffens de tradysje koe in wet dy't troch de kening ûndertekene wie net mear werroppen of feroare wurde. Daniël bleau lykas ferwachte trou oan syn leauwe en luts him neat fan dy wet oan; hy bleau trije kear deis bidden foar syn iepen finster nei Jeruzalim ta. Darius mocht graach oer Daniël, mar koe de wet net feroarje en wie no twongen om syn eigen wet út te fieren. En sa moast Darius Daniël yn in koai mei hongerige liuwen smite. De oare moarns fûn de kening Daniël werom sûnder skram; God hie in ingel stjoerd om de bekken fan 'e liuwen ticht te hâlden. Dit makke sa'n yndruk dat de kening opdracht joech oan it folk om tenei de God fan Daniël te oanbidden.

Fizioenen en profesijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek Daniël bestiet út twa dielen: it earste diel beskriuwt syn libben oan it hôf, wylst yn it twadde diel syn fizioenen beskreaun wurde. Hoewol't dy fizioenen letter yn it boek steane, fûnen de earste dêrfan al plak ûnder it bewâld fan kening Belsjassar. Dy fizioenen binne apokalyptysk fan aard:

  • De fjouwer bisten: Daniël seach fjouwer grutte bisten dy't opfolgjende wrâldriken symbolisearren.
  • De Soan fan de Minske: Hy profetearre oer in ivige hearsker dy't fan God de macht oer alle folken krige.
  • De raam en de geitebok: In fizioen oer de striid tusken de Perzen en de Griken fan Aleksander de Grutte.
  • De santich wiken: In profesije oer de werbou fan Jeruzalim en de komst fan 'e Messias.
Tombe fan Daniël yn Susa.

Daniël libbe oant yn it bewâld fan kening Syrus de Grutte. Hy wie doe al in man op jierren. Hoewol't de Bibel net fertelt wêr't Daniël stoarn is, wurdt der yn 'e Iraanske stêd Susa in grêf fereare dat tradisjoneel oan him taskreaun wurdt. Daniël wurdt njonken Jesaja, Jeremia en Ezechiël yn it kristendom as ien fan de fjouwer grutte profeten sjoen.

Oare plakken dêr't it grêf fan Daniël wêze soe:

  • Samarkand, Oezbekistan: dêr stiet in mausoleum mei in ûngewoan lang grêf fan wol 18 meter. Neffens de leginde groeie de bonken fan Daniël alle jierren in bytsje. De feroverder Timoer de Grutte soe in relikwy (mooglik in earm) út Susa meinommen hawwe nei Samarkand om de stêd gelok en wolfeart te bringen.
  • Kirkuk, Irak: yn 'e sitadel fan Kirkuk stiet in moskee dy't neffens de lokale tradysje boud is op it plak dêr't Daniël tegearre mei syn trije freonen (Chananja, Misjaël en Azarja) begroeven leit.
  • Tarsus, Turkije: yn 'e Makam-moskee yn Tarsus wurdt ek in grêf fan Daniël fereare. Neffens in leginde waard Daniël dêr útnoege by in hongersneed en nei't syn oanwêzigens foar oerfloed soarge woene de ynwenners him net mear gean litte.
  • Ek de stêden Babylon (Irak) en Izeh (Iran) wurde soms neamd as mooglike rêstplakken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboek Daniël.