Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu
| Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu दादरा और नगर हवेली तथा दमन और दीव | ||
| It Portegeeske fort fan Diu. | ||
| Algemien | ||
| Lân | Yndia | |
| Haadstêd | Daman | |
| Grutste stêd | Silvassa | |
| Distrikten | 3 | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 586.956 (2011, gearfoege) | |
| Talen | Hindy, Gûdjaratysk, Konkanysk, Ingelsk | |
| Religy | Hindoeïsme 94,08% Islam 4,33% Kristendom 0,81% | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 603 km² | |
| Oar | ||
| Stifting | 26 jannewaris 2020 (fúzje) | |
| Tiidsône | IST (UTC+5:30) | |
| Offisjele webside | ||
| ddd.gov.in | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan de ferskate enklaves yn West-Yndia | ||
Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu is in unyterritoarium yn it westen fan Yndia. It bestiet út fjouwer aparte geografyske ienheden (enklaves) dy't ferspraat lizze oan 'e kust fan 'e Arabyske See en de grinzen fan 'e dielsteaten Gûdjarat en Maharashtra. It territoarium waard foarme troch de gearfoeging fan 'e eardere unyterritoaria Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu yn 2020.
It gebiet bestiet út in mingeling fan Yndiaaske kultuer en Portegeeske koloniale ynfloeden, dy't mear as 400 jier duorre hawwe. Wylst Dadra en Nagar Haveli mear lân en beboske binne, steane Daman en Diu bekend as histoaryske havenstêden mei fortifikaasjes en strannen.
Geografy en Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geografy fariëarret fan 'e beboske heuvels en rivieren yn Nagar Haveli (dêr't de rivier de Daman Ganga trochhinne streamt) oant de rotsige strannen en kalkstiennen kliffen fan Diu. It klimaat is tropysk: simmerdeis hyt en fochtich mei in swiere moesson-reinperioade tusken juny en septimber.
It gebiet fan it unyterritoarium is te ferdielen yn fjouwer parten:

- Dadra: In lytse enklave folslein omsletten troch de steat Gûdjarat.
- Nagar Haveli: In grutter gebiet tusken Gûdjarat en Maharashtra.
- Daman: In kuststêd oan 'e Golf fan Khambhat.
- Diu: In eilân foar de kust fan it skiereilân Kathiawar (Gûdjarat).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 16e iuw krigen [[Portegezen foet oan 'e grûn oan 'e westkust fan Yndia. Yn 1535 waard yn Diu in fort boud mei tastimming fan 'e sultan fan Gûdjarat, dat letter ûnder Portegeesk bestjoer kaam. Yn 1559 namen de Portegezen Daman yn, dat útgroeide ta in wichtige hannelspost.

Dadra en Nagar Haveli kamen letter stadichoan ûnder Portegeeske ynfloed en waarden benammen brûkt as agrarysk gebiet foar Daman.

Nei de Yndiaaske ûnôfhinklikens fan 1947 wegere Portegal de gebieten ôf te stean. Dadra en Nagar Haveli waarden yn 1954 troch lokale frijheidsbewegingen oernommen en bestiene oant 1961 as de facto selsbestjoer. Yn dat jier makke Operation Vijay in ein oan it Portegeeske bestjoer yn Daman en Diu.
Yn 2020 waarden de eardere unyterritoaria Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu gearfoege ta ien bestjoerlik gebiet, mei Daman as haadstêd.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e kuststêden Daman en Diu wennet in mjuks fan hannelers, fiskers en it neiteam fan 'e Portegeeske tiid. Yn Dadra en Nagar Haveli is de befolking hiel oars: dêr bestiet mear as 60% fan de minsken út Adivasi's (tribale mienskippen), lykas de Dhodia, Kokna en de Warli.

Hoewol't de Portegezen it roomsk-katolisisme yntrodusearren, is de mearderheid fan 'e befolking hjoed-de-dei hindoe. Dochs bliuwt de kristlike ynfloed sichtber yn 'e arsjitektuer en de feestdagen. It persintaazje kristenen liket te sakjen, mar dat komt foar in grut part troch de ûnbidige befolkingsgroei yn 'e yndustriële gebieten fan Silvassa en Daman, dêr't in soad hindoeïstyske arbeiders út oare dielen fan Yndia op ôf komme. De absolute oantallen kristenen binne relatyf stabyl bleaun. De moslimmienskip hat in sterke histoaryske bân mei de maritime hannel en de fiskerij yn Diu en Daman.
| Religy | % (2001) | % (2011) | Ferskil | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|
| Hindoeïsme | 94,19% | 94,08% | -0,11% | Dominant yn alle fjouwer enklaves. |
| Islam | 4,02% | 4,33% | +0,31% | Benammen konsintrearre yn 'e havenstêden. |
| Kristendom | 1,35% | 0,81% | -0,54% | Histoarysk wichtich yn Daman en Diu. |
| Sjainisme | 0,32% | 0,38% | +0,06% | Benammen ûnder de hannelsmienskip. |
| Sikhisme | 0,08% | 0,11% | +0,03% | Lytse mienskip yn yndustriële gebieten. |
| Oars / net opjûn | 0,04% | 0,29% | +0,25% | Ynklusyf boedisme en lokale stam-tradysjes. |
Yn 'e Portegeeske tiid (1901–1951) groeide de befolking hiel stadich. Der wie net in soad wurk en de gebieten wiene relatyf isolearre. Sûnt 1961 kaam in omslach; fral nei 1991 is der in spektakulêre groei fan it oantal ynwenners. De histoaryske sifers yn 'e tabel fan Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu fan foar 2020 binne byinoar opteld.
| Jier | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1941 | 1951 | 1961 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 62.138 | 64.195 | 63.535 | 74.341 | 82.259 | 89.255 | 107.964 |
| Groei | — | +3,3% | -1,0% | +17,0% | +10,7% | +8,5% | +21,0% |
| Jier | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2011 | ||
| Ynwennertal | 136.837 | 182.648 | 240.407 | 378.694 | 586.956 | ||
| Groei | +26,7% | +33,5% | +31,6% | +57,5% | +55,0% |
Toerisme en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de lizzing oan 'e kust en it relatyf frije belied (oars as yn Gûdjarat, dêr't in alkoholferbod jildt) is it unyterritoarium in populêr wykeinútstapke.
Yn Diu stiet it ymposante fort út 1535, dat oan trije kanten troch de see omjûn wurdt en ta de bekendste oerbliuwsels fan 'e Portegeeske tiid heart. Bysûnder binne ek de Naida-grotten mei harren bysûndere ljochtynfal; de rotsen waarden eartiids brûkt as boumateriaal foar Portugeeske gebouwen.
Yn Daman steane ferskate histoaryske tsjerken, wêrûnder de Bom Jesus-katedraal, dy’t ferneamd is om syn ryk fersierde fykwurk. Fierder yn it binnenlân, by Silvassa, leit de Vanganga Lake Garden, in park yn Japanske styl.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De natoer is in mjuks fan tropysk bosk en kustgebieten. Yn Dadra and Nagar Haveli is likernôch 40–45% fan it oerflak mei bosk bedutsen. Dy bosken besteane benammen út teak, mei bamboe en oare tropyske beamsoarten, en foarmje in wichtige griene sône tusken de yndustriële gebieten. Yn 'e bosken komme ûnder oaren panters, hyena’s en ferskate soarten harten foar. Ek is it gebiet ryk oan fûgels, benammen yn wettergebieten en lâns de kust.
In wichtich beskerme gebiet is it Wyldreservaat Dadra and Nagar Haveli, dat de natuer fan 'e útrinners fan 'e West Ghats beskermet. By Silvassa leit ek it Vasona Lion Safari, dêr’t de Aziatyske liuw yn in ôfsletten, semy-natuerlike omjouwing holden wurdt.
De kust fan Diu hat brede sânstrannen, lykas Nagoa Beach. De Hoka palmbeammen dêr binne yn 'e koloniale tiid troch de Portegezen ynfierd en komme yn Yndia mar op in pear plakken foar.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte minsken yn it unyterrtoarium wurkje yn 'e yndustry, de fiskerij en de lânbou.
Yn stêden lykas Silvassa en Daman fertsjinje in soad minsken harren brea yn fabriken, benammen yn 'e tekstyl- en plestiksektor. In grut part fan 'e arbeiders komt út oare steaten, lykas Bihar en Uttar Pradesh, om't der in grutte fraach nei wurkkrêften is.
Oan 'e kust, yn Diu en om Daman hinne, libje in soad minsken fan 'e fiskerij en it toerisme. Fiskers bringe alle dagen farske fisk oan lân, wylst oaren wurkje yn hotels en restaurants. It relatyf frije belied yn ferliking mei Gûdjarat lûkt in soad wykeintoeristen.
Yn it binnenlân fan Nagar Haveli wurkje in soad Adivasi yn 'e lânbou. Hja ferbouwe benammen rys en gierst. Dêrnjonken fertsjinje guon minsken by mei tradisjonele keunst.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as in gewoane dielsteat wurdt in unyterritoarium direkt bestjoerd troch de Yndiaaske federale oerheid yn New Delhi. It unyterritoarium Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu hat dêrom gjin eigen regear mei in Chief Minister. It bestjoer leit by in Administrator, dy't troch de presidint fan Yndia beneamd wurdt en út namme fan 'e federale oerheid hannelet. It territoarium hat ek gjin eigen wetjaande gearkomste; wetten wurde makke troch it nasjonale parlemint.
Dochs hat it gebiet fertsjintwurdiging yn 'e Lok Sabha (de Twadde Keamer fan Yndia), mei twa keazen leden: ien foar Dadra en Nagar Haveli en ien foar Daman en Diu.
Yn 2020 waarden de twa eardere unyterritoaria gearfoege om it bestjoer ienfâldiger en effisjinter te meitsjen. Daman waard de haadstêd en it sintrum fan it bestjoer. Foar rjochtspraak falt it territoarium ûnder it Bombay High Court yn Mumbai. Op lokaal nivo binne der keazen doarpsrieden (panchayats) en gemeenterieden. Dy hâlde harren dwaande mei praktyske saken lykas drinkwetter, ferljochting en lokale ynfrastruktuer.
It gebiet fan it unyterritoarium is ferdield yn trije distrikten (De ûnbidige befolkingsgroei yn Daman en Dadra en Nagar Haveli komt hast folslein troch de yndustrialisaasje. De sifers yn ûndersteande tabel foar 2001 binne de optelsom fan de doetiidske aparte gebieten).

| Distrikt | Haadplak | Ynwennertal (2001) | Ynwennertal (2011) | Groei (%) | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|---|
| Dadra en Nagar Haveli | Silvassa | 220.490 | 343.709 | +55,9% | Thús fan 'e Adivasi-stammen en grutte yndustry. |
| Daman | Daman | 113.989 | 191.173 | +67,7% | Histoaryske havenstêd en yndustrieel sintrum. |
| Diu | Diu | 44.215 | 52.074 | +17,8% | Toeristysk eilân mei in sterke fiskerij-tradysje. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia | |
|---|---|
| Dielsteaten | |
|
Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen | |
| Unyterritoaria | |
|
Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry | |
