Arûkûkaburra
| Arûkûkaburra | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Dacelo tyro | ||||||||||||
| Gray, 1858 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Arûkûkaburra of Arûkookaburra (Dacelo tyro) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Arûkûkaburra is in grutte iisfûgel en wurdt trochstrings 33 sm lang. De soarte hat in dikke, twakleurige snaffel. De kop fan 'e Arûkûkaburra is oant op 'e rêch ljochtbrún en wyt grimelich. Fan ûnder is de fûgel wyt oant ljochtbrún. De wjukken binne swart mei blau en de stút en de sturt binne hielendal blau.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Arûkûkaburra komt yn savanna's yn it súdlike grinsgebiet fan West-Papoea en Papoea Nij-Guineä en op 'e Arû-eilannen foar.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Dacelo tyro archboldi: de savanne's en gerslannen fan 'e Trans Fly.
- Dacelo tyro tyro: de súdwestlik fan Nij-Guineä lizzende Arû-eilannen.
De fûgel libbet yn lytse groepkes en hat in soad leven, mar hâld him meastentiids yn 'e strewellen en beammen op.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it geskikte ferspriedingsgebiet is de fûgel in algemiene soarte. It ferspriedingsgebiet is beheind, mar der is gjin oanlieding te tinken dat de soarte yn oantallen ôfnimt. Dêrfandinne wurdt de Arûkûkaburra op 'e Reade list troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
