Daan Remmerts de Vries
| Daan Remmerts de Vries | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| oar pseudonym | A.N. Ryst | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 5 april 1962 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| wurk | ||
| taal | Nederlânsk | |
| sjenre | jeugdliteratuer, literatuer | |
| prizen | Gouden Griffel, Sulveren Griffel, Vlag en Wimpel, Woutertje Pieterse Priis, Sardes-Leespluim | |
| jierren aktyf | 1990-no | |
| offisjele webside | ||
| DBNL-profyl | ||
Daan Remmerts de Vries (Ljouwert, 5 april 1962) is in Nederlânske skriuwer fan berneboeken en boeken foar folwoeksenen, ek is er yllustrator, skilder en muzikant.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Daan Remmerts de Vries folge de oplieding Tekenen en Handvaardigheid oan De Witte Lelie yn Amsterdam. Rillegau nei it ôfmeitsjen dêrfan is er mei fulltime skilderjen en skriuwen begûn. Yn 1990 debutearre er as berneboekeskriuwer mei Zippy en Slos, ferneamd nei syn eigen katten, yllustrearre mei linoaleumfiken.
Remmerts de Vries hat in soad reizge. Yn Newfoundland gie er op syk nei walfisken, yn de Pyreneeën hat er gieren bestudearre, yn Yndia hat er ûnder oare Aziatyske liuwen, wylde ezels en tigers fotografearre en filme. In soad fan dy ûnderfiningen komme werom yn syn boeken.
Remmerts de Vries hat nea kieze wollen tusken skilderje en skriuwe. Hy hat mear as tritich boeken yllustrearre. Yn 2010, nei oanlieding fan it boek Meneer Kandinsky was een schilder, hong in oersjoch fan syn yllustrative wurk yn it Gemeentemuseum Den Haag, no Kunstmuseum Den Haag.
Dêrby is er altyd frij byldzjend wurk meitsjen bleaun. Dit late yn 2019 ta in grutte solo-eksposysje yn Museum De Buitenplaats yn Eelde, en boppedat ta it mânske boek Liefde, je kunt me vinden bij de rivier (dat goed 500 wurken befettet).
Remmerts de Vries skreau inkelde (populêr) wittenskiplike wurken, ûnder oare oer Pokémon en oer de fynst fan it skelet fan in tyrannosaurus (T. Rex Trix in Naturalis, Leopold, 2016).
Yn 2017 stie er yn teäter HETPALEIS yn Antwerpen mei Yo Kandinsky, as ûnderdiel fan it programma De kleine lettertjes.
Hy skreau (tegearre mei Judith Eiselin) it feuilleton Cliffhanger foar de NRC, en inkelde maatskippijkrityske artikels foar deselde krante, ûnder oare oer wynmûnen en de jacht.
Yn 2019 skreau er Shteinpoist en Tic (oer twa aliens dy’t de ierde besykje) foar reklameburo Achtung! , yn opdracht fan Volkswagen.
Remmerts de Vries skreau (oant en mei 2019) 51 boeken foar bern. Hy hat ferskate prizen wûn, foar tekst sawol as yllustraasjes. Hy hat twa kear de Gouden Griffel krigen (yn 2003 en yn 2010), fiif kear in Sulveren Griffel en ien kear de Gouden Lijst (2014). Ek hat er in pear kear nominearre west foar de Woutertje Pieterse Priis en krige meardere Vlag en Wimpels. Yn 2021 waard de Theo Thijssen-priis oan him takend.
Hy hat seis boeken foar in folwoeksen publyk skreaun: IJspaleis (2003), Zo zal ik bij je zijn (2006) en Brave nieuwe wereld (2011) ûnder syn eigen namme. Under it pseudonym A.N. Ryst publisearre er De blauwe maanvis (2016), De nadagen (2018) en De harpij (2014). Oan dat lêste boek, dat in literêre sensaasje wurde soe, wurke er neffens eigen sizzen 23 jier.
Remmerts de Vries keas (úteinlik) foar dit pseudonym om syn folwoeksen boeken in earlike kâns te jaan by resinsinten en publyk, dy't nei syn ûnderfining minder gau oanstriid hawwe om in berneboekeskriuwer literêr serieus te nimmen.
Boeken fan Remmerts de Vries binne oerset yn it Dútsk, Sweedsk, Koreaansk, (Mandarynsk-)Sineesk, Arabysk, Italjaansk, Letsk en Marokkaansk.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yllustraasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yllustraasje út Zippy en Slos (1990)
- Foarkant fan De harpij (2014)
- Foarkant fan Meneer Kandinsky was een schilder (2010)
- Liefde, je kunt me vinden bij de rivier fan Daan Remmerts de Vries (2019)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|