Dûns (fearren)

Dûns (wittenskiplike namme: pluma) is by fûgels de ûnderste hûdbedekking. It bestiet út tige fine en sêfte fearkes, dy't suver mear op it hier fan sûchdieren lykje as op echte fearren. Piken hawwe earst ornaris inkeld dûns; de echte fearren groeie letter yn. Dûns isolearret tige goed tsjin 'e kjeld en wurdt foar dat doel ek in protte troch de minske brûkt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dûns bestiet út in hast ûnsichtbere kearn dêr't withoefolle sêfte, lange fezels ("hierkes") oan fêst sitte. Dy hierkes hawwe elts hûnderten minuskule wjerheakjes, dy't derfoar soargje dat alle dûnsfearkes mei-inoar ferweve reitsje en oaninoar fêst sitten bliuwe. Dêrtroch foarmje har tûzenen lytse luchtkeamers, dy't mei-inoar in grut folume oan waarme lucht fêsthâlde en tagelyk in barriêre foarmje tsjin kjeld fan bûtenôf. Op dy manear helpt it fûgels om by lege temperatueren har lichemswaarmte te bewarjen.

Minsklik gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omreden fan 'e sêftens fan dûns en teffens om't it treflik isolearret, wurdt it al sûnt minskewitten brûkt as folling foar bêdrêding, kjessens, sliepsekken en de fuorrings fan jassen. Oarspronklik wie sok dûns ôfkomstich fan fûgels dy't deade wiene by de jacht of waard it gearfandele út 'e nêsten fan fûgelsoarten dy't har nêst mei har eigen dûns beklaaie.
Tsjintwurdich wurdt it measte dûns sammele yn slachthuzen dêr't domestisearre plomfee slachte wurdt foar it fleis. Dûns is dan in byprodukt. De fûgels dêr't it om giet, binne fral nuete einen en nuete guozzen. Der binne ek rassen fan dy fûgelsoarten dy't spesifyk foar it dûns fokt wurde en wêrby't it fleis in byprodukt is. Wrâlds grutste produsinten fan dûns binne Sina, Poalen, Hongarije en Kanada, wêrby't Sina 70% foar syn rekken nimt. De totale wrâldwide produksje fan dûns leit om 'e 175.000 ton jiers hinne.

In protte bêdrêding wurdt hjoed oan 'e dei trouwens makke mei syntetysk dûns, dat goedkeaper is. Oan 'e oare kant is echt dûns miljeufreonliker en duorsumer om't der minder enerzjy foar de produksje brûkt hoegd te wurden. Ek hat it in hegere isolaasjewearde as syntetysk materiaal en kin it oan 'e ein fan 'e libbensdoer fan bgl. in dekbêd recycle wurde foar in nij dekbêd. Dat yn tsjinstelling ta syntetysk folsel, dat by it restôffal bedarret.
De bêste, seldsumste en dêrtroch djoerste foarm fan dûns is eiderdûns, dat fan eiders (Somateria) komt, in skaai fan einfûgels. Eiderdûns wurdt noch op tradisjonele, hânmjittige wize gearfandele út 'e nêsten fan 'e fûgels yn Iislân en noardlik Skandinaavje, op Nova Sembla en yn noardlik Sibearje. Sa'n 50–60 nêsten leverje 1 kg eiderdûns fan hege kwaliteit op en dêropta sa'n 21 g oan dûns fan legere kwaliteit, dêr't wat echte fearkes trochhinne sit. Der wurdt jiers mar 4 ton eiderdûns wûn, en 70% dêrfan komt út Iislân. In ienfâldich eiderdûnzen dekbêd koste yn 2021 5.116 Amerikaanske dollar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
