Springe nei ynhâld

Dûken

Ut Wikipedy
In dûkende man.

Dûken is it jin ûnder wetter bejaan, mei dêryn besletten dat men it wetter it earst rekket mei it boppelichem. As men it wetter it earst mei it ûnderlichem rekket, wurdt ynstee sein dat men yn it wetter springt. Ek is der faak sprake fan dat der by dûken in lytse of gruttere ôfstân ûnder wetter ôflein wurdt troch te swimmen. Dûken wurdt sawol dien troch minsken as troch ûnderskate bisten. Men kin dan tinke oan sûchdieren lykas seehûnen, seeliuwen, walrussen, otters, bevers, wetterrotten en wetterpipermûzen; fûgels lykas einfûgels, gintfûgels, hjerringslynders, dûkers (fûgels), seedûkers en pinguïns; amfibyen lykas kikkerts en salamanders; en reptilen lykas krokkedillen, seeskyldpodden, moerasskyldpodden en seeslangen.

Minsken hawwe ferskate manearen fan dûken ûntwikkele. Sa hawwe in protte lju der aardichheid oan om by rekreätyf swimmen yn it wetter te dûken, bygelyks fan 'e wâl yn in oerflaktewetter of fan in dûkplanke yn in swimbad. Dêr is ek in sport fan makke, it sportdûken of de dûksport, mei as spesjalisme it keunstdûken, dat in Olympyske status hat. By keunstdûken springt de dûker fan in hege dûkplanke en besiket dan foarôfgeande oan it reitsjen fan it wetter safolle mooglik akrobatyske toeren út it heljen. Syngroandûken is in foarm fan keunstdûken wêrby't twa dûkers njonkeninoar persiis tagelyk deselde akrobatyske toeren besykje út te heljen.

In djipseedûker.

Dêrnjonken dûke minsken ek yn oerflaktewetters om 'e natoer te bewûnderjen, bygelyks by in koraalrif op in tropyske fakânsjebestimming. Soks kin dien wurde troch te frijdûken (freediving), wêrby't men de siken ynhâldt, mar ek troch te snorkeljen, wêrby't men ûndjip ûnder it wetteroerflak sykhellet fia in snorkel dy't yn 'e mûle holden wurdt, en troch te djipseedûken, wêrby't men in soerstofflesse op 'e rêch hat en jinsels dêrút fia in slankje mei in mûlstik fan soerstof foarsjocht.

Dûken is beheind ta in djipte fan likernôch 40 m foar frijdûkers en snorkelders, ta in djipte fan 530 m foar djipseedûkers en ta in djipte fan 610 m foar dûkers dy't atmosfearyske pakken drage. Wat djipper men komt, wat kâlder it wetter is, mar ek wat grutter de wetterdruk is. Dat lêste kin swierrichheden opsmite as men neitiid te hurd wer omheech komt nei it oerflak. Soks hjit dekompresjesykte, en it kin slimme pine feroarsaakje en yn ekstreme gefallen ta de dea liede. Atmosfearyske pakken isolearje dûkers fan hege wetterdruk en de gefolgen dêrfan. Foar noch djipper dûken moat in ûnderseeër brûkt wurde.

Oarspronklik waard dûken yn 'e prehistoarje beoefene troch jager-sammelderkultueren om te spearfiskjen of seefruchten gear te fandeljen. Tsjintwurdich wurdt it benammen dien by wize fan rekreaasje en is it in populêr tiidferdriuw. Mar der besteane ek altyd noch beroppen wêrby't it yn hegere of minder mjitte in rol spilet. Sa makket de plysje gebrûk fan dûkers foar search and rescue-misjes (SAR) ûnder wetter, bygelyks as der in swimmer of siler fermist rekke is of as der oanwizings binne dat earne in lyk of bewiismateriaal yn it wetter leit. Yn 'e striidkrêften is djipseedûken en snorkeljen in feardichheid dy't fan belang is foar kommando's en mariniers foar elitemisjes. Ek yn 'e oaljeyndustry wurde by boarplatfoarms foar beskate putsjes noch wol dûkers ynset.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.