Dörte Hansen
Dörte Hansen | ||
skriuwer | ||
Dörte Hansen op de Frankfurter Buchmesse yn 2022 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dörte Hansen-Jaax | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 20 augustus 1964 | |
berteplak | Husum | |
etnisiteit | Noardfrysk | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
bekendste wurk(en) |
Altes Land, Mittagsstunde | |
prizen | sjoch tekst |
Dörte Hansen (Husum, 20 augustus 1964) is in Dútske skriuwster, sjoernaliste en taalwittenskipper. Se is bekend wurden troch har tige goed ferkeapjende en lauwere debútroman Altes Land, dy't yn Nederlân yn oersetting ferskynd is as Het oude land.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se is opgroeid yn Högel yn Noard-Fryslân. Thús waard allinne Platdútsk praat, earst op de legere skoalle learde se Standertdútsk. Nei de middelbere skoalle gie se nei de Christian Albrechts-Universiteit yn Kiel, dêr't se ûnder oaren linguïstyk en frisistyk studearre. Yn 1994 promovearre sy oan de Universiteit Hamburg. Neitiid wurke se as sjoernaliste by tydskriften en foar de radio.
Dörte Hansen is troud mei dokumintêre-regisseur Sven Jaax en hat in dochter. Fan 2005 ôf wenne sy mei har húshâlding yn Steinkirchen (Altes Land) en sûnt 2016 wer yn Husum
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tou latje tääle. Yn: Nils Århammar, Christina Tadsen, Ommo Wilts (Hrsg.): Skriiw fresk, Schriw frasch, Skriiv friisk. Teksten tu a fresk literatüürweedstridj 1989/90. Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt NF 1993, ISBN 3-88007-205-1.
- Transfer bei Diglossie. Synchrone Sprachkontaktphänomene im Niederdeutschen. Dr. Kovač, Hamburg 1995, ISBN 3-86064-292-8 (Zugleich Dissertation Universität Hamburg).
- "An weißer Milch klebt rotes Blut!" – Pastor Skrivers vegane Utopie. Yn: Nordfriisk Instituut (Hrsg.): Nordfriesland Nr. 164, Bräist/Bredstedt NF, desimber 2008.
- Altes Land. Romandebút. Knaus Verlag, München 2015.
- Yn it Nederlânsk útbrocht as: Het oude land (fertaald troch Lucienne Pruijs), HarperCollins, Amsterdam 2016, ISBN 978-94-027-1330-5.
- Mittagsstunde. Roman, Penguin Verlag, München 2018.
- Yn it Nederlânsk útbrocht as: Middaguur
- Zur See. Roman. Penguin, München 2022
- Yn it Nederlânsk útbrocht as: Naar zee
Literêre prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- 2015: leafste boek fan it jier fan de ûnôfhinklike Dútske boekhannelers (Altes Land)
- 2016: Usedomer literatuerpriis (Altes Land)
- 2019: Rheingau Literatur Preis foar Mittagsstunde
- 2019: Niederdeutscher Literaturpreis der Stadt Kappeln[1]
- 2019: Grimmelshausen Literaturpreis foar Mittagsstunde
- 2022: Mainzer Stadtschreiberin [2]
- 2022: Kunstpreis des Landes Schleswig-Holstein[3]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dörte Hansen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|