Springe nei ynhâld

Désiré (Megen)

Ut Wikipedy
Désiré
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oss
plak Megen
adresMûnestrjitte
koördinaten51°49'N 5°33'E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht24 m
boujier1873
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer28528
Webside
molen-desire.nl
Kaart
Désiré (Noard-Brabân)
Désiré

De Désiré is in nôtmûne yn it Noardbrabânske stedsje Megen yn 'e gemeente Oss. De mûne stiet tusken bebouwing oan 'e râne fan it stedsje.

De mûne waard yn 'e jierren 1873-1874 boud nei 't de âlde standermûne op it plak yn 1872 ôfbaarnd wie. De Désiré is in rûnen stiennen stellingmûne út 1865 en hat in flecht fan 24 m. Eartiids wie de mûne in bast- en nôtmûne. Bast waard eartiids brûkt yn 'e loaierij.

Yn 'e jierren 1950 foel de mûne stil, mar yn 1972 waard de mûne restaurearre. De mounder hat doe de mûne de namme fan syn jongste dochter Désiré jûn. Yn 2015 waard in grutte restauraasje útfierd troch de stifting Behoud Molen Désiré, dy't de mûne wer hielendal yn âlde steat werom brocht.

Bysûnder is dat de mûne njonken twa koppel mealstiennen foar nôt ek in autentyk koppel mealstiennen foar it meallen fan bast bewarre hat. De mûne is mealree en wurdt hjoed-de-dei troch frijwilligers betsjinne. De mûne is regelmjittich iepen foar besichtiging.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: