Déjà Vu (film út 2006)
Déjà Vu | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Tony Scott | |
produsint | Jerry Bruckheimer | |
senario | Bill Marsilii Terry Rossio | |
kamerarezjy | Paul Cameron | |
muzyk | Harry Gregson-Williams | |
filmstudio | Touchstone Pictures Jerry Bruckheimer Films Scott Free Productions | |
distribúsje | Buena Vista Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Denzel Washington Paula Patton | |
byrollen | Val Kilmer Adam Goldberg Erika Alexander Jim Caviezel Elden Henson Bruce Greenwood | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 novimber 2006 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-skriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 126 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $75 miljoen | |
opbringst | $180,6 miljoen |
Déjà Vu is in Amerikaanske science fiction-skriller út 2006 ûnder rezjy fan Tony Scott, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Paula Patton. It ferhaal fan 'e film giet oer in ATF-agint dy't yn New Orleans ûndersyk docht nei in terroristyske oanslach op in fearboat en fereale wurdt op ien fan 'e slachtoffers. As er behelle wurdt yn in topgeheim projekt fan 'e FBI dat de ûndersikers yn it ferline sjen lit, kriget er in idee om mei weromwurkjende krêft har libben te rêden. Déjà Vu krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. It wie de op 22 nei súksesfolste film fan 2006.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is Mardi Gras yn New Orleans, en de fearboat de Sen. Alvin T. Stumpf set hûnderten matroazen fan 'e Amerikaanske Marine en harren gesinnen oer de Mississippi, fan harren basis nei de stêd, dêr't se it feest meifiere sille. Midden op 'e rivier fynt in reuseftige ûntploffing plak, dy't fan 'e fearboat net folle hiel lit. It wrak sakket ûnder wetter en der komme 543 passazjiers en bemanningsleden om.
Agint Doug Carlin fan it Bureau of Alcohol, Tobacco and Firearms (ATF), wurdt ynset om it foarfal te ûndersykjen. Oan 'e ûnderkant fan in brêge, dêr't de reek fan 'e ûntploffing oanslach efterlitten hat, fynt er al rillegau bewiis dat de eksploazje feroarsake is troch in soarte springstof dy't faak brûkt wurdt troch terroristen út 'e Feriene Steaten sels. Hy bringt de oare ûndersikers fan syn konstatearrings op 'e hichte, ûnder wa FBI-agint Paul Pryzwarra, en ek FBI-agint Jack McCready, dy't oan it haad fan it ûndersyk stiet. Werom op it kantoar fan it ATF kriget Carlin fan in kollega it tillefoannûmer oanrikt fan in frou dy't earder dy deis foar him belle hat. Hy skillet har op, kriget der in antwurdapparaat foar en lit it nûmer fan syn mobile tillefoan efter.
Dêrnei set er ôf nei in plak dat in stik streamop oan 'e Mississippi leit, wêrfan't de sheriff him belle hat mei de meidieling dat der it heal ferbaarnde lyk fan in frou oanspield is. Carlin nimt earst oan dat it ien fan 'e slachtoffers is fan 'e oanslach op 'e fearboat, mar as de sheriff him fertelt dat it stoflik omskot acht minuten foàr de oanslach fûn is, wol er der mear fan witte. De frou wurdt identifisearre as Claire Kuchever, dy't de deis tefoaren troch har heit as fermist opjûn is. Carlin wennet har lykskôging by, en mei't har gesicht net ferbaarnd is, wurdt er troffen troch har skientme. As er better sjocht, ûntdekt er lymresten op en om har lippen hinne, wat betsjut dat har mûle ôfplakt west hat mei tape.
Carlin konkludearret dat de brânwûnen har opsetlik tabrocht binne om it lykje te litten as is se ien fan 'e slachtoffers fan 'e oanslach op 'e fearboat, wylst se dat dúdlik net is. Hy rekket derfan oertsjûge dat er de dieder fan 'e oanslach fine kin troch de moard op Claire op te lossen. As er letter har appartemint tochsiket, spilet er har antwurdapparaat ôf. It lêste berjocht dat dêrop efterlitten is, komt fan himsels: it is syn tillefoantsje fan earder dy moarn, doe't er syn mobile tillefoannûmer trochjoech oan 'e frou dy't foar him belle hie. Letter freget in lid fan it ATF-team dat neier ûndersyk docht yn it appartemint oft er soms hielendal fergetten is hoe't er mei in plak delikt omgean moat, want syn fingerôfdrukken sitte oeral. Dat is frjemd, want Carlin hat by syn eardere ynspeksje foarsichtich west om neat mei bleate hannen oan te reitsjen.
Pryzwarra en McCready binne ûnderwilens ûnder de yndruk fan 'e ekspertize fan Carlin, en mei goedkarring fan McCready freget Pryzwarra him om him by in nij foarme ienheid te jaan, dy't ûndersyk nei de oanslach docht. It giet om in team wittenskippers ûnder lieding fan dr. Alexander Denny, dat in kompjûterprogramma ûntwikkele hawwe (dat se 'Sniewytsje' neame), dat bylden fan alle beskikbere boarnen brûkt, lykas satelliten en befeiligingskamera's, om 'e oanslach te bestudearjen. Carlin beseft lykwols al rillegau dat it ferhaal fan Denny en Pryzwarra net opgiet, want de bylden dy't se hawwe binne fan persiis 4 dagen, 6 oeren, 3 minuten, 45 sekonden en 14,5 nanosekonden lyn, en kinne net foarút- of weromspile wurde. Ek sit der lûd by, wat fansels mei bylden fan satelliten en befeiligingskamera's net sa is. As er fragen begjint te stellen, komt úteinlik it hege wurd derút: wylst se ûndersyk diene nei hiel wat oars, hawwe Denny en syn team by tafal in manear ûntdutsen om yn it ferline te sjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Carlin is by it topgeheime projekt belutsen om't de wittenskippers de know-how net hawwe om te witten wêr't se nei sjen moatte yn it ûndersyk nei de oanslach. As him frege wurdt wêr't se begjinne moatte, makket Carlin fan 'e nij beane mooglikheden fan Sniewytsje gebrûk om fjouwer dagen en seis oeren lyn Claire te folgjen, mei't er wis is dat sy harren nei de oanslachdogger liede sil. Weromsjend yn it ferline binne Carlin en it Sniewytsje-team der tsjûge fan dat de oanslachdogger Claire opskillet yn reäksje op har auto, dy't se te keap oanbean hat. Hy keapet de auto net, mar se jout him har adres al. De rest fan it team rekket dêrtroch oertsjûge fan it gelyk fan Carlin. Om't er út in tillefoansel wei belle, witte se no persiis wêr't de oanslachdogger wie op it stuit fan it tillefoantsje, en mei de bylden fan echte befeiligingskamera's folgje se him wylst er (goed fjouwer dagen lyn) by de oanlisstiger fan 'e fearboat it plak fan 'e oanslach beseach.
As Carlin mear oer Sniewytsje komt te witten, begrypt er dat it eins in 'tiidfinster' nei it ferline is. Om't Denny en syn wittenskippers it by tafal ûntdutsen hawwe, begripe se sels net goed hoe't it wurket, en binne se skruten om der tefolle mei te eksperimintearjen. Carlin dielt harren foarsichtigens net, en as er mei in laserpin nei it byld fan Claire skynt, kringt de laserstriel har hûs binnen en sjocht sy it reade ljocht. Hoewol't er dêrmei it tiidfinster fersteurd hat en it systeem hielendal op 'e nij opstarten wurde moat, leaut Carlin dat as ljocht it ferline binnenkringe kin, foarwerpen dat ek kinne moatte. Denny leit him út dat soks eins tiidreizgjen is, en dat it yn teory mooglik wêze moatte soe. It team hat der sels in apparaat foar boud, mar it is noch nea útprebearre. Carlin bepraat harren om dat no te dwaan, en skriuwt in bryfke oan himsels dat der in gefaarlike fertochte fan terrorisme omstrúnt by de oanlisstiger fan 'e fearboat.
It bryfke wurdt mei súkses nei fjouwer dagen en seis oeren lyn oerbrocht (hoewol't as gefolch fan 'e enerzjy dy't dêrfoar nedich is yn hiel New Orleans de elektrisiteit útfalt). It bryfke ferskynt op Carlin syn eigen buro yn it ATF-kantoar, mar arrivearret krekt nei't er lulk fuortrûn is nei in rúzje mei syn kollega Larry Minuti. It spul rint ferskriklike mis as it net Carlin, mar Minuti is dy't it bryfke fynt, wêrnei't dyselde op eigen manneboet op ûndersyk útgiet by de oanlisstiger. Dêr wurdt er troch de oanslachdogger delsketten en efteryn syn auto smiten. It team besiket mei Sniewytsje de oanslachdogger te folgjen, mar it projekt hat mar in beheind berik, en de auto fan 'e oanslachdogger riidt dêr al rillegau ta'n út. It team hat lykwols ek in mobile ienheid fan Sniewytsje ûntwikkele, en dêrmei kin Carlin him, mei muoite, ek bûten it berik fan 'e haadienheid folgje. De oanslachdogger riidt nei in skuorre ta, earne yn 'e bayou's bûten New Orleans, dêr't er Minuti út 'e auto skuort, deasjit, syn lyk yn 'e brân stekt en de restanten opfuorret oan 'e alligators.
Carlin beseft dat it ferstjoeren fan it bryfke neat oan it ferline feroare hat; krekt oarsom: dêrmei hawwe hy en it team derfoar soarge dat it mei de oanslach krekt sa komt as it kommen is. De oanslachdogger, dy't ûnderwilens mei gesichtswerkenningssoftware identifisearre is as in Carroll Oerstadt, hat no syn eigen auto ûnder it bloed fan Minuti sitten, en teffens in kûgelgat yn it foarrút fan doe't Minuti weromskeat. Dat betsjut dat er dy auto no net mear brûke kin foar de oanslach, en dat er Claire harres nedich hat. Fjouwer dagen lyn riidt Oerstadt dêrom nei Claire har adres, dêr't er har ûntfiert en har auto stelt.
Yn it hjoed wurdt Oerstadt opspoard en arrestearre. Hy blykt in geastlik steurde wapenfanaat te wêzen dy't tsjin 'e Amerikaanske Striidkrêften wrokket om't er sawol by it Amerikaanske Leger as by it Amerikaanske Marinierskorps ôfwiisd is omreden fan geastlike labilens. FBI-agint McCready leit it near op fierdere belutsenens fan it Sniewytsje-projekt by de saak. Hy beskôget de oanslach mei de arrestaasje fan 'e dieder as ôfsletten, en boppedat is er min te sprekken oer it ferstjoeren fan it bryfke, dat er in ûnferantwurdlike 'stunt' fynt dy't resultearre hat yn 'e dea fan in federaal agint (Minuti). De saak lit Carlin lykwols net los, temear mei't er de ôfrûne dagen stadichoan fereale rekke is op Claire. Hy besiket noch in lêste kear Claire har appartemint, dêr't mei magnetyske letters op 'e kuolkastdoar de tekst "U can save her" ("kinst har rêde") stiet. Hy hie dat by syn eardere ûndersyk ek al opmurken, mar no nimt it foar him in nije betsjutting oan. Hy rekket derfan oertsjûge dat er de rin fan 'e skiednis feroarje kin.
Jûns let skillet er Denny op, dy't syn tillefoantsje eins al ferwachte hie. Carlin wol dat Denny him weromstjoerd yn 'e tiid, krekt sa't er earder mei it bryfke dien hat. Denny warskôget him dat soks syn hert stilsette sil, mar Carlin wol it dochs besykje. Pryzwarra, de iennichste oare persoan dy't noch yn it kantoar fan Sniewytsje-projekt oanwêzich is as it tillefoantsje fan Carlin binnenkomt, beart dat er neat heard hat, giet fuort foar't Carlin arrivearret en seit tsjin Denny dat er ôfslute moat as er klear is. Denny stjoert Carlin fjouwer dagen en seis oeren werom yn 'e tiid, en om 'e massa dêrby sa lyts mooglik te hâlden, giet Carlin yn syn ûnderguod en sûnder pistoal of lykfol hokker oar foarwerp. Denny soarget dat er op 'e operaasjekeamer fan in sikehûs ferskynt, dêr't fuortendaliks medyske help beskikber is om syn stilfallen hert te reänimearjen. As er letter wekker wurdt, stelt Carlin de klean fan in oare pasjint, it pistoal fan in befeiligingsman en in ambulânse dêr noch op ta, wêrnei't er halje-trawalje nei de skuorre fan Oerstadt yn 'e bayou riidt, dêr't er krekt op 'e tiid oankomt om Claire te rêden fan Oerstadt, dy't har libben ferbrâne wol. Hy befrijt Claire, mar de terrorist wit yn Claire har auto mei de bom te ûntkommen.
It is no noch mar koart foar de oanslach, en Carlin beseft dat er gjin tiid hat om nei de plysje ta om út te lizzen wat der oan 'e hân is. Dat soe fragen oproppe dy't er net beäntwurdzje kin, of alteast, dêr't er antwurden foar hat dy't net leaud wurde sille. Hy sil Oerstadt eigenhandich tsjinhâlde moatte. By de befrijing fan Claire is er lykwols troch Oerstadt yn it skouder sketten en de skotwûne bliedt as wat. Hy beslút dêrom by Claire thús oan te gean; har wente leit oan 'e rûte nei de fearboat, en hy moat har dêr dochs ôfsette. Underwilens jout er der sûnder euvelmoed blyk fan dat er dingen oer har wit dy't er net witte kin. Sy begjint him te wantrouwen, en hellet thús in revolver foar't ljocht dêr't se him mei bedriget. Carlin, dy't har syn ATF-ynsinje net sjen litte kin om't er dat ommers net meinimme koe werom yn 'e tiid, lit har syn kantoar belje, dêr't syn kollega har op har fersyk in beskriuwing fan him trochjout, en dan har tillefoannûmer notearret sadat er har letter weromskilje kin.
Claire freget har om har út te lizzen wat der no eins wier oan 'e hân is, mar Carlin antwurdet mei de tsjinfraach wat sy dwaan soe as se wat útlizze moast wêrfan't se wist dat it nea leaud wurde soe. Se antwurdet dat se it likegoed besykje soe. Carlin feroaret de folchoarder fan 'e magnetyske letters op Claire har kuolkastdoar yn 'e tekst "U can save her", mar as er nochris om him hinne sjocht, falt him it beblette doekje yn 'e waskbak op dêr't er krekt syn skouder mei skjinmakke hat. Dat lei dêr krekt sa doe't er fjouwer dagen lyn (of oer in pear oeren, ôfhinklik fan hoe't je it sjen wolle) Claire har appartemint foar it earst trochsocht. Carlin beseft dat der noch hieltyd neat oan 'e rin fan 'e skiednis feroare is, dat hy beslút Claire by him te hâlden sadat er har beskermje kin.
Tegearre geane se nei de oanlisstiger fan 'e fearboat, dêr't se Oerstadt krekt fan board kommen sjogge. Carlin giet oan board om 'e bom te ûntmanteljen, mar wurdt troch in pear befeiligingsminsken fan it autodek stjoerd, om't dêr gjin passazjiers komme meie as de fearboat de rivier oerstekt. Om't er net útlizze kin wat er dêr wol, lit er himsels dêrwei stjoere mei de bedoeling om fia in oar paad werom te kommen. Underwilens sjocht Oerstadt by de oanlisstiger syn eigen auto stean, dy't Carlin en Claire brûkt hawwe om by syn skuorre yn 'e bayou wei wer yn New Orleans te kommen. Hy beseft dat der mar ien manear is dat de auto hjir kommen wêze kin: de foar him ûnbekende man dy't syn skuorre binnenkrong, wit ôf fan 'e oanslach op 'e fearboat en wol dy feridelje. Oerstadt keart daliks om en giet wer oan board fan 'e fearboat om foar te kommen dat Carlin de oanslach feridelje kin. Claire, dy't Carlin op 'e oanlisstiger efterlitten hie mei de opdracht om nei de plysje te gean sadree't de fearboat ôfset wie, sjocht Oerstadt wer oan board gean, en giet him efternei om Carlin te warskôgjen.
Op it autodek fynt Claire har eigen auto mei de bom, mar Carlin is dêr net om't er fuortstjoerd is troch de befeiligingslju. Oerstadt is der lykwols al, en hy nimt Claire wer finzen, en bynt har fêst efter it stjoer fan 'e bomauto mei in stik tape oer har mûle plakt. As de befeiligingslju weromkomme en Oerstadt sommearje om it autodek te ferlitten, sjit er harren dea. Mear befeligingspersoneel en guon bewapene marineminsken komme op it lûd fan 'e skotten ôf, en der folget in wylde sjitpartij. Om't er ferskate mitrailleurs by him hat, wylst syn tsjinstanners inkeld bewapene binne mei pistoalen, kin Oerstadt harren de tagong ta it autodek belette. Underwilens keart Carlin fia in omwei nei it autodek werom, dêr't er Claire in wink jout om har auto te starten. Hy besiket te ûnderhanneljen mei Oerstadt troch de man syn eigen wurden, út it ferhear fan in pear dagen lyn (of in pear dagen yn 'e takomst), tsjin him te brûken. Hy bringt dêrmei Oerstadt yn betizing, dy't de flater makket om foar de bomauto stean te gean. Claire jout gas en riidt him om, wêrnei't Carlin him deasjit.
Carlin klimt yn 'e bomauto en besiket Claire te befrijen, mar befeiligingslju en plysjeminsken dy't ûnderwilens mei plysjeboaten oanfierd binne, kringe it autodek op en nimme de auto ûnder skot om't miene dat Carlin de dieder is. Hy seit tsjin Claire dat eltsenien stjerre sil as se harren no oerjouwe, want de bom stiet op it punt om te ûntploffen. Dêr heakket er oan ta dat se gas jaan moat. Claire docht dat en riidt de bomauto troch in rein fan plysjekûgels fan 'e fearboat ôf de rivier yn. Under wetter helpt Carlin har om los te kommen en troch it lostrape foarrút te ûntsnappen, mar de auto is oan 'e foarkant fan 'e fearboat riden, en as de fearboat dan oer de auto hinne fart, rekket dy sa yndûke dat Carlin sels der net mear út komme kin. De bom giet ôf mei Carlin as iennichste slachtoffer.
Letter sit Claire op 'e oanlisstiger mei in tekken oer de skouders te roujen om Carlin, as ynienen in identike Doug Carlin foar har ferskynt, dy't har treastget, mar gjin idee hat wa't se is. Claire is ferbjustere dat er har net ken, mar it is in logysk gefolch fan feit dat Carlin de rin fan 'e skiednis feroare hat: de ûntploffing fan 'e fearboat hat nea plakfûn en Claire libbet noch, dus sil er nea har dea ûndersykje en ek gjin reden hawwe om werom te reizgjen yn 'e tiid. As se yn Carlin syn auto stappe, freget se him wat hy dwaan soe as er wat útlizze moast wêrfan't er wist dat it nea leaud wurde soe. Hy antwurdet dat er it likegoed besykje soe. Se wikselje in glimk út wêrby't dúdlik in fonk oerslacht.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ATF-agint Doug Carlin | Denzel Washington |
Claire Kuchever | Paula Patton |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
FBI-agint Paul Pryzwarra | Val Kilmer |
dr. Alexander Denny | Adam Goldberg |
Shanti | Erika Alexander |
Carroll Oerstadt | Jim Caviezel |
Gunnars | Elden Henson |
FBI-agint Jack McCready | Bruce Greenwood |
ATF-agint Larry Minuti | Matt Craven |
ATF-agint Donnelly | Mark Phinney |
Kathy, sekretaresse op ATF-kantoar | Shondrella Avery |
ATF-agint Stalhuth | Rich Hutchman |
Beth | Donna W. Scott |
Claire har heit | Enrique Castillo |
patolooch-anatoom | Brian Howe |
sheriff Reed | John McConnell |
fearboatkaptein | Dane Rhodes |
Abbey | Elle Fanning |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar Déjà Vu kaam fan senarioskriuwers Bill Marsilii en Terry Rossio, dy't befreone wiene. Tegearre ûntwikkelen se it idee fierder, mar it projekt kaam stil te lizzen troch de oanslaggen fan 11 septimber 2001, dy't it libben fan New Yorker Marsilii op 'e kop setten. Mear fertraging waard feroarsake trochdat Rossio neitiid foltiids belutsen wie by de film Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl. Tsjin 2004 wie it senario foar Déjà Vu lykwols ôf. Natuerkundige Brian Greene fan 'e Columbia Universiteit waard oanlutsen as adviseur, om derfoar te soargjen dat de teory foar tiidreizgjen dy't yn 'e film brûkt wurdt, wittenskiplik ûnderboud wie.
It senario fan Marsilii en Rossio waard foar in rekôrbedrach fan $4,5 miljoen ferkocht oan filmprodusint Jerry Bruckheimer. Dyselde helle stjerakteur Denzel Washington oer om 'e haadrol fan Doug Carlin te spyljen, en hy loek Tony Scott oan om 'e film te regissearjen. Dat soarge foar opskuor yn 't hinnehok, want neffens Rossio wie Scott "totaal de ferkearde kar". Scott hie nammentlik gjin belangstelling om in science fiction-film te meitsjen, en suggerearre ier yn it produksjeproses om it idee fan tiidreizgjen dêr't de hiele film om draaide, mar oerboard te kiperjen. Hy woe in skrillerfilm meitsje, en naam úteinlik ûnder druk fan Bruckheimer en Washington it science fiction-aspekt op 'e keap ta.
Foar Déjà Vu wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De opnamen yn New Orleans rûnen fertraging op troch de gefolgen fan 'e ramp dy't de stêd yn 2005 oerkaam doe't de orkaan Katrina der in spoar fan ferwoastging efterliet. Doe't úteinlik mei de opnamen úteinset wurde koe, waard de kamerarezjy fersoarge troch Paul Cameron. By it filmjen fan Déjà Vu wiene de filmstudio's Touchstone Pictures, Jerry Bruckheimer Films en Scott Free Productions belutsen. De filmmuzyk wie fan 'e hân fan Harry Gregson-Williams. Déjà Vu waard distribuëarre troch Buena Vista Pictures, en gie op 22 novimber 2006 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De film waard op 24 april 2007 útbrocht op dvd.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Déjà Vu krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Joel Siegel fan ABC News neamde de film "technysk goed makke", mar hy hie krityk op it besykjen om in wittenskiplike basis foar tiidreizgjen te beskriuwen, dat er sawol "flau" as "saai" fûn. Mei Manohla Dargis fan The New York Times wie dat net oars, en hja naam boppedat oanstjit oan inkele passaazjes yn 'e film dêr't de spoaren fan 'e ferwoastgings yn te sjen wiene dy't yn New Orleans oanrjochte wiene troch de orkaan Katrina. Sy neamde it opnimmen fan sokke bylden yn 'e film "fulgêr". Todd Gilchrist fan IGN joech de film in acht op in skaal fan ien oant tsien. Hy hie lykwols krityk op it happy end fan 'e film, dat neffens him "ûnfoechsum fielt mei it each op 'e urginsje (en skynbere ûnûntkomberens) fan 'e ûntknoping fan it ferhaal."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Déjà Vu in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 160 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tony Scott besiket om aksje, science fiction, romantyk en ûntploffings te kombinearjen ta ien film, mar it fiersochte idee fan tiidreizgjen soe wolris te healwiis wêze kinne, en de aksje falt útinoar as men der sekuer nei sjocht." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Déjà Vu in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 32 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Déjà Vu brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $64 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria $116,5 miljoen. Yn totaal wie dat in wrâldwide opbringst fan $180,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen komt dat del op in winst fan $105,6 miljoen. Dêrmei wie Déjà Vu de op 22 nei kommersjeel súksesfolste film fan 2006. De film waard nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste science fiction-film, mar ferlear fan Children of Men.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske skrillerfilm
- Amerikaanske science fiction-film
- Science fiction-skrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Touchstone Pictures
- Film fan Scott Free Productions
- Film fan Buena Vista International
- Film fan Tony Scott
- Film út 2006
- Film oer terrorisme
- Film oer tiidreizgjen
- Film oer in oanslach
- Film oer de ATF