D'Hondt-metoade

De D'Hondt-metoade is in rekkenmetoade foar it tawizen fan sitten yn parleminten mei evenredige fertsjintwurdiging. De metoade heart ta de famylje fan de grutste-gemiddeldemetoades. Dizze metoade wiist by de ôfrûning fan de sitferdieling gjin restsitten ta om't fraksjes efter de komma net meinommen wurde. Dat ferskilt fan de Sainte-Laguë-metoade, dy’t fraksjes nei it tichtstbye gehiele getal ôfrûnt.[1]
De metoade waard betocht troch Victor D'Hondt (1841–1901), in Belgyske jurist en wittenskipper, en wurdt brûkt yn ferskate lannen, wêrûnder Belgje, Nederlân, Bulgarije, Finlân, Eastenryk, Hongarije, Portugal, Spanje, Suriname, Turkije, Switserlân, Noard-Ierlân en de Dominikaanske Republyk.
Tapassing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferkiezingsútslach neffens de D'Hondt-metoade kin berekenne wurde troch de ûndersteande stappen te folgjen. De definitive kiesdieler kin it snelst bepaald wurde wannear't allinnich de effektive stimmen meinaam wurde. Dit binne de stimmen op partijen dy’t de kiesdrompel helle hawwe.
- Berekkenje de kiesdieler troch it totale oantal effektive stimmen op te tellen en te dielen troch it oantal te ferdielen sitten.
- Berekkenje it evenredige oanpart fan eltse entiteit troch har stimtal te dielen troch de kiesdieler.
- Bepaal hoefolle hiele sitten der oant no ta yn totaal ferdield binne troch de fraksjes efter de komma te skrassen.
- Feroarje de fikitive parlemintsgrutte troch de kiesdieler oan te passen oan de lêste sit.
Hat in partij bygelyks 10 sitten helle? Diel it oantal stimmen op dy partij dan troch 10.
Restsitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol’t yn guon útlisfoarmen sprutsen wurdt fan restsitten nei de earste ferdieling mei de kiesdieler, kent de D’Hondt-metoade yn strikte sin gjin restsitten. Dy ûntsteane allinnich as skynbere tuskenstap mei in tydlike en in definitive kiesdieler. Yn feite is de D'Hondt-metoade ien trochgeande tawizing fan sitten oan partijen op basis fan heechste gemiddelde. De metoade hat hjirby (fiktyf sjoen) altyd in wat grutter parlemint nedich as de werklike grutte om't de wearden efter de komma fuortfalle.
Praktykfoarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit rekkenfoarbyld is ôfkomstich fan 'e risseltaten fan 'e dielsteateferkiezings fan 2024 yn Saksen. 2.142.517 stimmen waarden útbrocht op 6 partijen om 119 sitten te ferdielen. De tydlike kiesdieler komt út op 18.004,34 stimmen de sit.
It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch de kiesdieler fan 18.004,34, wêrby't it risseltaat nei ûnderen ôfrûne wurdt. It oantal sitten dat op dizze wize berekkene is, wurdt byinoar opteld. Yn dit foarbyld jout dit 115 hiele sitten, fjouwer minder as de fereaske 119. Om dit tekoart te korrizjearjen, wurdt it parlemint fiktyf fergrutte. De lêste sit giet nei de sechsde sit fan die Linke wêrtroch de kiesdieler fêststeld wurdt op 17.481,33 (104.888/6). Mei in fiktive parlemintsgrutte fan 122,56 wurde úteinlik alle 119 sitten as hiele sitten ferdield.
| Sitten | 119 | D'Hondt-metoade | |||
|---|---|---|---|---|---|
| Partij | Stimmen | E.O. | Hiele sitten | D.H. | Hiele sitten |
| CDU | 749.216 | 41, |
41 | 42, |
42 |
| AfD | 719.274 | 39, |
39 | 41, |
41 |
| BSW | 277.173 | 15, |
15 | 15, |
15 |
| SPD | 172.002 | 9, |
9 | 9, |
9 |
| Grüne | 119.964 | 6, |
6 | 6, |
6 |
| Linke | 104.888 | 5, |
5 | 6, |
6 |
| Totaal | 2.142.517 | 119 | 115 | 122,56 | 119 |
| Kiesdieler | 18.004,34 | 17.481,33 | |||
De Sainte-Laguë-metoade waard lykwols brûkt by de echte ferkiezing.[2]
Effekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de tawizing fan sitten jout de D'Hondt-metoade yn de regel in systematysk foardiel oan gruttere partijen. Dat hinget gear mei it feit dat de metoade alle sitten as hiele sitten tawiist en dêrfoar it parlemint yn de berekkening fiktyf fergruttet. As alle partijen in lyk persintaazje stimmen tafoege krije, dan sille gruttere partijen yn absolute sin mear ekstra sitten krije as lytsere partijen.
De standertôfrûning dy't ek wol de Sainte-Laguë-metoade neamd wurdt, bliuwt it tichtste by it orizjinele evenredich oanpart.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Referinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ (dú) D’Hondt-Verfahren (13 septimber 2024).
- ↑ Landtagswahl Sachsen 2024 - Ergebnisse und Analysedaten | tagesschau.de