Springe nei ynhâld

D'Entrecasteaux-eilannen

Ut Wikipedy
D'Entrecasteaux-eilannen
Kaart fan 'e eilannen.
Kaart fan 'e eilannen.
geografy
lân Papoea Nij-Guineä
provinsjeMilne Bay
koördinaten52° 59' SB 5° 27' EL
Lokaasje fan 'e eilannen beëasten Nij Guineä.
Lokaasje fan 'e eilannen beëasten Nij Guineä.

De D'Entrecasteaux-eilannen binne in eilannegroep yn 'e westlike Stille Oseaan, dy't by provinsje Milne Bay fan Papoea Nij-Guineä hearre. De eilannen binne ferneamd nei de Frânske seefarder Antoine de Bruni d'Entrecasteaux, dy't de eilannegroep yn 1792 as earste Europeaan beskreau.

De D'Entrecasteaux-eilanden lizze súdeastlik fan Nij-Guineä. Geografysk besjoen lizze de eilannen yn Melaneezje.

De eilannegroep is fulkanysk en hat in oerflak fan likernôch 3.100 km². Neffens rûzings op basis fan 'e folkstelling fan 2011 en lettere rûzings ha de eilannen likernôch 45.000 - 55.000 ynwenners. Der binne trije gruttere eilannen:

  • Goodenough (Nidula) likernôch 687 km², ~20.000 ynwenners.
  • Fergusson (Moratau), likernôch 1.345 km², ~15.000 – 20.000 ynwenners.
  • Normanby (Duau) haadeilân, likernôch 1.036 km², ~10.000 – 15.000 ynwenners.

En fierder binne der noch in oantal lytsere eilannen, wêrûnder:

  • Amphlett-eilannen
  • Dobu
  • Sanaroa

De eilannen ha likernôch 50.000 ynwenners. De haadstêd leit yn it noardwesten fan Normanby en hjit Esa'ala. Dêr wenje ek de measte minsken. It heechste punt is Mount Vineuo op Goodenough mei 2.530 m bopee seenivo.

De D'Entrecasteaux-eilannen wurde nei alle gedachten al sûnt 1500 f.Kr. bewenne troch Polyneezjers. It gebiet stiet bekend om syn tradisjonele Kula-ring, in ruilsysteem. De eilannen waarden tegearre mei de Trobriand-eilannen yn 1793 ûntdutsen troch de Frânske kaptein Joseph d'Entrecasteaux op syn ekspedysje om de ûntdekkingsreizger Jean-François de La Pérouse werom te finen, fan wa't sûnt jannewaris 1788 gjin spoar mear te finen wie.

De arsjipel waard yn 1873 ferkend en yn kaart brocht troch de Brit John Moresby. Tusken 1914 en 1916 en 1917 en 1918 die de antropolooch Bronisław Malinowski ûndersyk nei de befolking fan 'e D'Entrecasteaux-eilannen en de Trobriand-eilannen.

Fan 1942 oant 1943 besetten de Japanners de arsjipel.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory D'Entrecasteaux-eilannen fan Wikimedia Commons.