Azuerblauwe gaai
| azuerblauwe gaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax caeruleus | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De azuerblauwe gaai (Cyanocorax caeruleus) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in grutte gaai fan likernôch 40 sm lang en meast djipblau mei in swarte kop en in lyts túfke en in swarte kiel. Mantsjes en wyfkes binne allyk, allinnich binne de wyfkes wat lytser.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn fochtich bosk yn Súd-Amearika foar yn it suden fan Brazylje, noardlik Oerûguay en in noardeastlik part fan Paraguay.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel foerazjearret yn Araucaria-bosken, wêrfan't it sied it wichtichste iten fan 'e fûgel foarmet. Se wurde meast yn lytse lawaaiige groepen waarnommen. Se briede fan oktober oant jannewaris. In lechsel bestiet út 2 oant 4 aaien en it nêst wurdt yn in Araucariabeam boud op in hichte fan 10 oant 20 m boppe de grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as net oant lokaal frij algemien. Yn it ferline wiene de ûntbosking foar mynbou en plantaazjes in bedriging foar de fûgel. Hjoed-de-dei foarmje urbanisaasje, yndustrialisaasje, útwreiding fan 'e lânbou en oanlis fan diken de wichtichste bedrigingen. Oannommen wurdt dat de oantallen foars tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan hast bedrige (Near Threatened, 2023)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
