Cuijk
| Cuijk | ||
| Sint-Martinustsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 18.735 (2024)[1] | |
| Oerflak | 9,55 km² - lân 9,00 km² - wetter 0,55 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.081 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°43' N 5°52' E | |
| Offisjele webside | ||
| cuijk.nu | ||
| Kaart | ||
Cuijk is in plak en in eardere gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. it plak het in oarflak fan 57 km² en in ynwennertal fan 18.735 (2024). Sûnt 1 jannewaris 2022 heart Cuijk by de gemeente Lân fan Cuijk.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de eardere gemeente hearde njonken Cuijk ek de doarpen Haps, Sint Agatha, Beers, Linden, Katwijk en (westlik fan 'e A73) Vianen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Cuijk soe fan it Germaanske of Keltyske wurd keukja (bocht) stamme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Healwei de earste iuw stiften de Romeinen in kastiel wêromhinne in vicus ûntstie dat útgroeide ta de delsetting Ceuclum. De Romeinen bleaune dêr oant de earste helte fan 'e fyfte iuw. Nei it Grutte Folksferfarren stelde Cuijk net in soad mear foar. De befolking bestie doe út Franken.
Yn 'e 11e iuw kamen ridders út Teisterbant nei Cuijk. Dy hearen fan Cuijk lieten yn Grave in kastiel bouwe. De meast ferneamde ridder, Jan of Jehan (1265–1308) naam yn it jier 1288 oan 'e kant fan Brabân diel oan 'e Schlach by Worringen en oan in wraakekspedysje yn Flaanderen yn 1304, twa jier nei de Slach by Kortrijk yn 1302. Yn it testamint liet er fêstlizze dat earme boeren in part fan 'e net troch him brûkte gebieten pachtfrij oanmeitsje en bewurkje mochten.
It Lân fan Cuijk wie tusken 1400 en 1550 in soarte buffersteat tusken de fijannige hartochdommen Brabân en Gelre. Lang om let foel Cuijk ta oan Brabân.

(twadde helte 18e iuw).
Yn 'e Tachtichjierrige Kriich wie Cuijk tusken 1602 oant 1648 fan gjin ien. Nei de Westfaalske Frede fan 1648 foel it plak ta oan 'e Republyk. De katoliken moasten foar de misse útwike nei it oanbuorjende doarp Oeffelt, dat yn dy tiid yn it bûtenlân lei (hartochdom Kleef). Cuijk waard yn 1712 by in brân folslein ferneatige.
By Cuijk wie in part fan 'e Maas mei sin net bedike. Dat gebiet lei by Beers en hiet Beerse Overlaat. By heechwetter sie dat lân ûnder wetter om sa de tichtbewenne gebieten frij fan wetteroerlêst te hâlden. Tusken 1922 en 1942 makken ferbettere wetterwurken in ein oan 'e foar de boeren faak drege omstannichheden.
Yn 'e 19e iuw makke de foarútgong fan Cuijk in lyts ekonomysk sintrum en sûnt 1883 krige it plak in stasjon.
Cuijk waard yn septimber 1944 troch in wûnderlike gearrin fan omstannichheden troch mar twa Amerikaanske parasjutisten.befrijd Dêrnei namen Britske troepen yn oktober de kontrôle oer Cuijk oer. De befrijing fan it doarp wie ûnderdiel fan 'e gruttere operaasje Market Garden.
De grutte groei fan it plak sette pas mei de oanlis fan in nij yndustrygebiet nei 1950 útein.
Romeinske munstskat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006 waard by opgravingen op it plak dêr\t de nijbouwyk De Nielt boud wurde soe yn in 20 sm hege klaailaach in Romeinske muntskat fûn. De skat wy mei in skerf ôfdutsen en is eartiids mei sin ferside stoppe. Yn 'e krúk leine mear as 200 munten, in earmbân en in ring.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sintrum fan Cuijk, dat earder op it sintrum fan in lytse stêd liket as fan in doarp, stiet in 15e iuwske toer. Yn dy toer is in archeologysk museum ûnderbrocht. De measte útstalde objekten binne fynsten út de Romeinske tiid.
De nei Martinus fan Tours ferneamde Sint-Martinustsjerke waard yn 1911 foltôge. Yn 'e tsjerke stiet in barok oargel út 'e ein fan 'e 17e iuw, dat earder yn oare tsjerken stien hat.
De Jan van Cuijk is in rûne bakstiennen nôtmûne út 1860.
Op de Maas en yn de boskrike omkriten binne foar toeristen in soad mooglikheden foar ferdivedaasje.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vrije Markt yn Cuijk wie in ûnbidich grutte oerdutsen rommelmerk en wie sneons in grutte attraksje foar besikers. Yn 'e grutte havenhallen mei sa'n 22.000 m² oerflak stiene likernôch 1500 diskes mei guod. De Vrije Markt baarnde lykwols yn maaie 2016 ôf. Yn oktober 2017 waarden op in lytser oerflak de hallen wer iepene, mar fral nei de koronatiid sakken de besikersoantallen en moast de merk nei fjirtich jier sletten wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Cuijk]
|
