Selebesdo
| Selebesdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cryptophaps poecilorrhoa | ||||||||||||
| Brüggemann, 1876 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Selebesdo (Cryptophaps poecilorrhoa) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Selebesdowen (Cryptophaps)
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Selebesdowen wurde likernôch 47 sm lang en binne ien fan 'e grutste fruchtdowen. It formaat fan 'e fûgel is likernôch dy fan 'e hôfdo. Yn ferlikening mei dy soarte is de sturt lykwols langer en de wjukken binne koarter. Der is gjin seksueel dimorfisme.
De fearren fan 'e kop en yn 'e nekke binne griis. De foarholle en it ûnderboarst binne helder ljochtgriis. De boppeboarst en mantel binne donkergriis. De búk is brúneftich en de búkfearren hawwe brede gielbrune seamen, wêrtroch't in skobbich patroan ûntstiet. De mantel, de rêch, de boppeste sturtdekfearren en wjukken binne donker oliifgrien. De sturt is donker en hat in smelle, heldergiele oant wytgiele bân oan 'e ein.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in relatyf seldsume soarte en wurdt yn 'e regel allinnich waarnommen. Hy sit meastentiids yn 'e hege beamlagen en makket gjin leven. Dat en syn ûnopfallende fearrekleed meitsje him tige lestich te finen. It iten bestiet út út palmsied. Der is neat bekend oer it briedgedrach fan 'e fûgel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Selebesdo is endemysk foar Selebes en libbet dêr yn 'e berchwâlden fan noardlik en súdeastlik Selebes, ien fan 'e gruttere eilannen fan Yndoneezje. Dat eilân leit tusken Borneo en Nij-Guinea.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte troch de ferneatiging fan it habitat tebekrinne. Der wurdt bosk kapt foar lânbou, houtwinning en plantaazjes. Se komme allinnich foar yn relatyf heechlizzende reinwâlden en as dat troch de kap ferdwynt binne der net in soad útwykmooglikheden. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
