Kromwâl (Boalsert)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cromwâl)

Kromwâl is in lyts boeresteed benoarden Boalsert ûnder Burchwert en leit eastsúdeast fan Hichtum.

Fan de santjinde oant de tweintichste iuw komt it plak foar as Kromwal. Yn de tweintichste iuw waard it plak ek stavere as Cromwâl. Dat is in singeliere kombinaasje fan it âldfrinzige Hollânske stavering crom mei it Fryske wâl. De delsetting leit by twa bochten oan de Boalserter Feart dêr't twa âlde slinken troch graven mei elkoar ferbûn binne. Fan de Boalserter Feart rint in koarte opfeart nei de pleats 'Kromwâl'.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: