Teaperts

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Crex")
Gean nei: navigaasje, sykje
Teaperts
In Afrikaanske teapert (Crex egregia).
In Afrikaanske teapert (Crex egregia).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: kraaneftigen (Gruiformes)
ûnderskift: raleftigen (Ralli)
famylje: ralfûgels (Rallidae)
ûnderfamylje: echte ralfûgels (Rallinae)
skaai: teaperts (Crex)
Bechstein, 1803

De teaperts (wittenskiplike namme: Crex) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e kraaneftigen (Gruiformes), it ûnderskift fan 'e raleftigen (Ralli), de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae) en de ûnderfamylje fan de echte ralfûgels (Rallinae). Ta dit skaai hearre twa libbene soarten, te witten: de teapert (Crex crex), dy't foarhinne ek yn Fryslân rûnom foarkaam, en de Afrikaanske teapert (Crex egregia). Soms wurdt de Afrikaanske teapert yn in eigen skaai pleatst, Crecopsis, mar de yndieling by Crex is tsjintwurdich frij algemien oanfurde.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beide soarten teaperts hawwe in koarte snaffel, in swart-brún boppeliif en in foar it meastepart blau-griis ûnderliif. De teapert is in stik grutter as syn Afrikaanske sibbe. Oars as de measte ralfûgels binne teaperts bewenners fan drûch gerslân ynstee fan wetterrike gebieten. Beide soarten hawwe in karakteristike, lûde, kreakjende rop, dy't se ynsette om yn 'e briedtiid konkurrinten har territoarium út te bonsjoeren. Se binne foar it meastepart oerdeis aktyf, en as se fersteurd wurde, naaie se ornaris te foet út troch it lange gers of fleane se in lyts eintsje nei begroeiïng dy't har beskûl biedt.

De bried- en oerwinteringsgebieten lizze by beide soarten fier útinoar. De migraasje tusken dy kriten fynt nachts plak en it fermogen dêrta is oanberne en wurdt troch de piken net leard fan folwoeksen eksimplaren. De teapert briedt yn Jeropa en Sintraal-Aazje en oerwinteret yn East-Afrika en Súdlik Afrika, wylst de Afrikaanske teapert hinne en wer migrearret binnen Afrika. Hoewol't teaperts ûnbidich grutte ferspriedingsgebieten hawwe, binne se op guon plakken yn 'e tweintichste iuw yn 'e benearing kommen troch de meganisaasje en yntinsifearring fan 'e lânbou.

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.