Springe nei ynhâld

Cremona

Ut Wikipedy
Cremona
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeBergamo
Sifers
Ynwennertal71.239 (31.07.2025)[1]
Oerflak70,49 km²
Befolkingsticht.1.010,63 ynw./km²
Hichte45 m
Oar
Postkoade26100
Koördinaten45°08' N 10°01' E
Offisjele webside
www.comune.cremona.it
Kaart
Cremona (Itaalje)
Cremona

Cremona is in stêd yn Lombardije, Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme.

Cremona leit 60 kilometer súdeastlik fan Milaan yn 'e midden fan 'e Po-delling oan 'e rivier de Po, in pear kilometer eastlik fan it plak dêr't de Adda yn 'e rivier útmûnet.

It wie yn it jier 218 foar Kristus dat de Romeinen op de lokaasje in koloanje stiften: Colonia Cremona. Dêrmei moast mei faasje útein set wurde om't de se yn 'e rekken krigen dat de kartaachske fjildhear Hannibal fan Spanje nei de Po-flakte Itaalje luts om mei syn oaljefanten de Alpen oer te stekken. It plak waard in bolwurk fan Romeinske oanwêzigens yn it noarden en waard bewenne troch âld-soldaten en boeren dy't it lân bearbeiden.

Yn it jier 69 nei Kristus waard Cremona folslein ferwoastge troch de troepen fan keizer Vitellius nei de slach by Bedriacum. Dochs waard de stêd wer opboud. Nei de Romeinen kamen de Langobarden en letter de Franken.

Piazza del Comune.

Yn de 12e iuw ûntstie in nije tiid fan frijheid mei 't de stêd in selsstannige comune waard mei eigen wetten en in eigen ried. As teken fan harren grutskens bouden de ynwenners in grutte katedraal en de hege Torrazzo. Cremona wie ien yn dy tiid ynearsten in keizerssinnige stêd en in fûle fijân fan Milaan en fan it tichterby lizzende Crema. Dêrom holp Cremona keizer Freark I by de belegering en ferneatiging fan Crema (1159–1160) en fan Milaan (1162). De stêd betocht letter dat de keizer tefolle macht opeaske en dat gearwurking mei oare stêden better wie foar hannelsbelangen en lokale frijheid. Earst yn 1167 slette de stêd him dêrom oan by de Lombardyske Liga tsjin Freark I.

Yn 'e tiid fan 'e renêssânse bloeide Cremona op as nea foar dy tiid en no as sintrum fan keunst en muzyk. Yn Cremona ûntstie de tradysje fan fioelebou. De famylje Amati joech de oanset en letter folgen Guarneri en Antonio Stradivari. Ek tsjintwurdich binne de Stradivariusfioelen oer de hiele wrâld te hearren. Sûnt 1893 hat de stêd it Museo Stradivariano, dat no it Fioelemuseum hjit.

Slach om Cremona (1702).

Op 1 jannewaris 1702 fûn de Slach om Cremona plak. Yn Noard-Itaalje wie der striid tusken de Frânsen en har bûnsmaten de Spanjerts tsjin it leger fan it Hillige Roomske Ryk, de troep fan keizer Leopold I fan Eastenryk en syn bûnsmaten. Cremona stie ûnder Frânsk bewâld mei in garnizoen ûnder marskalk Louis-Joseph de Vendôme. De Eastenrykske troepen stiene ûnder it befel fan Prins Eugenius fan Savoje. Troch ferried krigen de Eastenrikers troch in ûndergrûnske gong tagong ta de stêd. De oanfal gie earst goed, mar de kommunikaasje tusken de ferskillende Eastenrykske ienheden woe net rjoch sadat in diel fan it leger net op 'e tiid binnenkomme koe. Der ûntstie in fûle striid mei hûnderten deaden op 'e strjitten fan Cremona, mar de Frânsen werpakten har fluch en doe't der fersterking oankaam moasten de Eastenrikers harren weromlûke. Nei de slach waard de striid yn Noard-Itaalje ferlein nei Mantua en Luzzara, dêr't in nije, gruttere slach plakfûn yn augustus 1702. De oarloch sels duorre noch jierren en einige pas mei de Frede fan Utert (1713) en Frede fan Rastatt (1714).

Hjoed-de-dei foarmje de lânbou en de fiedingssektor wichtige sektoaren yn 'e ekonomy fan 'e stêd.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Torrazzo.
  • It Piazza del Comune mei de katedraal, de Torrazzo en ferskate paleizen is it hert fan 'e stêd .
  • De Cattedrale di Santa Maria Assunta is 12e-iuws en hat in romanogoatyske gevel en in ryk ynterieur.
  • De Torrazzo di Cremona is de 112 meter hege klokketoer njonken de katedraal en ien fan 'e heechste bakstiennen tuorren fan Europa. Der is in astronomysk oerwurk út 1583.
  • It Battistero di San Giovanni Battista njonken de katedraal is in achtkante doopkapel út de 12e iuw.
  • De Loggia dei Militi is in midsiuwske seal út de 13e iuw, eartiids it sintrum fan it stedsbestjoer.
Palazzo Comunale.
  • It Palazzo Comunale is it stêdhûs en hat bysûndere keunstskatten en in rige Stradivarius-ynstruminten.
  • De Chiesa di San Sigismondo bûten it histoaryske sintrum fan 'e stêd is in renêssanse kleastertsjerke mei in grut tal keunstwurken.
  • It Teatro Ponchielli is in 18e-iuwsk teäter, ferneamd nei de yn Cremona berne komponist Amilcare Ponchielli.
  • Museo del Violino - fioelemuseum mei in ferneamde kolleksje histoaryske fioelen fan Amati, Guarneri en Stradivari.
  • Museo Archeologico di San Lorenzo - in archeologysk museum mei fynsten út de Romeinske en Langobardyske perioade fan Cremona.
  • Museo Civico Ala Ponzone - keunstmuseum basearre op 'e kolleksje fan greve Ala Ponzone, in 18e–19e iuwske samler.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: