Cradock
| Cradock | ||
| De Nederdútsk-Grifformearde tsjerke (Moederkerk) fan Cradock. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Súd-Afrika | |
| Provinsje | East-Kaap | |
| Distrikt | Chris Hani | |
| Gemeente | Inxuba Yethemba | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 41.350 (2022)[1] | |
| Oerflak | 124,40 km² | |
| Befolkingsticht. | 332 ynw./km² | |
| Hichte | 875 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1814 | |
| Postkoade | 5880 | |
| Netnûmer | +27 48 | |
| Tiidsône | UCT+2 (SAST) | |
| Offisjele webside | ||
| www.cradock-info.co.za | ||
| Kaart | ||
Cradock is in plak yn 'e Súd-Afrikaanske provinsje East-Kaap fan Súd-Afrika. It is de haadstêd fan 'e lokale gemeente Inxuba Yethemba. Cradock leit yn 'e delling fan 'e Grutte Fiskrivier en is in wichtich agrarysk sintrum yn it hert fan 'e Karoo. De haadnamme fan it plak is noch jimmeroan Cradock, mar sûnt 2024 is de namme fan it plak fêstlein yn Kaladokhwe. De namme Nxuba komt ek foar, mar dy ferwiist nei de Grutte Fiskrivier. [2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 1814 stifte as in militêre post oan 'e grins fan 'e Kaapkoloanje en ferneamd nei Sir John Cradock, dy't fan 1811 oant 1814 gûverneur fan 'e Kaapkoloanje wie.

Cradock spile in wichtige rol yn 'e striid tsjin 'e Apartheid. De stêd waard ynternasjonaal bekend troch de saneamde "Fjouwer fan Cradock" (Cradock Four), fjouwer anty-apartheidsaktivisten dy't yn 1985 troch de feilichheidstsjinsten fan 'e oerheid fermoarde waarden. Der is no in monumint yn 'e stêd om har te betinken.
Ekonomy en Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de ekomony is de lânbou fan grut belang. De krite stiet bekend om de produksje fan wol en mohair. Ek is der feehâlderij en fruittylt.
Foar toeristen is Cradock de tagongspoarte nei it Nasjonaal Park Mountain Zebra, dat mar in pear kilometer bûten de stêd leit. Wichtige histoaryske gebouwen binne:
- De Moederkerk: de opfallende, neffens it ûntwerp fan St Martin-in-the-Fields yn Londen boude, Nederdútsk-Grifformearde tsjerke,
- De Tuishuise yn 'e Market Street, in rige restaurearre Fiktoariaanske hûskes.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Olive Schreiner House is in oan 'e ferneamde Súd-Afrikaanske skriuwster en feministe Olive Schreiner wijd museum. Hja hat foar in skoft yn Cradock wenne.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in ferskaat oan kultueren en de befolking is ferspraat oer de stêd sels en de oangrinzgjende townships lykas Lingelihle. De meast sprutsen talen yn 'e stêd binne Xhosa en Afrikaansk, folge troch it Ingelsk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
