Cozumelwaskbear
Cozumelwaskbear | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Procyon pygmaeus | ||||||||||||
Merriam, 1901 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Cozumelwaskbear of dwerchwaskbear (wittenskiplike namme: Procyon pygmaeus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon). Dit bist komt inkeld foar op it Meksikaanske eilân Cozumel, yn 'e Karibyske See. It is de lytste fan 'e trije soarten waskbearen. De Cozumelwaskbear is in omnivoar dy't in solitêr bestean as nachtdier liedt. De IUCN klassifisearret dizze soarte as krityk bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear waard foar it earst yn 1901 wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Amerikaanske soölooch Clinton Hart Merriam. Dyselde omskreau dit bist as morfologysk ûnderskaat fan 'e neiste sibbe, de gewoane waskbear fan 'e ûndersoarte Procyon lotor hernandezii, dy't op it fêstelân fan it Jûkatanskiereilân libbet. Dêrom parte er de Cozumelwaskbear de status fan in selsstannige soarte ta. Sûnt hawwe oare biologen har oer it algemien by dat oardiel oansletten. Dat gou yn 't bysûnder foar Kristofer Helgen en Don E. Wilson, wa har wurk út 2003 en 2005 de basis foarme foar it weromsetten fan 'e oare fjouwer eilânwaskbearen nei de status fan ûndersoarten fan 'e gewoane waskbear. (Dêrby gie it om 'e Bahamaanske waskbear, de Barbadoswaskbear, de Gûadelûpwaskbear en de Tres-Maríaswaskbear.) It tinken is dat de Cozumelwaskbear him earne tusken 69.000 en 26.000 jier lyn ôfspjalten hat fan 'e gewoane waskbear.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear is yn syn fersprieding beheind ta it eilân Cozumel, dat foar de eastkust fan it Meksikaanske Jûkatanskiereilân yn 'e Karibyske See leit. It eilân beslacht in oerflak fan 478 km². Der komme ferskate oer lytse rôfdieren foar, wêrûnder de Cozumelnoasbear (Nasua narica nelsoni), in ûndersoarte fan 'e noasbear (in 'neef' fan 'e waskbearen), en de Cozumelfoks, in sibbe fan 'e grize foks (Urocyon cinereargenteus) dy't wierskynlik in selsstannige soarte is, mar dy't noch net wittenskiplik beskreaun is.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear hat trochinoar in kop-romplingte fan 58–82 sm, mei in sturtlingte fan 23–26 sm en in gewicht fan 3–4 kg. Dêrmei is er in flinke slach lytser as de oare beide soarten waskbearen, de gewoane waskbear (Procyon lotor) út Noard- en Midden-Amearika en de krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) út Súd-Amearika, dy't allebeide in kop-romplingte fan 40–70 sm en in gewicht fan 5–8 kg hawwe. Dat wol sizze dat se 18% yn lingte en 45% yn gewicht mei de Cozumelwaskbear skele. De Cozumelwaskbear is alsa in foarbyld fan eilândwerchgroei. Dizze soarte lit ek in beskate foarm fan seksuele dimorfy sjen, mei't de bearen oer it algemien foarser boud en 20% swierder binne as de sûgen.
Utsein dat er lytser is en dat syn snút rûner is, liket de Cozumelwaskbear fierders kwa lichemsfoarm sterk op 'e gewoane waskbear. De pels is op 'e boppeste dielen fan it lichem (nekke, rêch en siden) bêzje-grizich mei swarte hierren dertrochhinne. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst en bealch) binne bleek bêzje oant krêmkleurich. De boppekant fan 'e kop is griis, mei't dêr de bêzjige tint ûntbrekt dy't de pels fierders oeral hat. Oer de eagen hinne rint, krekt as by de oare soarten waskbearen, in swart 'masker', dat oer de boppekant fan 'e snút nei de allyksa swarte noas ta rint. De wangen, it kin en de snorhierren binne wyt. De poaten binne swart en de sturt is gielich, mei 6–7 swarte of brune ringen dy't nei de ûnderkant ta wat langer wat dizeniger wurde. De yn ferhâlding ta de gewoane waskbear belune tosken wize op in lange perioade fan isolaasje.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Cozumel bewennet de Cozumelwaskbear in ferskaat oan biotopen, mar yn haadsaak giet it dêrby om 'e mangrovewâlden oan 'e kust en de sânige sompen op 'e noardwestpunt fan it eilân. Der binne lykwols ek eksimplaren oantroffen yn oanbuorjende kriten mei nullewâlden en op ikkers dy't yn agrarysk gebrûk wiene, en teffens yn it ekologysk park Punta Sur oan 'e súdpunt fan it eilân.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear is in solitêr libjend bist dat benammentlik nachts aktyf is. De populaasjetichtens bedraacht oer it algemien 17–27 eksimplaren de km², elts mei in territoarium fan sa'n 67 ha. Dy territoaria lykje lykwols net bot ferdigene te wurden en oerlaapje inoar mooglik foar in part. De gewoane waskbear (Procyon lotor) kin, as der genôch fretten beskikber is, yn tige hege populaasjetichtheden foarkomme, dat it kin skoan wêze dat dat foar de Cozumelwaskbear net oars is. Hoewol't der gjin detaillearre ûndersyk dien is nei de fuortplanting fan dizze soarte, lykje de sûgen foar it meastepart tusken novimber en jannewaris te jongjen, mooglik mei in twadde smeet geandewei de simmer.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cozumelwaskbearen binne omnivoaren, dy't frette wat der foarhâns is. Foar it meastepart giet it dêrby om krabben, fruchten, kikkerts, hagedissen en ynsekten. Om't se grutdiels oan 'e kust libje, meitsje krabben mear as 50% fan it dieet út. Dat is lykwols wat bûn oan 'e jiertiden. Yn 'e reintiid binne fruchten en planten oerfloediger oanwêzich en meitsje dy sadwaande ek in navenant grutter diel út fan it dieet fan 'e Cozumelwaskbear. Yn 'e drûge tiid frette se mear krabben, ynsekten, hagedissen en oare lyts dierte.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear hat de IUCN-status fan "krityk", mei't it hiele ferspriedingsgebiet net mear as 478 km² beslacht. Der wurdt rûsd dat de hiele wrâldpopulaasje fan dizze soarte mar 250–300 eksimplaren omfiemet. It grutste gefaar foar de Cozumelwaskbear bestiet út habitatferlies troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten, yn 't bysûnder de toerismesektor, dy't krekt yn it wengebiet fan 'e waskbearen yn 'e noardwestlike hoeke fan it eilân hieltyd mear lân yn beslach nimt. De bedriging dy't dêrfan útgiet, is nammenste slimmer om't de Cozumelwaskbear yn Meksiko gjin inkele wetlike beskerming genietet. Oare bedrigings binne sykten en parasiten dy't oerbrocht wurde troch kontakt mei hûnen en katten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelwaskbear is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|