Cozumelfoks
| Cozumelfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocyon sp. | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Cozumelfoks is in krityk bedrige sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e grize foksen (Urocyon). Dit bist is endemysk op it Meksikaanske eilân Cozumel, dat foar de eastkust fan it Jûkatanskiereilân yn 'e Karibyske See leit. De Cozumelfoks is anno 2025 noch net wittenskiplik beskreaun en hat sadwaande ek noch gjin wittenskiplike namme.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelfoks stammet dúdlik ôf fan in populaasje fan 'e grize foks (Urocyon cinereoargenteus), dy't op Cozumel isolearre rekke fan 'e gruttere populaasje op it fêstelân fan Midden- en Noard-Amearika en him op it eilân úteinlings troch evolúsje ta in aparte soarte ûntjoech. Argeologyske opgravings op Cozumel hawwe oan it ljocht brocht dat de Cozumelfoks al 5.000–13.000 jier op it eilân libbet. Dat soe betsjutte dat de grize foks it eilân al kolonisearre hie foar't de earste minsken har der nei wenjen setten.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e Cozumelfoks binne gjin eksakte mjittings bekend fan resinte eksimplaren, mei't der gjin pelzen of komplete plassen fan it bist yn museumkolleksjes besteane. (Dat is ek de reden dat dit bist noch net beskreaun is.) De iennichste kennis oangeande de Cozumelfoks is ôfkomstich fan subfossilen fan likernôch 12 yndividuën, dy't oantroffen binne by argeologyske opgravings rjochte op 'e Maya's dy't fan 500 oant 1500 op Cozumel wennen.
Op basis dêrfan is dúdlik dat de Cozumelfoks in dwerchfoarm is, dy't him dêrta troch evolúsje ûntjûn hat as gefolch fan it ferskynsel fan eilândwerchgroei. Dit bist is likernôch 20–40% lytser as de besibbe grize foks (Urocyon cinereoargenteus), dy't op it oanbuorjende fêstelân foarkomt en dêr't de Cozumelfoks fan ôfstammet. Dêrmei soe de Cozumelfoks lytser wêze as in hûskat (Felis catus). Ek is er omtrint like grut of wat lytser as de eilânfoks (Urocyon littoralis), in oare dwerchfoarm, dy't foarkomt op 'e Kanaaleilannen fan Kalifornje en dy't 25% lytser is as de grize foks fan it fêstelân.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cozumelfoks is krityk bedrige of mooglik al útstoarn. De lêste waarnimming datearret út 2001, mar it eilân is noch net spesifyk nei dit bist ôfspeurd. Cozumel hat in oerflak fan 478 km² en it ferspriedingsgebiet fan 'e Cozumelfoks is sadwaande beheind.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
