Springe nei ynhâld

Echte krie-eftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Corvoidea)
echte krie-eftigen
De ekster (Pica pica).
De ekster (Pica pica).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
boppefamylje:echte krie-eftigen (Corvoidea)
Sibley & Ahlquist, 1990

De echte krie-eftigen of echte kraai-eftigen (wittenskiplike namme: Corvoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri) en it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides). Ta dizze kloft hearre 418 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 10 famyljes. Dêrûnder binne bgl. de kriefûgels (Corvidae), wêrfan't in protte soarten yn Jeropa foarkomme, mar ek de tige eksoatysk klinkende paradysfûgels (Paradisaeidae) út 'e tropen fan Nij-Guineä en oanbuorjende gebieten.

De echte krie-eftigen waarden as taksonomyske yndieling yn 1990 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitologen Charles Gald Sibley en Jon Edward Ahlquist yn harren baanbrekkende wurk Phylogeny and Classification of Birds: A Study in Molecular Evolution.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.