Springe nei ynhâld

Cornelius Nantko Renken

Ut Wikipedy

Cornelius Nantko Renken (Koarnjum, 19 juny 190316 juny 1981) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.

Hy waard berne yn Koarnjum yn de doetiidske gemeente Ljouwerteradiel as soan fan dûmny Nantko Cornelius Renken (1873-1929) en Froukje Pieterissa Koning (1876 -19??). Hy is yn 1929 oan de Ryksuniversiteit Grins ôfstudearre yn de rjochten. Troch de krisis yn de jierren tritich wie it dreech om in baan te finen by de rjochterlike macht. Sadwaande wie er in skoft sjoernalist. Letter waard er waarnimmend griffier by it kantongerjocht yn Grins, mar nei twa jier rekke er dy baan kwyt troch opheffing fan kantongerjochten. Fierder wie er ûnder oare folontêr by de gemeentesekretary fan earst Noarddyk en dêrnei Vlagtwedde.

Renken waard yn oktober 1937 beneamd ta boargemaster fan Idaerderadiel. Yn maart 1944 waard er ûntslein en letter dat jier krige Idaarderadiel in NSB-boargemaster, Wander Graafsma. Nei de befrijing kaam Renken werom as boargemaster. Ein 1954 folge syn beneaming ta boargemaster fan Epe. Yn july 1968 gie er mei pensjoen en midden 1981 ferstoar er koart foar syn 78e jierdei.