Springe nei ynhâld

Cornelis Wichers Wierdsma

Ut Wikipedy
Cornelis Wichers Wierdsma
politikus
bertedatum10 juny 1823
berteplakLjouwert
stjerdatum23 maart 1902 (78 jier)
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
Grytman fan Hinnaarderadiel
amtsperioade1850-1851
Boargemaster fan Hinnaarderadiel
amtsperioade1851-1868
foargongerCornelis van Eysinga
opfolgerYpe Rodenhuis Ysn.

Cornelis Wichers Wierdsma (Ljouwert, 10 juny 1823 - dêre, 23 maart 1902) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.

Wierdsma wie in telch út it geslacht Wierdsma en in soan fan mr. Pieter Wierdsma (1776-1846), presidint fan it provinsjaal gerjochtshôf fan Fryslân, en Johanna Elisabeth Wichers (1778-1856), telch út de net-adellike tûke fan it geslacht Wichers. Yn 1849 promovearre er yn de rjochten oan de universiteit fan Grins op stellingen. In jier letter waard er grytman fan Hinnaarderadiel, en nei it yngean fan de Gemeentewet yn 1851 boargemaster, wat er bleau oant 1868. Dêrneist wie er plakferfangend kantonrjochter yn Boalsert. Syn omkesizzer Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934), soan fan syn sweager, waard tritich jier nei him ek boargemaster fan Hinnaarderadiel.

Wierdsma troude yn 1850 mei Rolina Maria Buma (1824-1853) mei wa't er twa soannen krige, ûnder wa de lettere boargemaster fan Frjentsjer mr. Wiardus Willem Wichers Wierdsma (1853-1946), heit fan de grafikus Roline Wichers Wierdsma (1891-1970). Wierdsma-Buma ferstoar yn it jier fan de berte fan har jongste soan. De widner troude dêrnei fannijs yn 1859 mei Louise Christine Egbertine Françoise Rengers Hora Siccama (1839 -1875), telch út it laach Siccama. Mei in pakesizzer stoar de tûke Wichers Wierdsma yn 1987 út.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat 11 (1920), s. 408 (Wierdsma).
  • Nederland's Patriciaat 97 (2020/2022), s. 20 (Buma).