Cornelis Terpstra
| Cornelis Terpstra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Cornelis Terpstra | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 19 maaie 1982 | |
| berteplak | Minnertsgea | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 2002 | |
| debút | 1999 | |
| karriêre-ein | 2016 | |
| ekstra | 1× PC kening (2002) Klaverke Fjouwer Freule 1997 Bûnspartij 2003 Jong Nederlân 2000 PC 2002 | |
Cornelis Terpstra (Minnertsgea, 19 maaie 1982) is in earder Frysk keatser en winner fan it klaverke Fjouwer.
Terpstra helle 210 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er fytjin jier âld wie wûn Cornelis foar de keatsferiening Minnertsgea út Minnertsgea de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Trije jier letter, yn 2000, wûn er de Jong Nederlânpartij.
Yn 2002 wûn er mei Rutmer van der Meer fan Wergea en Jacob Wassenaar fan Minnertsgea foar de PC. Cornelis Terpstra waard ta kening útroppen. En as klap op de fjoerpylk wûn Terpstra it jier derop de Bûnspartij foar Senioaren.
Yn 2004 hie Terpstra yn it begjin fan it seizoen te meitsjen mei de neifleagen fan de sykte fan Pfeiffer en op Bûnspartij moast er nei de twadde omloop ôfheakje. Yn septimber 2006 kaam der foar earst in abrupt in ein oan de betreklik koarte haadklassekarriêre fan Terpstra. By it kitesurfen rekke er slim blessearre. Hy bliek letsel oan syn krúsbannen, knibbelbannen, pezen en spieren oprûn te hawwen. Nei in ôfwêzigens fan seis jier ferskynde Cornelis Terpstra yn 2012 wer op it keatsfjild, mei in brace om syn skonk fanwege bliuwende beheiningen as gefolch fan it surf ûngelok. Yn 2016 naam er, mei opnij in plak yn de PC-finale, definityf ôfskied fan de keatssport.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1997 - Freule 1e priis
- 1999 - Jong Nederlân 2e priis
- 2000 - Jong Nederlân 1e priis
- 2002 - Jong Nederlân 1e priis
- 2002 - PC 1e priis
- 2003 - Jong Nederlân 2e priis
- 2004 - Jong Nederlân 1e priis
- 2003 - de Bond 1e priis
- 2004 - PC 3e priis
- 2005 - de Bond 1e priis
- 2005 - PC 2e priis
- 2012 - de Bond 4e priis
- 2013 - de Bond 3e priis
- 2013 - PC 2e priis
- 2014 - de Bond 2e priis
- 2014 - PC 3e priis
- 2016 - PC 2e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|