Cornelia Johanna van den Berg-Van der Vlis

Ut Wikipedy
Oarlochsmonumint Zeijen oan de Peesterweg
Grêf fan Cor van den Berg-van der Vlis op begraafplak Rustoord

Cornelia (Cor) Johanna van den Berg-Van der Vlis (De Haach, 28 oktober 1892 - Vries, 8 septimber 1944) wie in fersetsstrydster yn de Twadde Wrâldkriich.

Van den Berg wie aktyf yn it Fryske ferset. Har fersetsnamme wie "Annie Westland". Se wie aktyf as lid fan de OD en LO yn Ljouwert. Hja wie haadkoerierster yn Fryslân fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers. Troch ferrie waard se doe't se koerierstsjinsten yn Utert die der oppakt oan de Alde Grêft op 9 augustus 1944 yn in pân dat krekt dêrfoar troch de Sicherheits Polizei ynnomd wie. Se setten in mûklist foar Van den Berg op. Nei har arrestaasje waard se fia Ljouwert nei Grins brocht, dêr't se yn it Scholtenhûs heard waard. Se is tagelyk mei ds. Lourens Touwen fusillearre yn de omkriten fan it doarp Vries, by Assen. Se wie widdo fan kapitein fan 'e ynfantery Christiaan Frederik van den Berg dy't al in jier earder troch de Dütsers deamakke wie.

Nei de befrijing binne de stoflike oerbliuwsels fan Van den Berg en har man njonken inoar opnij begroeven op it Nederlânske earehôf fan it begraafplak Rusthof te Leusden.

Nei de oarloch waard Van den Berg by Keninklik Beslút fan 25 july 1952 ûnderskieden mei it Fersetskrús 1940-1945. Ek krige se it Fersetsbetinkingskrús. Yn Ljouwert binne in flat en in strjitte nei har neamd, de Annie Westlandflat[1] en de Annie Westlandstrjitte.

Op 8 septimber 1994, krekt 50 jier neidat se fusillearre binne, is yn Zeijer Strubben, yn it bywêzen fan neibesteanden en útnûgen, in monumint ûntbleate, besteande út in tal stiennen, dêr 't in brûnzen plakette op oanbrocht is dêr 't de nammen fan Cornelia Johanna van den Berg van der Vlis en ds. Louwen op fermeld binne, en ek harren bertejierren en de datum fan eksekúsje.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nufoto.nl. Sloopt yn april 2009.