Selebesrôlder
| Blaubûkrôlder | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Coracias temminckii | ||||||||||||
| Vieillot, 1819 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Selebesrôlder (Coracias temminckii) is in fûgel yn it skaai rôlders (Coracias) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae). De fûgel is endemysk op it eilân Selebes.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Birds of Asia - John Gould)
De 30 oant 40 sm lange Selebesrôlder is in ûnderskiedende fûgel mei in sterke swarte snaffel. Hy hat in grienbrune rêch, skouders en foar in grut part grienbrune wjukdekfearren. De kop hat in himelsblauwe kroan en is fierder donkerpears, dat stadichoan oergiet yn it donkere grienbrún fan 'e skouders. De sturt is donkerpears oant hast swart en de stút is ljochtblau. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed. Juvenilen binne bruner op it boarst mei in blauwe waas.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Selebesrôlders komme foar op it Yndonezyske eilân Selebes en oanbuorjende eilannen lykas Pulau Manterawu, Pulau Bangka, Pulau Lembeh, Pulau Butung en Pulau Muna. De fûgel libbet yn ôfwikseljend savanne-eftich gea oant in hichte fan likernôch 1000 m boppe de seespegel. Hy wurdt net yn tichte reinwâlden sjoen. Yn it leechlân bewennet de fûgel de rânen fan reinwâlden of keale stikken dêr't noch hege beammen steane. Fierder wurdt de fûgel sjoen yn mangrovebosk, gebieten mei strewellen en agrarysk gebiet mei doarpen, dêr't er faak op tillefoantriedden te sjen is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje is net rûsd. Der is lykwols gjin oanlieding om te tinken dat de soarte bedrige wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spesifike namme fan 'e soarte ferwiist nei de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
