Readkrúnrôlder
| Readkrúnrôlder | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Coracias naevius | ||||||||||||
| Daudin, 1800 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readkrúnrôlder (Coracias naevius) is in fûgel yn it skaai rôlders (Coracias) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 35 oant 40 sm lang en weaget 125 tot 200 gram. It is de meast swiere Afrikaanske rôlder. De krún en de nekke binne rôze oant readbrún en de hiele ûnderkant is rôze mei wite streken, de rêch is oliifgrien. Opfallend binne in brede, wite wynbraustreek en in relatyf lange donkere snaffel. Yn 'e flecht is marineblau sichtber op 'e wjukken en sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- C. n. naevius: fan Senegal nei it easten oant Somaalje en noardlik Tanzania.
- C. n. mosambicus: fan Angoala en súdlik Kongo oant Namybje en Súd-Afrika.
It leefgebiet bestiet út healiepen savanne's en op lânbougrûn mei hjir en dêr beammen, benammen acacia's, en rotseftich berchgebiet oant maksimaal 1300 m boppe de seespegel.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. De fûgel is algemien en hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de fûgel yn oantallen ôfnimt, mar net sa rap dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. Dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024)op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Rôlder
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
