Springe nei ynhâld

Lilaboarstrôlder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Coracias caudata)
Lilaboarstrôlder
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljerôlderfûgels (Coraciidae)
skaairôlders (Coracias)
soarte
Coracias caudatus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lilaboarstrôlder (Coracias caudatus) is in kleurrike fûgel út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).

De fûgel is 28 oant 30 sm lang en mei folgroeide sturtúteinen noch 8 sm langer. De fûgel weaget 87 oant 137 gram. De nominaal is wyt op 'e foarholle en hat in wite wynbraustreek. De krún en nekke binne grien- oant oliifkleurich. Mantel en rêch binne oliifgrien oant grienbrún en de boppewjukken binne in kombinaasje fan azuerblau, turkwaze en djipblau. De fûgel krige de namme troch syn lila boarst (dat foar de nominaat jildt), mar de búk en de flanken binne mear turkwaze oant blaugrien. De sturtfearren binne blau mei swarte einen en de bûtenste langere sturtfearren binne swart en stekke út, wylst syn ûndersturtdekfearren blaugrien binne.

Tusken mantsjes en wyfkes binne yn it fearrekleed gjin ferskillen.

Lilaboarstrôlder yn it Nasjonaal Park Etosha.

De lilaboarstrôlder libbet rûchwei yn 'e súdlike helte fan Afrika. Der wurde twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding erkend:

De nominaat is fan it kin oan it boarst dúdlik lila, wylst de lila kleur by de lorti meast beheind is ta de kiel en it boarst blau is. Dêrnjonken binne de krún en mantel mear oliifkleurich, wylst de lorti dêr blaugrienich is.

It habitat fan 'e soarte bestiet út heal iepen savanne's mei hjir en dêr beammen (acacia's) lykas yn 'e nasjonale parken fan Kenia en Tanzania, mar ek út agrarysk gea. De fûgel komt net by minsklike delsettings foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Efterkant fan 'e lilaboarstrôlder.

It nêst fan 'e soarte sit yn in beamholte, sa'n 5 meter boppe de grûn, mar somtiden ek yn temiteheuvels. Se meitsje de nêstholtes net sels, mar nimme âlde nêsten fan bygelyks spjochten en iisfûgels oer. In nêst bestiet yn 'e regel út twa oant fjouwer aaien. Mantsjes en wyfkes briede om bar yn 22 oant 24 dagen de aaien út.

It iten fan 'e lilaboarstrôlder bestiet út lidpoatigen en in ferskaat oan lytse rêchbonkedieren, ynsekten, spinnen, skorpioenen, tûzenpoaten, slakken, ynklusyf lytse fûgels. Stadich beweegjende hagedissen, kameléons en slangen binne kwetsber foar de lilaboarstrôlder as se diken oerstekke.

Alhoewol't der gjin rûzing is fan 'e oantallen fan 'e soarte, wurdt der tocht dat de soarte in stabile ûntwikkeling kent. De fûgel komt lokaal in soad foar en fierder faak algemien. Dêrfandinne wurdt de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: