Rôlders
| Rôlders | ||
| (Europeeske) rôlder | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
| famylje: | rôlderfûgels (Coraciidae) | |
| skaai | rôlders (Coracias) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
Rôlders (Coracias) binne in fûgelskaai út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
De soarten yn it skaai binne middelgrutte fûgels mei in stevige bou. Se ha in opfallend fearrekleed mei faak blauwe en turkwaze kleuren, kombinearre mei brún, grien of pears. De kop fan 'e soarten is relatyf grut en se ha in krêftige snaffel om proaien mei te gripen. De wjukken binne breed en de sturt frij koart. Guon soarten ha lange bûtenste sturtpinnen.
Rôlders steane bekend om harren akrobatyske flecht by de balts; se dûke, tûmelje en rôlje. De fûgels binne meast solitêr of yn pearkes en yn 'e briedtiid territoriaal. Se sitte faak op in útsjochpunt lykas in peal of tûke as se jeie. Harren iten bestiet út ynsekten, krobben, hippers, imerkes ensafuorthinne, mar ek lytse wringedieren lykas mûzen, dy't se mei in rappe dûk fange.
Rôlders hâlde fan iepen lânskip lykas savannes, healiepen bosk en agrarysk gebiet. Se briede faak yn holtes fan beammen dy't earder brûkt waarden troch oare fûgels, sa as spjochten.
De measte soarten kommen yn waarme gebieten fan Afrika foar. De gewoane rôlder is ek te sjen yn Europa en de Yndyske- de Yndosineeske- en Selebesrôlder binne Aziatyske soarten.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbene soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| blaubúkrôlder | Coracias cyanogaster | West-Afrika oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk | net bedrige | |
| flaggesturtrôlder | Coracias spatulatus | Tanzania, Sambia, Mozambyk, Simbabwe, Angoala | net bedrige | |
| Yndyske rôlder | Coracias benghalensis | Fan it suden fan Irak oant Yndia | hast bedrige | |
| Yndosineeske rôlder | Coracias affinis | Fan East-Yndia oant Fjetnam en Yndosina | net bedrige | |
| lilaboarstrôlder | Coracias caudatus | Eastlik en súdlik Afrika | net bedrige stabyl[5] | |
| rôlder | Coracias garrulus | East- en Súd-Europa, West-Aazje, oerwintering yn Afrika | net bedrige | |
| readkrúnrôlder | Coracias naevius | Afrika ûnder de Sahara | net bedrige | |
| Sahelrôlder | Coracias abyssinicus | Subsaharaansk Afrika | net bedrige | |
| Selebesrôlder | Coracias temminckii | Selebes en oanbuorjende eilannen | net bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
