Cor Schilder

Ut Wikipedy
Cor Schilder
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cornelis Schilder
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1981
berteplak Foalendam (Noard-Hollân)
stoarn 17 july 2014
stjerplak by Hrabove (de Oekraïne)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
sjenre popmuzyk
ynstrumint drumstel
jierren aktyf ±20002014
offisjele webside
gjint

Cor Schilder (folút: Cornelis Schilder; Foalendam, 1981 – by Hrabove (de Oekraïne), 17 july 2014) wie in Nederlânsk drummer út Foalendam. Hy spile yn 'e band Vast Countenance. Yn 2014 kaam er boppe de eastlike Oekraïne om by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.

Libben en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schilder wie hikke en tein yn it eardere fiskersdoarp Foalendam, oan 'e kust fan 'e Iselmar, dêr't er bekend stie ûnder de bynamme 'Pan'. Hy krige in beskate bekendheid as drummer fan 'e band Vast Countenance. De kost fertsjinne er as jiskeman by de gemeente Edam-Foalendam.

Schilder wie ien fan 'e passazjiers op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Dêrby kamen de 33-jierrige Schilder, syn 30-jierrige freondinne Neeltje Tol en alle 296 oare ynsittenden om it libben.

By har dea wiene Schilder en Tol ûnderweis nei Yndoneezje, dêr't se op fakânsje gean soene. Neeltje Tol, in ûndernimster dy't yn it Foalendamske winkelsintrum De Stient al trije en in heal jier in blommesaak runde, hie dêr op 'e doar in bryfke efterlitten mei de tekst: "Wij gaan lekker op vakantie, 4 augustus zijn we weer terug."

Schilder sels sette koart foar it ynstappen op Skiphol in foto fan it fleantúch, in Boeing 777, op syn Facebook-side mei dêrby de tekst "Mocht hij verdwijnen, zo ziet hij d'r uit." Dat wie in ferwizing nei de ferdwining fan Malaysia Airlines-flecht 370, in fearnsjier earder, mar dit lytse grapke waard nei de fleanramp gauris oanhelle fanwegen de wrangheid dy't it doe krigen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: