Springe nei ynhâld

Cookeilannen

Ut Wikipedy
Cookeilannen
Kūki ‘Āirani
Cook Islands
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Avarua
grutste stêd Avarua
offisjele taal Cookeilânmaoary en Ingelsk
steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
ûnôfhinklikheid 4 augustus 1965
sifers
ynwennertal 15.040 (2021)[1]
befolkingstichtens
oerflak 236.7 km²
% wetter 1,8–2,0 miljoen km² (oseaan)
bykommende ynformaasje
folksliet Te Atua mou ē
("God fan Wierheid")
muntienheid Cookeilânske dollar (CKD)
tiidsône UTC-10
tillefoan +682
ISO 3166-koade CK
ynternetekstinsje .ck
webside cookislands.travel

De Cookeilannen binne in eilannegroep fan 15 eilannen en atollen yn 'e súdlike Stille Oseaan.

De earste bewenners wiene Polynezyske kolonisten út û.o. Tahiti of Samoä, dy't om 900 oant 1000 f.Kr. op 'e eilannen kamen. Yn 1595 seach de Spaanske seefarder Álvaro de Mendaña de Neira it eilân en neamde it "San Bernardo". De earste Europeaan dy't yn 1606 foar it earst op Rakahanga lanne wie de Portegeesk-Spaanske seefarder Pedro Fernández de Queirós. Hy neamde it eilân "Gente Hermosa" (Moaie Minsken).

De eilannen binne ferneamd nei de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't it gebiet yn 'e 18e iuw yn kaart brocht. Cook joech de eilannen de namme Hervey Islands en de Russyske admiraal Adam Johann von Krusenstern sette yn syn Atlas de l'Ocean Pacifique de namme "Cook Islands". It hiele territoarium krige ynklusyf de noardlike eilannen dy lêste namme.

By de earst bekende lâning op Rarotonga troch Europeanen ûntstiene der swierrichheden tusken de seelju en de eilanners en oan beide kanten waarden in soad fermoarde. De eilannen seagen gjin Europeanen mear, oant Ingelske misjonarissen yn 1821 kamen. De befolking naam it kristendom al gau yn harren kutuer op en de measte bewenners binne hjoed-de-dei kristen.

De Nij-Seelânske gûverneur lêst de anneksaasjeproklamaasje foar oan keninginne Makea op 7 oktober 1900.

De Cookeilannen waarden yn 1888 in Britsk protektoraat nei in fersyk fan keninginne Makea Takau Ariki. Hja wie nammentlik benaud dat Frankryk de eilannen besette soe, lykas dat lân ek al Tahiti hie. Op 6 septimber 1900 presintearren de lieders fan 'e eilânbewenners in petysje mei it fersyk om de eilannen te anneksearjen as Britsk gebiet. Op 8 en 9 oktober 1900 waard de oerdracht fan Rarotonga en oare eilannen ûndertekene troch de lieders en ynwenners fan 'e Cookeilannen. De oerdracht omfette lykwols Aitutaki net. Yn 1901 waarden de eilannen opnommen yn 'e grinzen fan' e koloanje Nij-Seelân. De grinsferoaring waard fan op 11 juny 1901 fan krêft en de Cookeilannen hawwe sûnt dy tiid in formele relaasje mei Nij-Seelân hân.

Sûnt 1965 ha de Cookeilannen selsbestjoer en foarmje se in frije assosiaasje mei Nij-Seelân.

De befolking fan 'e eilannen is net grut. In soad minsken fan'e Cookeilannen binne hjoed-de-dei nei Nij-Seelân of Austraalje emigrearre. De grutste etnyske groep is fan Polynezyske komôf (likernôch 80-90%).

De offisjele talen binne Ingelsk en Cookeilânmaoary (ek wol Rarotongaansk neamd). It Cookeilânmaoary is in Polynezyske taal dy't nau besibbe is oan it Maoary fan Nij-Seelân en oan it Tahitiaansk fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. It Pûkapûkaansk (±450 sprekkers) is in minderheidstaal dy't op inkele eilannen yn it noarden fan 'e Cookeilannen sprutsen wurdt. Dizze taal is ek Polynezysk, mar nauwer besibbe oan it Tokelauaansk fan Tokelau, it Tûvalûaansk fan Tûvalû en it Samoaansk fan Samoä en Amerikaansk-Samoä.

CICC-tsjerke yn Rarotonga.

De measte bewenners fan 'e Cookeilannen binnen kristenen, wêrfan't 62,8% protestantsk en 17% katolyk. De grutste tsjerke is de Cook Islands Christian Church (CICC). De bewenners libje yn doarpen en binne tige meiïnoar. Tsjerke en mienskip spylje in grutte rol.

De kultuer is Polynezysk en uteret him yn muzyk, dûns en ambacht. In bekende tradisjonele dûns is de Ura, faak mei trommels begelaat wurde troch beweging ferhalen fertelt.

Troch toerisme en migraasje is der kontakt mei oare kultueren en de ynfloed fan 'e moderniteit lit him ek op ' e Cookeilannen jilde, mar mienskipswearden bliuwe wichtich.

Atol.

De eilannen binne ferdield yn in súdlik en in noardlik diel: de súdlike Cookeilannen binne fulkanyske eilannen mei berchachtich terrein, de noardlike eilannen besteane út lege koraalatollen. It grutste en meast ûntwikkele en befolkte eilân is Rarotonga. It totale lânoerflak is net grut, likernôch 236–237 km².

De Cookeilannen ha in tropysk klimaat mei passaatwinen. Der is in drûger seizoen fan likernôch april oant novimber en in wieter seizoen fan likernôch desimber oant maart.

Op 'e fulkanyske eilannen is in bercheftich lânskip mei tropyske begroeiïng, palmbeammen en banane- en fruitbeammen. Om de atollen en lagunes binne koraalriffen mei in rike ûnderwetterwrâld.

List fan eilannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lokaasje eilannen.
Kaart Satelyt-ôfbyld Eilân Oerflak
km²
Befolking
2021[2]
Opmerking
Rarotonga 67,1 km² 10.863 ynwenners haadeilân, grutste eilân mei de measte ynwenners.
Aitutaki 18,3 km² 1.776 ynwenners
Atiu 26,9 km² 382 ynwenners oare namme: Enuamanu
Mangaia 51,8 km² 471 ynwenners op ien nei grutste eilân fan 'e Cookeilannen
Manihiki 5,4 km² 207 ynwenners bynamme: Pearleilân
Manuae 6,2 km² net bewenne wurdt fanút Aitutaki bestjoerd
Mauke 18,4 km² 249 ynwenners
Mitiaro 22,3 km² 155 ynwenners alternative namme: Nukuroa
Nassau 1,3 km² 92 ynwenners wurdt fanút Pukapuka bestjoerd
Palmerston 2,1 km² 25 ynwenners lânseigen namme: Pamati
alle ynwenners binne neiteam fan 'e Ingelsman William Marsters (1831–1899)
Penrhyn 9,8 km² 230 ynwenners lânseigen namme: Tongareva
Pukapuka 1,3 km² 456 ynwenners mienskiplik Island Government mei Nassau
Rakahanga 4,1 km² 81 ynwenners lâneigen namme: Tapuahua
Suwarrow 0,4 km² net bewenne wurdt fanút Pukapuka bestjoerd
Takutea 1,3 km² net bewenne wurdt fanút Atiu bestjoerd

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: