Springe nei ynhâld

Constantin Wilhelm Lambert Gloger

Ut Wikipedy
Constantin Wilhelm Lambert Gloger
Gloger om 1860 hinne
Gloger om 1860 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne17 septimber 1803
berteplakGrottkau, Silezië
stoarn30 desimber 1863 (60 jier)
stjerplakBerlyn
wurkpaad
aktyf assoölooch en ornitolooch

Konstantin Wilhelm Lambert Gloger (by Grottkau, Silezië, Keninkryk Prusen, 17 septimber 1803 - Berlyn, 30 desimber 1863) wie in Dútske soölooch en ornitolooch.

Constantin Gloger waard berne op de bûtenpleats fan syn heit. Hy wie de âldste fan sân bern fan Franz Gloger (1778–1851) en syn frou Johanna, berne Klaar (1776–1838). Nei't er syn iere oplieding krigen hie fia priveeles, gie er fan Peaske 1813 ôf nei it Königliche Gymnasium Carolinum yn Neisse, dêr't er yn 1821 syn Abitur (talittingseksamen foar de universiteit) helle. Fan 1824 ôf studearre er natuerwittenskippen yn Berlyn en Breslau; yn 1830 helle er syn doktoraat mei in proefskrift mei de titel De avibus ab Aristotele commemoratis ('Oer de fûgelsoarten neamd troch Aristoteles').

Hy begon al doe't er noch studint wie mei it ûndersykjen fan it fûgellibben fan it Reuzeberchtme. Yn 1830 waard er learaar yn Breslau en tagelyk lid fan 'e Dútske Akademy fan Natuerwittenskippers Leopoldina, oprjochte yn 1652, [1] dy't sûnt 1878 yn Halle (Saale) fêstige is. Yn 1833 waard hy keazen ta sekretaris fan 'e Soölogyske ôfdieling fan 'e Silezyske Feriening foar Patriotyske Kultuer. Yn 1843 ferhuze er fan Breslau nei Berlyn, dêr't er wurke foar it Soölogysk Museum Berlyn en siet yn 'e redaksje fan it Journal für Ornithologie.

Constantin Gloger wie de earste dy't de ferskillen tusken swelfûgels en toerswelfûgels ynseach. Hy wie ek de earste dy't flearmûskasten opsette. Hy wie de ûntdekker fan wat no bekend stiet as de regel fan Gloger, dy't stelt dat donkere pigminten tanimme by bisten dy't yn waarme en fochtige habitats libje (fûgels wiene de foarbylden dêr't er it patroan oarspronklik yn opmurk). Hy brocht dizze teory nei foaren yn syn Das Abändern der Vögel durch Einfluss des Klimas(1833). De krekte wize wêrop't dit patroan feitlik feroarsake wurdt is noch altyd ûndúdlik, mar by fûgels is suggerearre dat it donkerder pigmintearre fearrekleed beskerming biedt tsjin fearre-ôfbrekkende baktearjes, dêr't de aktiviteit grutter fan is yn waarme en fochtige streken.

  • Über die auf dem Hochgebirge der Sudeten lebenden Säugetiere und die während des Sommers daselbst vorkommenden Vögel (1827)
  • Zur Naturgeschichte des weißbindigen Kreuzschnabels loxia taenioptera (1829)
  • Schlesiens Wirbelthier-Fauna. Ein systematischer Ueberblick der in dieser Provinz vorkommenden Säugthiere, Vögel, Amphibien und Fische. (1833) doi:10.5962/bhl.title.63781
  • Das Abändern der Vögel durch Einfluss des Klimas (1833)
  • Vollständiges Handbuch der Naturgeschichte der Vögel Europas (ab 1834)
  • Gemeinnütziges Hand- und Hilfsbuch der Naturgeschichte (1842)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: