Conrad Wilhelm Hase

Ut Wikipedy
Conrad Wilhelm Hase (1898)

Konrad Wilhelm Hase (Einbeck, 2 oktober 1818 - Hannover, 28 maart 1902) wie in Dútske arsjitekt en universitêr dosint. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste fertsjintwurdigers fan de 19e-iuwske neogoatyske arsjitektuer.

Hase wie in keninklik Hannoveraansk Baurat, fan 1863 ôf konsistoariaal boumaster fan de Hannoverske regionale tsjerke, fan 1849 ôf learaar en fan 1878 ôf heechlearaar arsjitektuer oan de Polytechnyske Hegeskoalle yn Hannover en oprjochter fan de Hannoverske Skoalle foar Arsjitektuer, lid fan de Keninklike Prusyske Keunstakademy yn Berlyn (Königlich Preußischen Akademie der Künste), lid fan de Akademy foar Byldzjende Keunsten (Akademie der bildenden Künste) yn Wenen, earelid fan de Akademy foar Skiene Keunsten (Kungliga Konsthögskolan Stockholm) yn Stockholm en eareboarger fan de stêden Einbeck en Hildesheim. Syn ynset foar it behâld en ûnderhâld fan histoaryske gebouwen makke him ta in pionier yn it behâld fan histoaryske monuminten yn Noard-Dútslân en dêrbûten.

Stylprinsipes en ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boustyl fan Hase wie beynfloede troch de midsiuwske bakstiengotyk, wêrby't de konstruksje fan de gebouwen en it brûkte boumateriaal foar de taskôger sichtber bliuwe moasten (Putz ist Lüge, "gips is in leagen"). Hase plande mear as 340 gebouwen yn neogoatyske styl, wêrûnder mear as 100 sakrale gebouwen.[1] Hy beskôge de gotyk as de eigentlike kristlike boustyl. Dêrneist wiene der mear as 150 restauraasjeprojekten en gâns publikaasjes oer de arsjitektuerskiednis fan histoaryske gebouwen. Syn bakstiengotyk, soms lettinkend " Hasik " neamd, drukte syn stimpel op it stedsbyld fan Hannover en fia syn learlingen (Karl Börgemann, Franz Ewerbeck, Friedrich Fahro, Christoph Hehl, Karl Henrici, Rudolph Eberhard Hillebrand, Georg Kegel, Gerhard Franz Langenard, Wilhelm Lüer, Karl Mohrmann, Edwin Oppler, Johannes Otzen, Max Pommer, Paul Rowald, Eduard Wendebourg, Johannes Franziskus Klomp en in protte oaren) in soad oare plakken, net allinnich yn Noard-Dútslân.
In soad iepenbiere en partikuliere gebouwen, bedriuwsgebouwen, tsjerken en monuminten binne oant no ta bewarre bleaun. Syn eigen hûs, de saneamde "Haseburg", waard lykwols yn de Twadde Wrâldoarloch ferwoastge. Syn grêf is op it stedsbegraafplak Engesohde yn Hannover. Hase wie eareboarger fan Hildesheim, dêr't in strjitte nei him neamd is. Syn portret is te finen op in bakstiennen gebou yn de strjitte.

Opmerklike wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: