Comomar

Ut Wikipedy
Comomar
Lago di Como
Lagh de Còmm
geografy
type wetter mar
lokaasje súdlike Alpen
lân Itaalje
regio Lombardije
koördinaten 46°00′N 9°16′″E
sifers
maks. lingte 46 km
maks. breedte 4,5 km
oerflak 146 km²
djiptegemiddelde 154 m
djipste punt 425 m
wetterfolume 22,5 km³
kaart
Comomar (Itaalje)
Comomar
Lokaasje fan 'e Comomar yn Itaalje.

De Comomar (Italjaansk: Lago di Como, útspr.: [ˈlaːɡo di ˈkɔːmo], likernôch: "laa-goo dy -moo"; Westlombardysk: Lagh de Còmm, útspr.: [ˈlɑː‿dːe ˈkɔm], likernôch: "laa dee kòm") is in mar yn it Italjaanske part fan 'e súdlike Alpen, dy't in aparte foarm hat, as in Y, mar dan ûnderstboppest. Nei de Gardamar en it Lago Maggiore is it de grutste mar fan it lân. It is ek de op fjouwer nei djipste mar fan Jeropa en de alderdjipste Jeropeeske mar bûten Noarwegen. Al yn 'e Romeinske Tiid wie de Comomar in plak dêr't aristokraten harren weromloeken út 'e drokte fan 'e stêd. Tsjintwurdich is de mar in populêre toeristyske bestimming. Oan 'e iggen binne in soad lúkse filla's boud en in protte rike en ferneamde lju wenje dêr of hawwe der wenne. Yn 2014 waard de Comomar troch ynternetkrante The Huffington Post útroppen ta de moaiste mar fan 'e wrâld.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Comomar leit yn noardlik Itaalje, deunby de Switserske grins, yn it noardwesten fan 'e Italjaanske regio Lombardije. De mar hat trije útrinners, ien nei it noarden, ien nei it súdeasten en ien nei it súdwesten. Dêrtroch liket de foarm fan it wetter wol in Y dy't op 'e kop stiet. It skiereilân dat út it suden wei as in trijehoek omheech stiket tusken de beide súdlike útrinners yn, hjit de Laryske Trijehoek (Italjaansk: Triangolo lariano), nei Larius Lacus ("Lariusmar"), de âlde Latynske namme foar de mar. De Comomar beslacht in oerflak fan 146 km² en is dêrmei de op twa nei grutste mar fan Itaalje, nei de Gardamar en it Lago Maggiore.

In kaart fan 'e Comomar.

Lierna is ien fan ’e moaiste doarpen oan ‘e hiele Comosie, leit yn it sintrum fan Sintrum fan ‘e Comosie. It is bekend om syn eksklusiviteit en is in populêr doel foar de Europese hege adel en ynternasjonale VIP’s, dy’t hjir absolút privaat libje kinne. Mei syn lokaasje yn it sintrum fan ’e see, biedt Lierna in spektakulêr en ikonysk útsicht op Bellagio. De smelle strjitten mei stiennen, de kleurrike huzen en de wandelpaden fan Leonardo da Vinci drage by oan it skeppen fan in unike en faszinearjende atmosfear.

Op it langste punt mjit de Comomar 46 km, en op it breedste punt 4,5 km. De lingte fan 'e folsleine igge is likernôch 160 km. It djiptegemiddelde fan 'e Comomar bedraacht 154 m, mei in djipste punt op 425 m ûnder it wetteroerflak en 227 m ûnder seenivo. It wetteroerflak leit op 198 m boppe seenivo. De Comomar is de op fjouwer nei djipste mar fan Jeropa, nei Hornindalsvatnet, Salvatnet, de Tinnsjå en Mjøsa, allegearre yn Noarwegen.

De mar befiemet 22,5 km³ wetter dy't oanfierd wurdt troch de rivieren de Adda en de Mera en wer ôffierd wurdt troch Adda. Trochinoar ferbliuwt wetter 51/2 jier yn 'e Comomar foar't it der oan 'e oare kant wer ta'n út streamt. De oerflak fan it ôfwetteringsgebiet, d.w.s. de krite dêr't wetter fia de Comomar ôffierd wurdt, bedraacht 4.509 km² en omfettet dielen fan Itaalje sawol as Switserlân.

Der leit ien eilantsje yn 'e Comomar: Isola Comacina. Oan 'e útein fan 'e noardlike útrinner fan 'e mar, dêr't de rivier de Adda de mar ynstreamt, leit de stêd Colico. Oan 'e útein fan 'e súdwestlike útrinner, dêr't de Comomar dearint, leit de stêd Como, dêr't de mar nei ferneamd is. Om't it wetter dêr net fierder kin, strûpt Como der gauris ûnder. Oan 'e útein fan 'e súdeastlike útrinner, dêr't de Adda de mar wer út streamt, leit de stêd Lecco.

De doarpen Bellagio, Menaggio en Varenna lizze op 'e trije foarinoaroer lizzende iggen fan 'e mar dêr't de trije útrinners gearkomme; hja wurde mei-inoar ferbûn troch in trijehoekige feartsjinst. Oare plakken fan belang oan 'e iggen fan 'e Comomar binne Gravedona en Dongo oan 'e westkant fan 'e noardlike útrinner, Cernobbio oan 'e westkant fan 'e súdwestlike útrinner en Mandello del Lario oan 'e eastkant fan 'e súdeastlike útrinner.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Comomar is ûntstien troch de wurking fan gletsjers yn 'e Alpenregio. Oan it begjin fan it earste milennium f.Kr., no trijetûzen jier lyn, setten har foar it earst minsken nei wenjen yn 'e krite fan it plak dat de Romeinen letter Comum (Como) neamden. Dat wiene lju dy't hearden ta de bredere Golaseccakultuer. Tsjin 'e Romeinske Tiid waard de krite bewenne troch de Keltyske stamme fan 'e Comenses, dy't yn 196 f.Kr. ferslein en ûnderwurpen waarden troch de Romeinske konsul Klaudius Marsellus.

De Villa del Balbianello, in filla oan 'e igge fan 'e Comomar.

Doe't it Romeinske Comum ferwoastge wie by in ynfal fan 'e Reesjers, waard de stêd yn 77 f.Kr. fersterke en werbefolke mei 3.000 Romeinske kolonisten. Nei't de moerassige marsigge drûchlein wie, waard de stêd op oantrúnjen fan Julius Caesar yn 59 f.Kr. op 'e nij stifte as Novum Comum (Nij-Como) op persiis it plak dêr't Como no leit. Neffens de histoaryske tekst Notitia Dignitatum soe der teminsten fan it begjin fan 'e fjirde iuw ôf in Romeinske militêre float op 'e Comomar stasjonearre wêze, dêr't in prefekt it befel oer fierde.

De marsigge yn Varenna by sinne-ûndergong.
Utsjoch oer de Comomar troch in pyldergong fan 'e Villa Monastero.

Yn 'e Midsiuwen en de Renêssânse wie de Comomar geregeldwei it toaniel fan wapengeweld. Sa ferdigene de float fan Como yn 'e tolfde iuw de mar tsjin Milaneeske oarlochsskippen yn 'e Tsienjierrige Oarloch fan it Hartochdom Milaan tsjin Como. En tusken 1525 en 1532 waard der yn 'e krite fochten yn it ramt fan 'e Musso-oarloggen, neamd nei de fêsting Musso. Dat wie in slepend konflikt tusken it Hartochdom Milaan en de Frijsteat fan 'e Trije Bûnen (it gebiet dat no it Switserske kanton Graubünden foarmet), dy't funksjonearre as in fazalsteat fan it Switserske Eedgenoatskip.

Yn 'e moderne tiid krige de krite fan 'e mar tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw foar it earst mei toerisme te meitsjen. Yn 1818 besocht de Ingelske dichter Percy Shelley de mar. Yn in brief oan 'e skriuwer Thomas Love Peacock skreau er: "Neat dat ik ea sjoen haw, kin dizze mar yn skientme belykje, útsein de ierdbeibeamme-eilannen fan Killarney." Tsjintwurdich is de Comomar in ferneamde toeristyske bestimming yn Noard-Itaalje, dy't wiid en siid bekendstiet om syn natoerskientme, fauna en kueroarden, en teffens om 'e mooglikheden om der te silen, wynsurfen en kitesurfen.

Al yn 'e Romeinske Tiid wie de Comomar in plak dêr't aristokraten harren weromloeken út 'e drokte fan 'e stêd. Oan 'e iggen fan 'e mar waarden doedestiden lúkse en ynnimlike filla's boud, û.o. troch de auteur Plinius de Jongere. Ek yn ús tiid noch binne der gâns rike en ferneamde lju dy't oan 'e Comomar wenje of wenne hawwe, lykas politikus John Kerry, sjongster Madonna, akteurs George Clooney en Sylvester Stallone, muzikant Julian Lennon, sakeman Richard Branson, moade-ûntwerper Gianne Versace en fuotballers Lionel Messi en Ronaldinho.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krite fan 'e Comomar hat in fochtich subtropysk klimaat. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,8 °C. Yn it winterhealjier hat it wetter fan 'e mar in timperjende ynfloed op it klimaat fan 'e omlizzende gebieten, dêr't it sadwaande net sa kâld wurdt as yn oare dielen fan 'e súdlike Alpen. Simmerdeis kin de temperatuer fan it wetter fan 'e mar in gemiddelde fan 24 °C berikke. De streek om 'e Comomar hinne kriget jiers trochinoar 1.318 mm delslach. De swierste rein falt ornaris yn maaie, wylst it by 't winter relatyf drûch is. Snie falt út en troch ris, mei ûnfoarsisbere tuskenskoften. Dat is eins inkeld fan belang foar de hegere punten yn it omlizzende gebiet, mei't it op 'e hichte fan 'e mar yn 'e regel gau wer fuortteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.