Springe nei ynhâld

Como

Ut Wikipedy
Como
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Lombardije
provinsjeComo
Sifers
Ynwennertal84.774 (31.07.2025)[1]
Oerflak37,12 km²
Befolkingsticht.2.283,78 ynw./km²
Hichte201 m
Oar
Postkoade26900
Koördinaten45°48' N 9°05' E
Offisjele webside
www.comune.lodi.it
Kaart
Como (Itaalje)
Como

Como is in stêd yn it noarden fan Itaalje yn 'e regio Lombardije. De stêd leit oan 'e Comomar. Como is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme.

De oarsprong fan Como giet werom nei tiid fan foar de Romeinen. It gebiet ward doe bewenne troch de Keltyske stamme de Insubres. Yn 'e 2e iuw f.Kr. waarden sy ûnderwurpen troch de Romeinen. Om 196 f.Kr. hinne waard in earste Romeinske delsetting stifte en ûnder Gaius Julius Caesar waard Como om 59 f.Kr. hinne offisjeel Novum Comum, in kolony foar Romeinske boargers. It waard in typysk Romeinsk stedsplan mei rjochte strjitten en in forum. Guon oerbliuwsels dêrfan binne hjoed-de-dei noch yn it sintrum fan Como te sjen.

Porta Torre.

,

Nei de fal fan it Westromeinske Ryk (476) kaam Como ûnder it bewâld fan 'e Ostrogoaten, de Byzantinen en lang om let de Langobarden. Yn 'e 10e iuw waard Como ûnderdiel fan it Hillige Roomske Ryk. Como wie in fijân fan Milaan en dat late op 27 augustus 1127 nei in oarloch fan mear as tsien jier troch de ferneatiging fan 'e stêd. Mar Como waard mei help fan keizer Freark I Barbarossa wer opboud mei ferdigeningsmuorren en ymposante tuorren en útwreide se mei de ymposante tuorren lykas de Porta Torre, de San Vitale en Porta Nuova (of Torre Gattoni). Ek it Castel Baradello waard restaurearre en fersterke mei de bou fan 'e machtige toer. Yn dy tiid naam Como wraak troch diel te nimmen oan 'e ferneatiging fan Milaan yn 1162 en fan Isola Comacina yn 1169, in lyts bolwurk oan 'e Comomar dat mei de Milanezen yn 'e tsienjierrige oarloch ferbûn wie. Como soe him letter net by de Lombardyske Liga oanslute, dy't him fersette tsjin de Dútske keizer Freark I Barbarossa.

Mei Azzone Visconti kaam Como ûnder ynfloed fan it Visconti-bewâld en yn 'e lette midsiuwen en iere renêssânse wie Como in diel fan it hartochdom Milaan. Dêrnei kaam Como ûnder Spaansk en letter Eastenryksk bewâld (fan 'e Habsburgers). Yn 'e 15e iuw waard Como fral bekend om syn sydeproduksje en noch jimmeroan wurdt Como as in sintrum fan ynnovaasje en kwaliteit yn 'e produksje dêrfan beskôge.

De stêd kaam yn 1797 as diel fan 'e Cisalpynske Republyk ûnder Frânske ynfloed fan Napoleon Bonaparte en letter ûnder it Keninkryk Itaalje ûnder Napoleon. Nei de fal fan Napoleon yn 1815 waard Como wer Eastenryksk oant de ienwurdich fan Itaalje yn 1859, doe’t de stêd by it nije Keninkryk Itaalje foege waard.

Yn 'e 19e en 20e iuw ûntjoech Como him ta in yndustriële stêd mei in sterke tekstylyndustry. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Como sparre foar bombardeminten en Como wie yn april 1945 de stêd fan 'e ûntsnapping en barrens dy't anneks wiene mei de arrestaasje en eksekúsje fan Benito Mussolini en de epilooch fan it faksistyske rezjym.

It besjen wurdich (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Religieuze monuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Domtsjerke.
  • De Marije-Himelfeartkatedraal (Cattedrale di Santa Maria Assunta) is it grutste monumint fan 'e stêd. Mei de bou fan 'e tsjerke waard yn 1396 útein set en de foltôging wie yn 'e 18e iuw. It bouwurk kombinearret goatyske, renêssânse- en barokke eleminten.
  • De Sint-Fidelisbasilyk (Basilica di San Fedele) oan it Piazza San Fedele is in iere romaanske tsjerke út de 10e iuw en boud op it plak fan in eardere tsjerke.
  • De Basilica di Sant'Abbondio is in 11e-iuwske romaanske tsjerke bûten it sintrum en stifte as kleastertsjerke troch benediktynske muontsen. De tuorren en fresko's fan 'e tsjerke datearje út de 14e iuw.

Sekuliere arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Broletto.
  • It goatyske Broletto oan 'e Piazza del Duomo njonken de domtsjerke is it midsiuwske stedhûs (1215).
  • It Castello Baradello stiet op in heuvel boppe de stêd dat troch Freark Barbarossa yn 'e 12e iuw fersterke waard.
  • De Porta Torre is in 12e-iuwske poarte en wie ûnderdiel fan 'e midsiuwske stedsmuorren.
  • It Palazzo Giovio is in 16e-iuwsk paleis, dêr't no it Museo Civico di Como, mei argeologyske fynsten, bylden en skilderijen is ûnderbrocht.
  • It Palazzo Olginati is in renêssânsepaleis, no it Histoarysk Museum Giuseppe Garibaldi (Museo Storico Giuseppe Garibaldi).
  • De Volta-timpel (Tempio Voltiano) oan 'e igge fan 'e Comomar is in neoklassisistysk monumint dat wijd is oan 'e yn Como berne natuerkundige Alessandro Volta.
Tempio Voltiano.
  • Museo Archeologico “Paolo Giovio” (fynsten út de prehistoarje, de Romeinske tiid (mei materiaal út Novum Comum) en de iere midsiuwen.)
  • Museo Storico “Giuseppe Garibaldi” (moderne skiednis en tiid fan 'e Italjaanske ienwurding)
  • Tempio Voltiano (wijd oan Alessandro Volta)
  • Museo Didattico della Seta (museum oer de side- en tekstylyndustry)

Keunstgallery

  • Pinacoteca Civica (keunstmuseum mei wurken fan Lombardyske en Italjaanske skilders út de 14e oant de 20e iuw)
  • Spazio Culturale Antonio Ratti (moderne hjoeddeiske keunst)
  • Museo dei Bambini (boartersguodmuseim)

Yn 1745 waard yn Como de natuerkundige Alessandro Volta berne, de útfiner fan 'e batterij. Syn namme libbet troch yn de ienheid fan elektryske spanning, de volt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: