Command & Conquer: Red Alert-searje

Ut Wikipedy

Command & Conquer: Red Alert is in rige fan real-time strategy-fideospultsjes spyljend yn it Command & Conquer-universum.

De Red Alert-searje spilet yn in alternative tiidline as 't Albert Einstein werom reizget nei it ferline en Adolf Hitler útskeakelt om de Twadde Wrâldkriich te foarkommen. Dit plan hat lykwols de ûnbehindere Soviet ynvaazje fan Europe troch Joseph Stalin yn de jierren 1950 as ûnbedoeld gefolch. De spiler kin yn op dat momint as Sovjet of Alliearde lieder de striid oangean. Dizze Sovjet-ynvaazje tsjinnet as eftergrûn foar it earste Command & Conquer: Red Alert spul en har twa útwreidings, Counterstrike and The Aftermath.

diel 2[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Command & Conquer: Red Alert 2 is in ferfolch op it earste diel mei in eigen útwreiding; Command & Conquer: Yuri's Revenge. Yn it ferhaal fan Red Alert 2 falt de Sovjet-Uny de United States binnen mei brein-oerhearskings-technology om de Amerikaanske troepemacht oer te nimmen en it Amerikaanske nukleêre arsenaal te stopjen. Yn Yuri's Revenge stridet de spiler tsjin de adviseur fan de Sovjetpremier Yuri, dy de wrâld besiket te oerhearskjen mei syn "psychic dominator" technology.

diel 3[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Red Alert 3 is de Sovjet-Uny hast ferslein wannear't se op it lêste stuit op harren beurt weromreizgje nei 1927 en Albert Einstein út de tiidline wiskje. Dit hat as ûngelokkich gefolch dat der dan, neist de Sovjets en de Alliearden, in tredde wrâldmacht opkomt: it Japanske Keizerryk.

Spullen yn de searje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: