Combourg
| Combourg | ||
| Kastiel fan Combourg | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Bretanje | |
| Departemint | Ille-et-Vilaine | |
| Arrondissemint | Saint-Malo | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 6.411 (2023)[1] | |
| Oerflak | 63,55 km² | |
| Befolkingsticht. | 101 ynw./km² | |
| Hichte | 29-120 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 35270 | |
| Offisjele webside | ||
| www.combourg.bzh | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Combourg is in gemeente yn it Frânske departemint Ille-et-Vilaine yn 'e regio Bretanje. De gemeente makket diel út fan it arrondissemint Saint-Malo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Combourg is in âlde gemeente yn Bretanje mei spoaren fan bewenning sûnt de iere midsiuwen. De omjouwing leit tusken Rennes en Saint-Malo en lei eartiids yn it grinsgebiet tusken ferskillende machtssintra. Yn 'e midsiuwen hearde Combourg ta it grinsgebiet fan it ûnôfhinklike hartochdom Bretanje. Dat bleau sa oant Bretanje yn 1532 formeel ûnderdiel fan it keninkryk Frankryk waard.

It plak krige ynternasjonale bekendheid mei't François-René de Chateaubriand (1768-1848), ien fan 'e grûnlizzers fan 'e Frânske romantyk, syn jongerein trochbrocht yn it kastiel fan Combourg: yn syn "Mémoires d’outre-tombe" beskreau er it kastiel, de mar en de omkriten. It kastiel waard yn 'e Frânske Revolúsje plondere en foar in part ferneatige en de famylje Chateaubriand waard ûnteigene. François-René sels flechte it lân út en libbe in skoft yn ballingskip. Syn broer, skoansuster en skoanmem belânen yn Parys ûnder de guillotine.
It kastiel waard yn 'e rin fan 'e 19e iuw yn neogoatyske styl troch it neiteam fan 'e famylje restaurearre. De restauraasje is ynspirearre troch de midsiuwske arsjitektuer-idealen en restauraasje fan Viollet-le-Duc.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske Combourg hat in histoarysk sintrum mei 16e-iuwske gebouwen, fakwurkhûzen en in tsjerke. It doarp is erkend as as "Petite Cité de Caractère" fanwegen syn erfgoed.
De Wikipedy hat ek in side Kastiel fan Combourg.
- It midsiuwske kastiel oan 'e mar oerhearsket it doarp.
- De Us-Leaffrouwetsjerke (Notre-Dame) is in monumintale neogoatyske parochytsjerke mei moai glês-yn-leadwurk.
- Yn it histoaryske sintrum binne 16e-iuwske fakwurkhûzen te sjen. ien fan é opmerklike gebouwen is it Maison de la Lanterne
- Noardlik fan Combourg leit Le Labyrinthe du Petit Prince.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Us-Leaffrouwetsjerke.
- Maison de la Lanterne.
- Manoir du Grand Trémaudan.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
