Springe nei ynhâld

Súdamerikaansk Inkadoke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Columbina squammata)
Súdamerikaansk Inkadoke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaailytse grûndowen (Columbina)
soarte
Columbina squammata
Lesson, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Súdamerikaansk Inkadoke (Columbina squammata) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).

De soarte mei iepen sturt.

De fûgel is in doke fan 18 oant 22 sm lang en weaget tusken de 48 en 60 gram. It meast opfallend is it skobbich patroan fan syn fearrekleed, dat feroarsake wurdt troch de donkere rannen fan alle fearren. Hy hat griisbrune boppedielen en in rôzegriis gesicht en boarst, in wite kiel en wite bûtenste dekfearren op 'e wjukken, dy't by de sletten wjuk in wite streek foarmje. De sturt is donker mei wite einen op 'e sturtpinnen, dy't by in iepen sturt in wite bân foarmje. De eagen binne donker, de poatsjes rôze en de snaffel is griis.

De soarte komt yn it noarden en easten fan Súd-Amearika yn twa apart fan inoar lizzende gebieten foar en wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:

It doke libbet yn pearkes of lytse groepkes oan boskrannen, savannes, beamgroepen en mijd yn 'e regel tige iepen of tige sletten lânskippen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn guon gebieten is it in skouwe fûgel, mar yn oare gebieten lykas Brasília of Goiânia is it doke in soad by minsken waar te nimmen.

It nêst wurdt yn 'e regel 1 of 2 m boppe de grûn boud, mar somtiden ek op 'e boaiem. In lechsel bestiet út 2 wite aaikes.

De dokes foerazjearje op 'e grûn. De beam Trema micrantha is ien fan 'e favorite fiedselboarnen fan 'e soarte.

De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en de IUCN giet der fan út dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne wurdt de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hohltaube (ferzje 15 april 2024)