Springe nei ynhâld

Picuigrûndoke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Columbina picui)
Picuigrûndoke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaailytse grûndowen (Columbina)
soarte
Columbina picui
Temminck, 1813
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Picuigrûndoke (Columbina picui) is in fûgelsoarte yn it skaai lytse grûndowen (Columbina) út de famylje dowen (Columbidae).

Picuigrûndoke yn it Parque San Rafael, Paraguay.

It doke wurdt likernôch 18 sm en is likernôch like grut as in protter en wat grutter as in diamantdoke. Yn ferlikening mei oare soarten yn it skaai hat it Picuigrûndoke in wat langere sturt. Der binne ferskillen tusken mantsjes en wyfkes; mantsjes binne oer it gehiel grizer en wyfkes bruner.

De foarholle en de kiel binne griiswyt, de kroan en de nekke jiskegriis. Fan 'e snaffel oant it each rint in tige smel swart streekje. De mantel en de rêch, de dekfearren fan 'e wjukken en de sturtfearren binne griisbrún en de slachpinnen swart. De hals en it boarst binne fealgriis. Mantsjes ha in rôze glâns, dy't by wyfkes ôfwêzich is. De búk is hast wyt. De snaffel is brúneftich griis, de poatsjes binne rôzich en de iris is griisblau.

De fûgel komt fan noardeastlik Brazylje oant sintraal Sily en súdlik Argentynje foar. Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Columbina picui strepitans: noardeastlik Brazylje.
  • Columbina picui picui: fan Bolivia en sudlik Brazylje oant sintraal Sily en súdlikelijk Argentynje.

It habitat fan it doke bestiet út drûge en healdrûge gebieten, lykas savannes, iepen gerslân en agrarysk brûkt lân. De fûgel past him hieltiten mear oan plakken oan, dêr't ek minsken wenje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Picuigrûndokes libje meast op 'e grûn, dêr't se yn lytse groepkes nei sied sykje. Yn Bolivia briedt de soarte tusken septimber en april. Yn Argentynje begjint de briedtiid yn oktober en einiget dy ek yn april. Yn it noardeasten fan Brazylje briede se it hiele jier troch oant twa kear ta, wylst op oare plakken mar ien kear bret wurdt. It nêst wurdt yn 'e ûndergroei fan strûken of lytse toarnbeamkes boud en bestiet út twa aaikes. Mantsjes en wyfkes briede tegearre likernôch 13 dagen. Nei tolve oant trettjin dagen ferlitte de jongen it nêst.

De IUCN beöardielet de soarte as net bedrige (LC, 2024). De oantallen fan 'e populaasje wurde as stabyl beöardiele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: