Oliifdo
| oliifdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba arquatrix | ||||||||||||
| Temminck, 1809 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De oliifdo (Columba arquatrix) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oliifdowen binne grutte dowen fan 37 oant 42 sm lang en in gewicht fan 300 oant 340 gram. Mantsjes binne readbrún op 'e rêch en wjukken, mei op 'e skouders wyt plakjes. De ûnderkant is readbrún en ek mei wite spikkels, wylst de kop griis is mei in giele snaffel en in giele eachring. Yn 'e nekke is in patroan fan brúne en grize streekjes. De ûnderkant fan 'e wjukken en sturt binne donkergriis en de poatsjes binne giel.
Wyfkes lykje op mantsjes mar binne oer it generaal doffer fan kleur.
Ferspriedingsgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit foar it grutste part yn it eastlike diel fan Afrika fan Etioopje oant it suden fan Súd-Afrika mei in westlike populaasje yn it westen fan Angoala. Ut en troch wurde de fûgels ek waarnommen yn Jemen. De soart wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten.
Oliifdowen komme yn beamtoppen foar yn fochtige bosken en bercheftich fynbos boppe 1400 meter, mar lokaal ek wol fanôf 700 meter. De fûgels wurde waarnommen yn jonge bosken en by iepen plakken en kin ek sjoen wurde op kultuergrûn as er dêr net ferfolge wurdt.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oliifdo boud in grut nêst fan takken oant wol 15 m heech yn 'e beam. Der wurdt meast ien aai lein, dat yn likernôch 20 dagen útbret wurdt. Jonge fûgels fleane 20 dagen nei it útkommen út.
De soarte yt fruit en beien en ek wol rûpen en ynsekten. Yn it suden hat de fûgel in foarkar foar de fruchten fan 'e ynvasive Solanum mauritianum. De fûgels fleane grutte ôfstannen fan it rêstplakken nei de plakken dêr se foerazjeare. Jonge en net-briedende fûgels foarmje kloften.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De IUCN klassifisearet de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Hôfdo
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
