Coldplay (band)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Coldplay Logo.svg
F.l.n.r Guy Berryman, Jonny Buckland, Chris Martin, Will Champion (2008)

Coldplay is in Britske band dy’t yn 1998 oprjochte is troch Chris Martin (sang, piano en gitaar), Jonny Buckland (gitaar en sang), Guy Berryman (basgitaar) en Will Champion (drums). Martin en Buckland binne de tekstskriuwers. De band spilet sfearfolle, mankelike ballads en melodieuze rocknûmers en docht wat tinken oan in rêstiger fersje fan de band U2. Coldplay slacht oan by in grut publyk, sawol de albums as de singles binne tige populèr.

Coldplay hie fuortendaliks al sukses mei de earste single “Yellow” en mei it album “Parachutes” en wûn mei dat album in Grammy Award foar de bêste alternative muzyk. It earste útlânske konsert waard holden yn Paradiso yn Amsterdam en in dei letter spile de band yn de útstjoering fan Henk Westbroek op 3FM radio in tal lietsjes. It grutte sukses begong mei it twadde album “A Rush of Blood to the Head” (2002) dat sawat twa jier yn de Album Top 100 stie. De single “Clocks” wie de grutste hit fan dit album en helle it twadde plak yn de Top 40. It tredde studioalbum “X & Y“ kaam ek op nûmer ien fan de Album Top 100. Chris Martin tsjutte mei “X en Y” op de ups en downs yn it libben. De single “Fix You” hat de Top 40 net helle, mar stiet wol by de boppenste tsien fan de Radio 2 Top 2000. Dit liedsje wurdt ek wol spile by betinkingen.

It fjirde studioalbum “Viva la Vida or Death and All His Friends” út 2008 stie njoggen wiken boppe-oan de Album Top 100. De single “Viva la Vida” helle it earste plak yn de Top 40 en stie yn desimber 2017 op it boppeste plak fan Radio Veronica’s Top 1000 fan alle tiden. Yn desimber 2010 brochten hja it lietsje “Christmas Lighs” út.

Yn 2011 waard it fiifde studioalbum “Mylo Xyloto” útbrocht. De singles “Every Teardrop is a Waterfall” en “Paradise” kamen yn de top 5. Fan it seisde album “Ghost Stories” (2014) berikte it lietsje “Magic” in twadde plak yn de Top 40. Op it sânde album “A Head Full of Dreams”( 2015) wurdt meidien troch Beyoncé, Noel Gallagher (Oasis), ToveLo en oaren. Op dit album spilet Coldplay ek disko, funk en elektropop. Dit is it lêste album oant no ta en de fans wachtsje fol spanning op in nij album.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]