Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma

Ut Wikipedy

Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma (Warkum, 18 febrewaris 1808 - De Lemmer, 15 maaie 1882) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Beyma wie in soan fan Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma en Agatha Wihelmina fan Voss. Hy troude mei Jacomina Rosetta Geertruida Tjalingii (1808-1888). Hy studearre rjochten en wie abbekaat op De Jouwer en De Lemmer. Dêrnjonken wie er ûnder oaren foarsitter fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Fan 1852 oant syn ferstjerren wie hy de earste boargemaster fan Lemsterlân.