Kikkertbekiisfûgel
| Kikkertbekiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Dacelo tyro | ||||||||||||
| Sharpe, 1880 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De kikkertbekiisfûgel (Dacelo rex, foarh. Clytoceyx rex) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De seldsume soarte wurdt 31 oant 34 sm lang en weaget 245 oant 320 gram. Se ha in hiele grutte en brede snaffel en binne hast net te werkennen as in iisfûgel. De kop is donkerbrún mei in rustbrune eachstreek en kraach. De kiel is wyt, de búk rustbrún en de stút blau en de wjukken binne donker. Mantsjes ha in blauwe sturt en wyfkes in reabrune. Juvenilen ha brune rântsjes oan 'e boarstfearkes en in readeftige kraach.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kikkertbekiisfûgel libbet yn 'e bosken fan Nij-Guinea op hichtes oant 2.400 m boppe seenivo. Se komme fral foar yn heuveleftige en bercheftige gebieten en fragmintearre ek yn it leechlân om 'e heuvels hinne. De fûgel is in stânfûgel.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte snaffel brûkt de fûgel om wringeleaze proaien op te graven út de boaiem. De fûgel fret foar it measte wjirms. Hy is skou en wach en dreech waar te nimmen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is seldsum en ôfhinklik fan bosk. Yn it ferspriedingsgebiet is der sprake fan beskieden houtkap. Dêrfandinne wurdt der foarsichtich fan útgien dat de oantallen licht tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige klassifisearre (2024).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme waard yn 1880 troch Richard Bowdler Sharpe beskreaun yn it nije skaai Clytoceyx.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
