Cloud's Rider
| Cloud's Rider | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | C.J. Cherryh | |
| taal | Ingelsk | |
| foarm | roman | |
| sjenre | science fiction | |
| 1e publikaasje | 1996, New York | |
| oarspr. útjwr. | Warner Books | |
| rige | ||
| rige | Rider-duology | |
| ● foarich diel | Rider at the Gate | |
| kodearring | ||
| ISBN | 0 44 65 19 103 | |
Cloud's Rider is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Wolks Ruter" of "Ruter fan Wolk" (wêrby't Wolk de namme fan in hynder is). It boek is it ferfolch op 'e roman Rider at the Gate en it ôfslutende diel fan 'e saneamde Rider-duology. Cloud's Rider fertelt hoe't it fierder giet mei Danny Fisher, de jonge mar no net mear sa ûnbelearde ruter fan in telepatysk nachthynder op 'e planeet Finisterre. Ek folget it ferhaal de bruorren Carlo en Randy Goss, de iennichste oerlibbenen fan it doarp Tarmin, dat derûnder strûpt is troch tadwaan fan harren sljochtsinnige trettjinjierrige suster Brionne. Cloud's Rider waard oarspronklik yn 1996 yn 'e Feriene Steaten publisearre troch de útjouwerij Warner Books mei in omslachôfbylding makke troch Stephen Youll.
Eftergrûn fan it Finisterre-universum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e lang lyn troch minsken kolonisearre planeet Finisterre is alle wrâldseigen fauna telepatysk en dêrmei tige gefaarlik foar minsken. De iennichsten dy't bûten minsklike delsettings oerlibje kinne, binne de ruters fan 'e wrâldseigen nachthynders en dejingen dy't sy begeliede. Nachthynders binne op Ierdske hynders lykjende tige yntelliginte bisten, dy't minsken as beriders útsykje om't se ferslave rekke binne oan 'e rike tinzen en oantinkens fan minsken.
Sjoch foar in wiidwediger útlis de § Eftergrûn fan it Finisterre-universum yn it artikel Rider at the Gate.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](Cloud's Rider begjint frijwol daliks op it punt dêr't Rider at the Gate einige. Sjoch foar wat foarôfgie: § Ynhâld yn it artikel Rider at the Gate.)
It is inkele dagen nei't de ruter Guil Stuart it mâle nachthynder Moanne ôfmakke hat, dat hiel de tinzewrâld op 'e berch Roger's Peak yn ûnstjoer brocht. Fuort dêrnei besocht in oare ruter, de troch haat en wrok ta dwylsin dreaune Ancel Harper, Stuart dea te sjitten, mar hy miste en waard sels deasketten troch Stuart syn selskipsfrou Tara Chang. Mei in skotwûne yn 'e side is Stuart net by steat om him fierders aktyf mei de sitewaasje te bemuoien. Tara, mei wa't er in relaasje krigen hat, wol by him bliuwe om him te fersoargjen. Dêrom falt it ta oan Danny Fisher, de jonge ruter fan it nachthynder Wolk, om 'e sechstjinjierrige Carlo Goss en syn fjirtjinjierrige broer Randy, de iennichste oerlibbenen fan it berchdoarp Tarmin, by Roger's Peak op te begelieden om harren nei it heger leine doarp Evergreen te bringen. Se hawwe ek de yn koma ferkearende Brionne by harren, de trettjinjierrige suster fan 'e bruorren Goss, dy't as beriidster fan Moanne ferantwurdlik is foar it ôfslachtsjen fan 'e ynwenners fan Tarmin troch de wrâldseigen rôfdieren dy't yn it sok fan Moanne it doarp binnenkrongen.
As Danny en de trije bern dy't er op 'e noed hat, oernachtsje yn 'e earste fan trije ruterhutten, wurde se steurd troch de ûnhuere telepatyske stjoerings fan in nachthynder. Danny is der suver wis fan dat it giet om it hynder fan Harper, dat nei de dea fan syn ruter útnaaid wie. Hoewol't Danny in ein mei Harper opriden hat, is er nea te witten kommen hoe't dat hynder hiet, en omreden fan 'e grizelige stjoerings fan it bist, neamt er it dêrom Spûk. Danny is bang dat it bist, dat miskien ek mâl wurden is troch it ferlies fan syn ruter, in nije berider siket en dêrfoar Brionne útkeazen hat. Om oan Spûk te ûntkommen, sette hy en de bruorren Goss de oare deis daliks wer fierder de berch op, om Brionne, dy't se meislepe yn in travois, by it hynder wei te krijen troch in hichte te berikken dêr't foar it nachthynder gjin fretten te finen is.
Danny, dy't ûnbekend is op Roger's Peak, hat fan Tara fia harren nachthynders in telepatyske rûtebeskriuwing krigen. Mar yn 'e earste sniestoarm fan 'e winter mist er net ien mar beide folgjende ruterhutten en berikke hy en de bruorren Goss mei grutte muoite te neare nacht de poarte fan Evergreen. Dat is net wat Danny yn 't sin hie. Syn doel wie om Brionne en har bruorren efter te litten yn 'e lêste ruterhutte en allinnich fierder te gean nei Evergreen om mei de pleatslike ruters en de boargerlike autoriteiten de kwestje fan it gefaarlike bewusteleaze fanke te bepraten. Dat rint no oars en Danny kiest derfoar om it spul stil te hâlden om't er benaud is om panyk yn it it doarp te feroarsaakjen.
De pleatslike ruters blike in gesin te wêzen: Ridley Vincint mei syn partner Callie Sabotay en harren achtjierrige dochterke Jennie. De oanwêzigens fan sa'n jong bern sterket Danny yn syn oertsjûging dat er him mar better safolle mooglik stilhâlde kin. Hy fertelt Vincint en Callie fansels oer de ûndergong fan Tarmin troch tadwaan fan in mâl nachthynder, mar hy ferswijt de rol fan Brionne. Ek lit er wei dat Carlo en Randy de ôfslachting fan 'e ynwenners fan Tarmin inkeld oerlibbe hiene om't se opsletten sieten yn 'e pleatslike sel nei't Carlo, wierskynlik ûnder ynfloed fan 'e dwylsinnige telepatyske stjoerings fan it mâle hynder, earder dy jûns syn mishanneljende heit deasketten hie. De reden foar dy ferswijing is dat Danny Carlo begûn is te beskôgjen as in freon. Dat is op himsels nuver, mei't ruters en boargers op Finisterre eins net mei-inoar omgeane. Mar Danny, dy't sels as boarger yn 'e grutte delsetting Shamesey opgroeid is, fielt him iensum en hat yn Carlo ien fûn mei wa't er prate kin.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Danny nimt yn Evergreen syn yntrek yn 'e ruterbarak by Vincint-en-dy, wylst Carlo en Randy Goss troch Eli Peterson, de pleatslike marshal, ynkertiere wurde by de loaie noartske pleatslike smid Van Mackey, om't harren heit de smid fan Tarmin wie. De noch altyd bewusteleaze Brionne wurdt troch Peterson en de pleatslike predikant, John Quarles, op 'e noed jûn fan Darcy Schaffer, de froulike dokter fan Evergreen. Dyselde libbet al in jier lang as in klúzneresse, nei't hja har dochter Faye ferlern is troch ferdrinking doe't it fanke troch it iis fan in poel sakke, wêrnei't har man Mark himsels tekoart die. Brionne liket gâns op Faye, en nei't Darcy it fanke yn har hûs opnommen hat, begjint se har oer te jaan oan ûnsûne fantasijen dat se Faye weromfûn hat.
It docht al rillegau bliken dat de freeslike trocht by de berch op troch de sniestoarm op himsels om 'e nocht west hat, want Spûk is Danny-en-dy dochs nei Evergreen ta folge. It bist bliuwt yn 'e wyldernis om it doarp hinne omhingjen en fersteurt de nachtrêst fan 'e ynwenners mei syn telepatyske stjoerings. Der is om Evergreen hinne fierders in opmerklike telepatyske stilte, krekt as binne alle oare wylde bisten de krite ûntflechte foar Spûk. Dat soe betsjutte dat it bist echt ta in mâl nachthynder wurden is.
Underwilens soarget it nijs fan 'e ûndergong fan Tarmin yn Evergreen foar gâns ûntsetting. It is dúdlik dat Evergreen, en de oare berchdoarpen dy't noch heger lizze, lykas Mornay, net oerlibje kinne sûnder Tarmin, dat in krúsjale rol spile by de befoarrieding fan 'e oare doarpen. Mar der makket him in oarsoartige opwining fan it doarp master as it besef by de doarpelingen fan Evergreen trochkringt, en teffens by de mynwurkers en houtsjers dy't yn it doarp oerwinterje, dat alles yn Tarmin dat net ytber is dêr no foar it oppakken leit om't der behalven de Goss-bern gjin erfgenamten fan 'e oarspronklike eigners binne. De minsken begjinne plannen te meitsje om by 't maityd, sadree't de tei it talit, by de berch del nei Tarmin te gean om har dêr yn 'e lege wenten te fêstigjen op in hichte dêr't it in stik nofliker is foar minsklike bewenning.
Danny, dy't foar it ferstân kriget dat de bruorren Goss mei sin bûten dy plannen holden wurde, fielt him roppen om Carlo deroer te ynformearjen, sadat er de rjochten fan him en Randy op syn heite smidterij en wente feilichstelle kin. Fan dat stuit ôf begjinne smid Mackey en syn frou Mary Hardesty de bruorren Goss, nei wa't se earder net omseagen, ynienen as harren bêste freonen te behanneljen. It is harren der dúdlik om te dwaan de smidterij fan Tarmin yn 'e hannen te krijen. Langer gearwurkje mei de Mackeys as moat, is wol it lêste dat Carlo wol, mar hy spilet it spultsje mei en hâldt de smid oan it lyntsje. De omslach yn it hâlden en dragen fan syn âldelju is ûnbegryplik foar de domme, loaie, wrokkerige Rick Mackey, de soan fan Van en Mary, dy't de bruorren Goss hatet om't se op alle mooglike manearen better binne as hysels.
Nei dagen fan yntinsive fersoarging troch Darcy Schaffer wurdt Brionne Goss wekker. Darcy is de wrâld te ryk en ek predikant Quarles en de oare notabelen fan Evergreen binne och sa bliid mei it opbetterjen fan "dat earme leave famke". Danny en Brionne har bruorren hiene lykwols leaver hân dat Brionne stoarn wie sûnder wer wekker te wurden. As Spûk nachts hieltyd tichter by Evergreen komt, is Danny derfan oertsjûge dat Brionne wer om in hynder begûn is te roppen. It fanke is in tige sterke telepatyske stjoerder, mar se is sa eigenwiis dat se wegeret te harkjen nei de stjoerings fan oaren, wat in funeste kombinaasje is. Danny en Ridley Vincint geane der by deiljocht op út om te sjen oft se Spûke fine en ôfmeitsje kinne. Wannear't se in ein fan it doarp ôf binne, ûnderstiet Vincint Danny oer wat der no eins echt yn Tarmin bard is, mei't er wol murken hat dat Danny dingen efterholden hat. Danny hat dan gjin oare kar mear as om 'e hiele boel op te bychtsjen, dat hy blaft alles derút, sawol oer de rol fan Brionne as oer hoe't Carlo en Randy de ûndergong fan harren doarp oerlibbe hawwe. Vincint is in strang mar rjochtfearich man, en hy beseft dat Danny net folle oars koe as dwaan wat er dien hat. Vincint ljochtet inkeld syn partner Callie yn oer wat er fan Danny oan 'e weet kommen is.
Earnest Riggs, in mynwurker, komt by Darcy yn 'e hûs om him behannelje te litten foar in wûne dy't er oprûn hat by in dronken stekpartij. As er Brionne sjocht, wurdt er alhiel ta útskroevenens brocht en begjint er him in takomst yn te byldzjen wêryn't hy en it tsjeppe jonge famke troud binne. Darcy, dy't eigen takomstdreamen hat wêryn't se Brionne adoptearret om it fanke wetlik ta har dochter te meitsjen, besiket him dat idee te ûntpraten. Mar as Riggs weromkomt mei it plan om mei in stik as wat maten fan sines by 't maityd nei Tarmin te gean om Brionne har erfenis feilich te stellen, betinkt Darcy dat ek de dokterspraktyk yn Tarmin no fakant is, en dat sy en Brionne yn it leger leine doarp in nofliker libben hawwe kinne soene. Se seit Riggs ta om syn misje te finansieren as er ek de dokterspraktyk foar har besette sil.
Dy nachts wurde Darcy en Brionne wekker makke troch grutte rebûlje by de foardoar fan it hûs, mar Darcy ornearret dat it nei alle gedachten dronken mynwurkers of houtsjers binne en hâldt de doar ticht. De oare moarns ûntdekt se dat de foardoar fan bûten ûnder it bloed sit: safolle dat der grif ien deadien wêze moat. Op 'e stoepe leit de hoed fan Earnest Riggs, mar de man sels is ûnfynber.
Marshal Peterson en syn helpmarshals komme del om 'e boel te ûndersykjen. In kliber doarpelingen, mynwurkers en houtsjers kloftet gear, ûnder wa ek Carlo en Randy Goss. Brionne, dy't har bruorren hatet om't se harren de skuld jout fan alles dat se sels dien hat, komt nei bûten ta en as se Carlo en Randy sjocht, ropt se út dat Carlo harren heit fermoarde hat. Rick Mackey, dy't al langere tiid in manear siket om fan 'e bruorren Goss ôf te kommen, sjocht syn kâns skoan en seit dat Carlo ek Earnest Riggs deamakke hat, en dat hy (Rick) dat mei eigen eagen sjoen hat. De eangst om wer yn 'e sel te bedarjen en helpeleas tasjen te moatten wylst syn suster in twadde doarp nei de ûndergong fiert, wurdt Carlo oermânsk en hy naait út, efterfolge troch de mynwurkers en houtsjers. Hy ferlit Evergreen en draaft de wyldernis yn, in domme set, mei't in minske allinnich dêr net oerlibje kin. Underwilens siket Randy beskûl yn it ruterkamp fan Evergreen, dêr't Vincint him op oantrúnjen fan Danny op 'e noed nimt. Sels set Danny op Wolk ôf út Evergreen om Carlo te rêden.
Yn 'e wyldernis moetet Carlo it nachthynder Spûk. It docht bliken dat Spûk dochs net mâl wurden is, mar inkeld in nije ruter siket en dêrfoar Carlo útsocht hat. Dàt is de reden dat it koppige bist harren it hiele ein nei Evergreen ta folge is. Wannear't Danny nei-oan komt, wurdt de telepatyske eangst fan syn nije hynder it syn sûne ferstân fan Carlo oermânsk en flechtet Spûk mei syn nije ruter djipper de wyldernis yn. Danny folget harren in ein de wei nei Mornay op en dan oer in smel houtsjerspaad, dat by de berch del liedt. Dêr wurdt Danny oanfallen troch in wrâldseigen rôfdier dat him út in beam wei op 'e hûd besiket te springen. Hy wurdt it lykwols krekt op 'e tiid gewaar, fjurret in kûgel ôf en rekket it. Underwilens wurde Carlo en Spûk tsjinkeard troch Guil Stuart en Tara Chang op harren nachthynders Brân en Flikkering, dy't itselde houtsjerspaad brûke om stadichoan berchop te gean nei Evergreen.
Nei't it nije pearke fan ruter en nachthynder kalmearre is en derfan bewissige dat nimmen harren deasjitte wol, geane Stuart, Tara en Danny op ûndersyk út nei it bist dêr't Danny op sketten hat. Se fine inkeld wat bloedplakken yn 'e snie, wat betsjut dat it bist noch libbet. Danny miende mar dat it in lorrie-lie wie, in lytseftich rôfdier dat net botte gefaarlik is foar in minske dy't in nachthynder by him hat. Mar de nachthynders kenne de rook fan it bist net werom, en de printen yn 'e snie litte sjen dat it om in folle grutte skepsel giet, like grut as in minske. Roger's Peak makket diel út fan 'e berchrêch fan 'e Firgeberg, en oarekant dêrfan leit lân dêr't noch nea in minske west hat. Soms komt der wat oer de bergen dat minsken noch nea sjoen hawwe, en dit moat sa'n gefal wêze. Wierskynlik is it wêzen oanlutsen troch de opskuor mei it mâle hynder Moanne en de ûndergong fan Tarmin. It is no ek dúdlik dat de stilte op 'e berch net oan Spûk lei, mar oan dit nije rôfdier, dêr't alle pleatslike fauna foar útpykt is.
De ruters fine fan it wêzen lykwols neat oars werom as syn nêst, dat er heech yn in beam boud hat. As Tara dêrop sjit, falle der minsklike bonken nei ûnderen ta en stikjes stof yn 'e kleuren fan it oerhimd dat Earnest Riggs oan hie, de nachts dat er ferdwûn. Deunby stiet in ruterhutte dêr't de fjouwer ruters oernachtsje wolle, mar dêr dogge se in aaklike ûntdekking. Itselde wêzen hat yn 'e hutte west en dêr alles oer de kop helle en stikken makke. Se sykje nei in gat dêr't er deryn kommen is, mar fine neat en moatte ûnder eagen sjen dat it giet om in wêzen dat yntelligint genôch is om út te finen hoe't doarren iepene wurde moatte. De ruters beslute bûten de stjonkende ruterhutte te kampearjen, wat feilich genôch is mei fjouwer nachthynders om harren te beskermjen. Te neare nacht skrikke se lykwols wekker as fierôf, yn Evergreen, alle alaarmklokken begjinne te lieden. Mei in tocht fan seis oeren foar de boech sette Danny en Tara Chang sa licht mooglik bepakt ôf om sa hurd mooglik it doarp te berikken. Mei syn skotwûne kin Stuart dat tempo net oan, dat hy en Carlo folgje stadiger, mar noch hieltyd sa hurd as se kinne.
Yn Evergreen is ûnderwilens panyk útbrutsen om't in wêzen fan bûten it doarp binnenkrongen is. Marshal Peterson wegeret de poarte te iepenjen om Ridley Vincint en syn frou en dochter mei harren nachthynders yn it doarp te litten, om't er benaud is dat der dan mei-iens ek alderhanne wrâldseigen ûngedierte yn komme sil. Dêrom wurdt besletten ta in noch nea fertoande oplossing: troch de pylder yn 'e midden fan 'e tuskenpoarte tusken it ruterkamp en it eigentlike doarp, dy't bedoeld is om foar te kommen dat nachthynders yn it doarp komme kinne, om te seagjen. Vincint, Callie en Jennie komme deryn mei harren hynders Glûp, Glâns en Rein en begjinne it doarp ôf te sykjen nei de ynkringer. Se fine de poarteman Serge Lasierre útinoar skuord werom en reitsje behelle yn in kat-en-mûsspultsje mei de ynkringer. Dy batst op in stuit troch it rút fan 'e pleatslike kroech nei binnen ta en deadet dêr trettjin mynwurkers en oare bargasten (ûnder wa Rick Mackey), dy't har dêr ferskânze hawwe. Yn 'e stege efter de kroech hat Vincint de kâns om it wêzen te deadzjen, mar yn it tsjuster mient er dat er man rinnen sjocht en sjit net. As dy 'man' fuort dêrnei as in aap yn in beam klimt en út 'e beam wei op it dak fan in oanbuorjend hûs springt, beseft er syn fersin. En hy beseft ek dat syn tsjinstanner wat is dat er noch nea sjoen hat.
As Vincint, Callie en Jennie fernimme hoe't Brionne telepatysk om 'e ynkringer ropt, beseffe se dat it fanke de reden is dat it wêzen nei Evergreen kommen is. Vincint moat dan oan marshal Peterson opbychtsje hoe't it sit mei Brionne. Se geane nei it hûs fan Darcy, dêr't predikant Quarles ôffurdige wurdt om 'e dokter te bepraten om Brionne te drogearjen ta bewusteleazens. Darcy twifelet, mei't se net it fertrouwen ferlieze wol fan it famke dêr't se har eigen dochter fan hopet te meitsjen. Mar se beslút it te dwaan as har ynffalt dat de stipe fan Quarles de adopsje in hiel stik makliker meitsje sil. Ear't se Brionne lykwols in middel tatsjinje kin, iepenet it fanke de doar nei it ûndergrûnske gongestelsel dat de doarpelingen winterdeis brûke om ûnbehindere troch waar en wyn en bulten snie fan it iene gebou nei it oare te kommen. Fuortendaliks komt it wêzen deryn en slacht Darcy dea.
Op dat stuit berikke Danny en Tara it doarp, dêr't se der mei harren nachthynders ynlitten wurde. De keppel nachthynders, no oanwûn fan trije nei fiif eksimplaren, fiert in telepatyske oanfal op it wêzen út. Mar net liker as in nachthynder en in nije ruter foarmje Brionne en it wêzen in pearbân. Se klimme nei it dak fan it hûs, dêr't se de kûgels fan ruters en doarpelingen ûntwike. Mei Brionne ûnder de earm springt it wêzen nei de grûn efter it hûs, fynt de iepensteande poarte nei it ruterkamp en wipt oarekant it kamp oer de palissade om mei it fanke yn 'e wyldernis te ferdwinen.
Danny, Carlo, Randy, Stuart en Tara bringe de rest fan 'e winter troch yn it ruterkamp fan Evergreen, dêr't se plannen meitsje foar de takomst. Randy wol ek graach ruter wurde en hat syn sinnen set op 'e fôle fan Callie har drachtige nachthynder Glâns. Stuart bringt it geheim fan it goud yn 'e fan it klif stoarte frachtwein út oan 'e oare ruters (sjoch: Rider at the Gate). Danny en Carlo sizze ta om by it kommen fan 'e maityd nei Anveney te riden. Dêr sille se de sakeman Lew Cassivey, mei wa't Stuart ôfspraken makke hie oer it gearsykjen en oerdragen fan it goud, freegje om befoarrieding foar Evergreen en de oare berchdoarpen. Stuart en Tara sille de lju út Evergreen by de berch del begeliede dy't har yn Tarmin nei wenjen sette wolle. Vincint en Callie bliuwe yn Evergreen om dat doarp te beskermjen. By it reedriden op 'e poel healwei de beide doarpen wurdt alle nijs trochjûn oan Mornay, dêr't in soad minsken wei oerkomme wolle om 'e leech kommende huzen yn Evergreen oer te nimmen. Fan Brionne en it bist wurdt nea wer wat fernommen, fysyk noch telepatysk. It liket dúdlik dat it wêzen mei har weromkeard is nei de ûnferkende wyldernis oarekant bergen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |
- Literêr wurk fan C.J. Cherryh
- Science fiction-roman
- Ingelsktalige roman
- Roman út 1996
- Literatuer oer telepaty
- Literatuer oer hynders
- Literatuer oer bûtenierdske wêzens
- Literatuer oer sljochtsinnigens
- Literatuer oer wraak
- Literatuer oer bruorren
- Literatuer oer bruorren en susters
- Literatuer oer minsklike kolonisaasje fan de romte