Claudette Colvin
| Claudette Colvin | ||
| Claudette Colvin (1953) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Claudette Colvin | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 5 septimber 1939 | |
| berteplak | Birmingham (Alabama) | |
| stoarn | 13 jannewaris 2026 | |
| stjerplak | Teksas | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Ferpleechkundige | |
| aktyf as | minskerjochte-aktiviste | |
| jierren aktyf | 1954-1968 | |
| reden bekendheid | wegere har plak yn it iepenbier ferfier ôf te stean oan in blanke | |
Claudette Colvin (Birmingham (Alabama), 5 septimber 1939 – Teksas, 13 jannewaris 2026) wie in pionier fan de Afro-Amerikaanske boargerrjochtebeweging.
Op 2 maart 1955 wie de fyftjin jier âlde Claudette de earste persoan dy't arrestearre waard om't se yn in bus yn Montgomery (Alabama) wegere har plak ôf te stean oan in blanke. Yn de steat Alabama gou yn dy tiid noch in wetlike rassesegregaasje en Afro-Amerikanen moasten dêrneffens efter yn de bus plaknimme. Dat ynsidint fûn sa'n njoggen moannen earder plak as it mear bekende ynsidint mei Rosa Parks.
De National Association for the Advancement of Colored People besleat har kasus lykwols net te brûken op basis fan de doe populêre respektabiliteitspolityk. Colvin wie jong, net troud en it die bliken dat se koart nei it ynsidint yn ferwachting wie. Sa't se yn lettere ynterviews sizze soe, waard har sein dat "Se gjin swiere jongfaam brûke woene, omdat it kontroversjeel wêze soe en dat minsken dan mear prate soene oer it swier wêzen as de busboykot."
Claudette Colvin ferstoar op 13 jannewaris 2026 yn 'e âldens fan 86 jier
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
