Claude Lorius

Ut Wikipedy
Claude Lorius yn 2009

Claude Lorius (Besançon, 25 febrewaris 1932) is in Frânsk gletsjerkundige. Hy wie ûndersiker en letter direkteur fan it CNRS. Ek wied er direkteur fan it Laboratoire de glaciologie et geophysique de l'environnement yn Grenoble fan 1983 oant 1988.

Hy hat meidien oan goed 22 poalekspedysjes, meast nei Antarktika, en hat holpen by it organisearjen fan ynternasjonale gearwurkingsferbannen op it mêd fan glasiologysk ûndersyk, lykas it ûndersykjen fan in 400.000 jier âlde iiskearn by it Vostokstasjon. Lorius syn rol by it ûntdekken en begripen fan palaeo-atmosfearyske ynformaasje út iiskearnen wie fan enoarm belang.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]