Springe nei ynhâld

Clare Dennis

Ut Wikipedy
Clare Dennis
sporter
Clare Dennis (1934)
Clare Dennis (1934)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clara Dennis
nasjonaliteit Australysk
bertedatum 7 maart 1916
berteplak Burwood
stjerdatum 5 juny 1971
stjerplak Manly
sportive ynformaasje
sport Swimmen
ûnderdiel Skoalslach
O.S. Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Clara (Clare) Dennis (Burwood, 7 maart 1916 - Manly, 5 juny 1971) wie in Australysk swimster.

Clare Dennis waard berne as tredde yn in húshâlding fan seis fan in plysjeman. Yn it begjin fan de jierren 1920 ferhuze de húshâlding nei Sydney, yn in lytse bûtenwyk oan it strân fan Sydney. Se sleat har mei har âldere suster Thora oan by de "Sydney Ladies Swimming Club"

Sy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Troch donaasjes fan kollega's fan ferstoarne heit by de plysje fan Sydney, koe se de reis nei Los Angeles om mei te dwaan oan de Olympyske Spullen betelje. Yn de kwalifikaasje waard se noch hast diskwalifisearre om't se in badpak oan hie dat net neffens de regels wie en te folle fan it skouder sjen liet. Sy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de 200 meter skoalslach yn in Olympysk rekôr fan 3:06.3 minuten.

Dennis wurke nei har sportkarriêre as trainer en kapster yn 1942 boaske se mei de eardere huorderinner George Golding dy't yn 1932 ek meidien hie oan de Spullen.
Clare Dennis ferstoar op 5 juny 1971, yn 'e âldens fan 55 jier oan de gefolgen fan kanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: