Springe nei ynhâld

Ametiststaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cinnyricinclus)
Ametiststaar

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiametiststaren (Cinnyricinclus)
Lesson, 1840
soarte
Cinnyricinclus leucogaster
Boddaert, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast
     briedfûgel

De ametiststaar of ametistprotter (Cinnyricinclus leucogaster) is in fûgelsoarte út de famylje protterfûgels (Sturnidae).

Twa mantsjes (Súd-Afrika).

De soarte is in frij lytse protter dy't 19 sm lang wurdt. De fûgel hat relatyf koarte wjukken, in middellange sturt, in dúdlike giele iris en fertoant in grut seksueel dimorfisme.

De boppekant en kiel fan it folwoeksen mantsje oant it boarst binne pearsblau mei in fiolette skimmer. It wyfke is op 'e boppedielen brún mei ljochten rânen oan 'e fearren. De ûnderkant fan it wyfke is wyt en hat brune plakken. De ametistspreeuw is oer it algemien frij stil.

De soarte libbet yn Afrika ûnder de Sahara en der wurde trije ûndersoarten erkend:

It habitat bestiet út bosk en by rivieren, mar ek út kultuerlân. Ametistprotters libje yn pearkes of lytsere groepkes.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ametiststaar yt fruit, beien, termiten en lytse ynsekten. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer ljochtblauwe aaien mei readbrúne plakken en wurdt yn tolve oant fjirtjin dagen útbret. Beide âlders fuorje de jonge fûgels oant se nei likernôch 21 dagen útfleane.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is grut, mar oannommen wurdt dat de soarte fanwegen de kap fan bosk yn oantallen ôfnimt mar net sa slim, dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearet de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e soarte, mar de fûgel wurdt omskreaun as algemien oant talryk yn it hiele ferspriedingsgebiet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: