Cinderella (Amerikaansk-Britske film út 2021)
| Cinderella | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Kay Cannon | |
| produsint | James Corden Leo Pearlman Jonathan Kadin Shannon McIntosh Irene Marquette | |
| senario | Kay Cannon | |
| basearre op | Jiskepûster fan Charles Perrault | |
| kamerarezjy | Henry Braham | |
| muzyk | Mychael Danna Jessica Weiss | |
| filmstudio | Columbia Pictures Fulwell 73 | |
| distribúsje | Amazon Studios | |
| spilers | ||
| haadrollen | Camila Cabello Nicholas Galitzine | |
| byrollen | Pierce Brosnan Idina Menzel Tallulah Greive Maddie Baillio Charlotte Spencer Minnie Driver Billy Porter | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 30 augustus 2021 | |
| foarm | lange filmmusical | |
| sjenre | romantyske komeedzje | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 113 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $95 miljoen | |
| opbringst | $42.494 | |
Cinderella is in Amerikaansk-Britske romantyske komeedzje út 2021 yn 'e foarm fan in lange jukeboxmusical mei pop- en rockmuzyk, basearre op it mearke Jiskepûster. De film waard regissearre troch Kay Cannon en de haadrollen waarden spile troch Camila Cabello en Nicholas Galitzine as Jiskepûster en de prins. De titel is de Ingelske foarm fan 'e foarnamme 'Jiskepûster'. De film jout in moderne, feministyske draai oan it bekende ferhaal fan it mearke. Cinderella waard omreden fan 'e koroanapandemy mar yn in beheind tal bioskopen útbrocht en waard fierders distribuëarre fia streaming. De film swile sadwaande yn 'e bioskopen mar in minime opbringst binnen. Fan 'e filmkritisy krige Cinderella foar it meastepart negative resinsjes.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cinderella, dy't eins Ella hjit, is in weesfamke dat yn 'e kelder wennet fan har âldershûs. Sûnt it ferstjerren fan har heit is dat eigendom fan har aaklike styfmem Vivian, dy't Cinderella oates en toates delhellet en har eigen foardochters, de leechhollige Malvolia en Narissa, foarlûkt. Nettsjinsteande dy minder as ideäle thússitewaasje hat Cinderella grutte takomstdreamen: se is in bejeftige naaister en wol in eigen kleanwinkel iepenje. It grutste obstakel op 'e wei dêrhinne is lykwols net har styfmem, mar it tradisjonalisme fan it keninkryk dêr't se wennet, in lân dêr't froulju de húshâlding berêde moatte en dêr't it ûnbesteanber is dat in frou in eigen bedriuw begjinne soe.
Underwilens wurdt de lanterfantsjende liddichgonger prins Robert, de erfgenamt fan 'e troan, troch syn heit, kening Rowan, ûnder druk set om te trouwen, sadat de dynasty fuortset wurde sil. Robert sit hielendal net te wachtsjen op in oarehelte dy't him yn syn frijheid beknotsje kin, en hy griist derfan om mei ien fan 'e houlikskandidates te trouwen dy't syn heit foar him selektearre hat. Dat binne nammentlik allegearre fuoililke fammen dy't inkeld útkeazen binne om't se prinsesse binne en de dynasty mear macht jaan sille troch in houliksbân mei in oare dynasty. Dêrom stiet er der by syn heit op oan om him tastimming te jaan en trou mei in boargerfamke.
Kening Rowan wol dêr earst net oan, mar Robert, dy't dochs al net bot longeret op 'e troan, driget om te wegerjen kening te wurden. Hoewol't syn jongere suster Gwen graach keninginne wurde wol en grôtfol sit mei goede ideeën foar har potinsjele regear, wol kening Rowan der neat fan witte dat der in frou op 'e troan komme soe. Dan soe de hikke fan 'e daam wêze – stel je foar: noch even en dan wolle froulju ek bedriuwen oprjochtsje. Dat, de kening hat gjin oare kar as om yn te stimmen mei de eask fan syn soan. Om Robert in boargerfamke as frou útkieze te litten, wurdt der in bal yn it keninklik paleis organisearre, dêr't alle jonge, net-troude froulju út it keninkryk foar útnûge binne. By de offisjele oankundiging fan dat bal sjocht prins Robert hoe't Ella bretaalwei op it stânbyld fan syn pake klimt om't se oars efteroan yn 'e minskemannichte neat sjen kin. Hy is fuortendaliks ferkocht en wit dat er syn oarehelte fûn hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Prins Robert nimt de momkape fan in 'gewoane man' oan (eins mear fan in seerôver, neffens syn lakei en freon Wilbur) om it foar him ûnbekende fanke fan it stânbyld incognito te moetsjen. Hy fynt Ella op 'e pleatslike merk, dêr't sy om 'e nocht ien fan har jûpen besiket te ferkeapjen. Nei't hysels dy jûpe oankocht hat, nûget er har út om mei him nei it oankommende keninklike bal ta, dêr't se oars net fan doel wie om hinne. Hy bepraat har om dochs te kommen. Neitiid brûkt Ella it jild fan har earste ferkeap om nije stoffen te keapjen, dêr't se oer in perioade fan wiken in jûpe foar harsels fan makket foar it bal.
Op 'e dei fan it bal sjocht har styfmem Vivian, dy't hopet ien fan har dochters oan 'e prins slite te kinnen, Ella yn har prachtige jûpe. Se beseft dat Malvolia en Narissa gjin inkele kâns meitsje sille om mei prins Robert te trouwen wannear't dyselde ienris Ella sjoen hat. Dat se ferrinnewearret Ella har jûpe troch der inket oerhinne te smiten en ferbiedt har styfdochter om nei it bal ta. Ella is djip teloarsteld, mar dy jûns, wannear't se sit út te gûlen, feroaret in flinter dy't se earder rêden hie fan in spin ynienen yn in fee. Om har te beleanjen foar har help feroaret de fee in kistke yn in rydtúch mei in span hynders en de trije múskes dy't Ella yn har kelder as húsdieren hâldt, feroaret se yn in koetsier en twa palfreniers. Dêropta nimt se in fantastysk ûntwerp foar in jûpe dat Ella op papier úttekene hat en feroaret dat yn in echte jûpe. En foar har fuotten jout se har glêzen slofkes. Ek makket de fee it sa dat inkeld de jonge dy't se op 'e merk troffen hat, har weromkenne sil. Se warskôget Ella dat de magy om midsnacht begjinne sil te ûntraffeljen.
Ella wurdt yn it rydtúch nei it paleis brocht, dêr't se fuortendaliks al oansprutsen wurdt troch keninginne Tatiana, in besykjend steatshaad, dy't bot wei is fan har jûpe. Sy freget har om in soartgelikense jûpe foar har te meitsjen, en se sprekke ôf om inoar de oare deis op 'e merk wer te moetsjen om te bepraten krekt hoe en wat. Ella is de wrâld te ryk. De prins fynt har werom, en nei't Ella bekommen is fan 'e skrik dat de jonge fan 'e merk nimmen oars as de prins is, nimt er har mei om har yn 'e kunde te bringen mei syn heit, kening Rowan, syn mem, keninginne Beatrice, en syn suster, prinsesse Gwen, dy't de jûpe blykt te dragen dy't hy earder op 'e merk fan Ella kocht hie. Ella fynt dat prachtich. Mar wannear't prins Robert har in houliksoansiik docht, moat se kieze tusken de karriêre fan har dreamen en de man fan har dreamen. Se wrakselet mei har antwurd, mar kiest úteinlings foar har karriêre. Dat komt de prins raar oer it mad, mar hy respektearret har kar nei't er him derfan bewissige hat dat sy like fereale op him is as hy op har. As de klok midsnacht slacht, hastiget Ella har halje-trawalje út it paleis wei om nei hûs.
De kening, dy't wegeret him by har ôfwizing fan syn soan del te lizzen, stjoert Wilbur efter har oan om har tsjin te kearen, mar Ella goait ien fan har glêzen slofkes nei de lakei, dy't dêrby nei eigen sizzen mar krekt oan 'e dea ûntkomt. Neitiid jout kening Rowan opdracht oan prins Robert om dat fanke werom te finen troch it slofke oan 'e fuotten te passen fan alle jonge net-troude froulju yn it keninkryk. Robert, dy't noch hoop hat om Ella foar him te winnen, begjint de oare moarns daliks oan syn syktocht.
Dyselde moarns makket har styfmem Vivian Ella dielgenoat fan har eigen bittere foarskiednis, wêrmei't se har oan it ferstân besiket te bringen dat it neijagen fan jins eigen dreamen foar froulju net te ferienigjen is mei it finen fan leafde en gelokkigens. Wannear't Vivian it oare glêzen slofke yn Ella har kelder omtommeljen sjocht, beseft se dat Ella de ûnbekende jongfaam wêze moat op wa't prins Robert syn sinnen set hat. Se besiket Ella te bepraten om har dreamen op te jaan en mei de prins te trouwen, mar Ella wegeret. Dêrop beslút Vivian har út te hylkjen oan Thomas Cecil, in folle âldere buorman dy't har earder in houliksoansiik dien hie. Underweis nei de tsjerke om te trouwen springt Ella lykwols út it rydtúch dêr't se mei Vivian en Thomas yn sit, en lit har by in heech talúd del rôlje om te ûntsnappen.
Op har flecht moetet se prins Robert, dy't har nei de merk ta bringt dêr't Ella ôfpraat hie mei keninginne Tatiana. Dyselde biedt oan om Ella mei te nimmen nei har eigen lân, dêr't se har persoanlike naaister wurde kin. Robert beslút syn troan op te jaan om mei Ella te gean, en tegearre fertelle se kening Rowan oer dy beslissing. De kening is krekt dyselde deis troch keninginne Beatrice yn 't sin brocht dat er oarmans leafde en dreamen net yn it paad stean mei, dat hoewol't dizze sitewaasje dúdlik net syn foarkar hat, leit er him der by del. It folk wurdt fannijs gearroppen by it paleis, dêr't de kening bekendmakket dat prins Robert ôfstân docht fan syn oanspraken op 'e troan en dat prinsesse Gwen de nije troanopfolchster is. Dat oant koartby noch ûntinkbere nijs is yn it keninkryk it begjin fan yngeande maatskiplike feroarings op it mêd fan 'e rjochten fan froulju, en nimmen dy't dêr wier rouwich om is.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Cinderella / Ella | Camila Cabello |
| prins Robert | Nicholas Galitzine |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| kening Rowan | Pierce Brosnan |
| styfmem Vivian | Idina Menzel |
| prinsesse Gwen | Tallulah Greive |
| Malvolia (styfsuster #1) | Maddie Baillio |
| Narissa (styfsuster #2) | Charlotte Spencer |
| keninginne Beatrice | Minnie Driver |
| de goede fee | Billy Porter |
| Wilbur | Jenet Le Lacheur |
| mûs #1 | James Corden |
| mûs #2 | James Acaster |
| mûs #3 | Romesh Ranganathan |
| keninginne Tatiana | Beverley Knight |
| de stedsomropper | Doc Brown |
| prinsesse Laura | Mary Higgins |
| Thomas Cecil | Rob Beckett |
| Hench | Fra Fee |
| Griff | Luke Latchman |
| prinsesse Nakai | Nakai Warikandwa |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cinderella waard regissearre troch Kay Cannon nei in senario fan harsels op basis fan it bekende mearke Jiskepûster fan 'e Frânske mearkeskriuwer Charles Perrault (1628–1703). As produsinten wiene James Corden, Leo Pearlman, Jonathan Kadin, Shannon McIntosh en Irene Marquette by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures en Corden syn Fulwell 73. Dêrmei wie Cinderella in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $95 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mychael Danna en Jessica Weiss. Mei't de film in jukeboxmusical is, binne de lieten fan ferskate bekende artysten oernommen.

Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Cinderella setten yn febrewaris 2020 útein en duorren oant yn septimber fan dat jier. Dat wie net hoe't it pland wie, mar it filmjen moast yn maart stillein wurdt troch it útbrekken fan 'e koroanapandemy en koe pas yn augustus ferfette wurde. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn it filmstudiokompleks fan 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. De sênes bûtenom it keninklik paleis fan kening Rowan waarden filme op lokaasje op it lângoed Waddesdon Manor, ek yn Buckinghamshire.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Cinderella soe oarspronklik fersoarge wurde troch Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan filmstudio Columbia Pictures. Mar om't de koroanapandemy in normale bioskooprelease ferhindere, besleat Sony de distribúsjerjochten op 'e film yn maaie 2021 oan 'e Amazon Studios te ferkeapjen.
De film gie dêrnei op 30 augustus 2021 yn it Greek Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene op 3 septimber fan dat jier yn in tige beheind tal Amerikaanske bioskopen. Fanwegen de lockdowns en oare beheinings oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy wie de fertoaning yn 'e bioskopen eins inkeld bedoeld om 'e film as spylfilm te kwalifisearjen foar prizen as de Oscars en de Golden Globes. Foar de eigentlike distribúsje om opbringst te generearjen, waard ynset op streaming fia Amazon Prime Video.
It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 3 septimber 2021 by platemaatskippij Sony Classical. Cinderella waard op 21 juny 2022 troch Sony Pictures útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Cinderella foar it meastepart negative resinsjes. Sa wie Courtney Howard yn it tydskrift Variety kritysk oer in protte fan 'e kreätive karren dy't foar de film makke wiene. As pinepunten neamde se û.o. it ûngelikense tempo en de skokkerige karakterûntwikkeling. Se konkludearre dat Cinderella in "midsmjittige musical" wie en fûn dat de film sawol "ûnderûntwikkele" wie as "te fol siet". Op 'e webside ComingSoon.net wie Jonathan Sim mylder. Hy skreau oer Cinderella: "It is in hieltyd sjarmanter wurdende ynfalshoeke op in romantysk ferhaal, en der sitte leave, romantyske mominten fersille troch de hiele film hinne, sels al is der net folle dat jin noch net earder sjoen hawwe."

Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte Cinderella 3 fan 4 stjerren ta. Hy priizge benammen de aktearprestaasje fan haadrolspylster Camila Cabello, dy't neffens him "echt in talint foar komeedzje" hie. De film sels hie neffens him in "fleurige, opteine, libbene en sentimintele styl, ôfmakke mei humor en foltroppe mei bekende en oansprekkende popdeuntsjes dy't in lyts bytsje oanpast binne om mei de ferhaalline oerien te kommen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Cinderella in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 135 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze it meisjongen wurdige [ferzje fan] Cinderella sprinzget wat modern feeëstof oer it faak fertelde ferhaal, mar dof aktearwurk en knoffelige dialooch meitsje dat it sjen gauris oanfielt as in put dy't ôfwurke wurde moat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Cinderella ek in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 30 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cinderella brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan net mear as $42.494 yn 't laadsje. Dat betsjut dat yn 'e bioskoop fan 'e produksjekosten fan $95 miljoen frijwol neat weromfertsjinne waard, en dan binne de marketingkosten noch net iens meirekkene. Mar de reden dêrfoar wie net dat der gjin belangstelling foar de film wie by it bioskooppublyk, mar dat der omreden fan 'e lockdowns en oare beheinings oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy keazen wie foar in distribúsjestrategy dy't him talei op it oan 'e man bringen fan 'e film fia streaming media. Cinderella wie de meast streamde filmmusical fan 2021.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske romantyske komeedzje
- Amerikaanske filmmusical
- Britske romantyske komeedzje
- Britske filmmusical
- Komeedzjefilmmusical
- Romantyske filmmusical
- Jukeboxmusical
- Ingelsktalige film
- Film fan Columbia Pictures
- Film fan Amazon MGM Studios
- Film fan Kay Cannon
- Film út 2021
- Film oer pleechsoarch
- Film oer in wees
- Film oer susters
- Film oer memmen en dochters
- Film oer heiten en dochters
- Film oer heiten en soannen
- Film oer in prinsesse
- Film oer in monarch
- Film oer in feest
- Film oer feeën
- Film oer winskferfolling
- Film oer stalferwikseling
- Film oer tsjoenderij
- Film oer feminisme
- Film basearre op Jiskepûster