Springe nei ynhâld

Christian Peter Hansen

Ut Wikipedy
C. P. Hansens fan C.L. Jessen (1882)
Hansens grêfstien yn Keitum

Christian Peter Hansen (Westerland, 28 augustus 1803 - Keitum, 9 desimber 1879), faak bekend as C.P. Hansen yn de literatuer, wie in Noardfryske learaar, tekener en kronykskriuwer fan it eilân Söl.

C.P. Hansen wie de soan fan koster en navigaasje-ynstrukteur Jap Peter Hansen, dy't bydroegen hat oan 'e ûntwikkeling fan 'e Noardfryske literatuer mei de publikaasje fan it toanielstik Der Geitzhals auf der Insel Silt (1809). Hy wenne fan 1820 ôf yn Keitum. Christian Peter Hansen wie learaar oan 'e doetiidske basisskoalle yn Keitum. Doe't er noch jong wie sammele er tal fan leginden, ferhalen en mearkes fan it eilân. Syn kolleksje oer de skiednis en kultuer fan it eilân Söl waard al gau lanlik bekend. Korrespondinsje mei Theodor Storm lit sjen dat er Storm op syn fersyk tal fan notysjes oer de leginden fan Söl tastjoerde.

Hansen wie ien fan 'e wichtichste propagandisten fan it biedwurd Lewer duad üs Slaaw ('Leaver dea as slaaf'), dat er sûnt 1845 yn syn wurken brûkte. Yn 1856 ferskynde syn Chronik der friesischen Uthlande, wêryn't er hawwe woe dat de Friezen it biedwurd al yn 1252 brûkt hiene yn de Slach by Oldenswort. Dêrfoar is gjin oertsjûgjend bewiis. De legindaryske figuer dy't hy útljochte, Pidder Lüng (Lange Peter fan Hörnum), komt ek net oerien mei in histoaryske persoan. Syn samling leginden wurdt kritysk besjoen troch folkloristen, om't in protte dêrfan troch himsels betocht binne.

Yn 1859 waard syn boek Wegweiser für Badende in Westerland ('Gids foar badgasten yn Westerland') publisearre; dat wurk kin beskôge wurde as de earste reisgids foar de noch jonge baaikultuer op it eilân Söl. Tal fan oare wurken en publikaasjes oer de skiednis en kultuer fan it eilân folgen, dêrom wurdt C.P. Hansen noch altyd beskôge as de wichtichste kronykskriuwer fan it eilân Söl. Derneist wie Hansen ien fan 'e nije yntrodusearders fan 'e ieuwenâlde tradysje fan "Biikebrennen".

Yn 1869 die Hansen mei oan de Yndustrytentoanstelling fan Sleeswyk-Holstein yn Altona, dêr't er moai breidwurk presintearre. Sadwaande droech er by oan it populêr meitsjen fan dit Syltske ambacht. Hy stelde ek stikken út syn fossilekolleksje en buksus-trigonometryskalen tentoan dy't troch syn heit makke wiene, en krige in brûnzen medalje foar syn bydragen oan de útstalling.

Hy swalke oer syn berte-eilân Söl, tekene en makke tal fan lytse skilderijen fan lânskippen en seegesichten. Guon dêrfan waarden litografyen fan makke om oan toeristen te ferkeapjen.

Hansen syn eardere hûs yn Keitum is no it Aldfrysk Hûsmuseum (Altfriesisches Haus), dat tsjûget fan 'e kultuer fan dy tiid en dêr't ek tal fan oerbliuwsels fan 'e kronykskriuwer te finen binne.

  • Die Insel Sylt in geschichtlicher und statistischer Hinsicht (1845)
  • Chronik der friesischen Uthlande (1856)
  • Friesische Sagen und Erzählungen (1858)
  • Der Fremdenführer auf der Insel Sylt. Ein Wegweiser für Badende in Westerland. (1859, fannijs printe 1980)
  • Der Sylter-Friese. Geschichtliche Notizen, chronologisch geordnet […] (1860)
  • Altfriesischer Katechismus in der Sylter Mundart […] (1862)
  • Das schleswig'sche Wattenmeer und die friesischen Inseln (1865)
  • Der Badeort Westerland auf Sylt und dessen Bewohner (1868) pdf u. útjefte fan 1870
  • Sagen und Erzählungen der Sylter Friesen […] (1875)
  • Die inselfriesischen Halfjunkengänger und deren Thaten und Abenteuer (1875)
  • Dörte Ahrens, Albert Panten, Omme Wilts: C. P. Hansen. Ein Leben auf Sylt. Husum 2014, ISBN 978-3-89876-766-8
  • Deppe, Frank: Christian Peter Hansen, yn: ders.: Sylter Originale; 64 S.; Die kleine Sylt-Edition im Selbstverlag des Verfassers, Sylt 2006, s. 35-37.
  • Hansen, Christian Peter: Wegweiser für Badende in Westerland. Schleswiger Verlagshaus, Schleswig 1980 (printe yn 1859).
  • Wedemeyer, Manfred: C. P. Hansen – der Lehrer von Sylt. Schleswiger Verlagshaus, Schleswig 1982 ISBN 3-88242-070-7

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: